Nijsberjochten fan en oer it StUFT

We binne wer begûn!

It seizoen is wer begûn en dat merke wy! It is smoardrok op ús steunpunt en it kin dêrom even duorje foardat der in reaksje komt. Gjin noed, wy maile sa gau mooglik werom! Wolle jimme in stik digitaal om sels te printen foar de spilers? Dat kin! Dan stjoere wy in link dêr’t it stik (in beheinde tiid) fan te downloaden is. Foar it ein fan it jier binne alle stikken yn ús katalogus ek daliks online te keapjen en te downloaden.

Ienakterfestival by Tryater

Op 20 en 21 maart is it safier yn it Tryatergebou: it Ienakterfestival by Tryater yn Ljouwert!

Keapje hjir dyn kaarten mei stapelkoarting en belibje fiif spesjaal hjirfoar skreaune ienakters, spile troch seis amateurferieningen en twa gearstalde groepen.
De stikken wurde allegearre útfierd op in passende lokaasje yn ús gebou.

Benijd nei wa, wat en wêr? Sjoch dan hjirûnder nei it blokkeskema! StUFT sil aldizze stikken opnimme yn it nije repertoire foar it teaterfjild yn Fryslân.

 

Presintaasje nije stikken fan de kursus Jûnfoljend stik skriuwe fan Keunstwurk

Op 17 oktober presintearje de kursisten fan de kursus “Jûnfoljend stik” harren wurk. Ut it stik wurde ek ien of twa sênes spile.

Der ek by wêze? Dat kin, want elke skriuwer wol fansels ek publyk! Oanmelde kin fia dizze link.

Petysje Meeuw

Meeuw Jonge Theatermakers is al goed 35 jier it briedplak fan jong teätertalint yn Fryslân. Sûnder subsydzje fan de provinsje driget dit bysûnder plak te ferdwinen.

Tekenje dêrom de petysje om de Provinsje Fryslân te freegjen alles yn it wurk te stellen om sluting fan Meeuw foar te kommen en just in essinsjeel ûnderdiel fan it Fryske teater yn stân te hâlden.

Meeuw - neat kin út neat ûntstean

Meeuw – neat kin út neat ûntstean

It Bûtenboarterswykein 2025

Sneon 12 en snein 13 july 2025 is elk wolkom op buorkerij “De Omlieding” yn Feanwâlden foar de fjirde edysje fan It Bûtenboarterswykein fan Keunstwurk.

Dit unike wykein bringt teatermakkers, akteurs, regisseurs, dosinten en oare fanatikelingen dy’t har mei teäter dwaande hâlde, byinoar, om te spyljen, learen en kampearjen.

Dit jier is it tema Maskers & Mystearje. It daget dy út om dyn kreativiteit en ferbylding te brûken. Lear hoe’tst dysels transformearje kinst, net allinne mei wurden, mar mei dyn hiele lichem en enerzjy. Untdek dêrnei hoe’tst dyn masker ôfset en yn kwetsberheid dysels sjen litst.

Praktyske ynformaasje:

Foar wa: Teäterdosinten, akteurs, regisseurs, senografen, skriuwers ensfh. dy’t wurkje binne yn it (amateur)teaterfjild yn Fryslân
Data: sneon 12 en snein 13 july 2025
Tiden: sneon 13 july 09:15 oere oant snein 14 july 13:00 oere
Lokaasje: middenyn natuergebiet It Bûtenfjild by Feanwâlden op de idyllyske buorkerij “De Omlieding”.
Kosten: € 95, – (All inclusive en gehiel fersoarge – Wol sels tinte + sliepspullen meinimme) + krijst in faktuer, dus de BTW kinst weromfreegje as ZZP’ er.

Oanmelde en mear ynformaasje: hjir!

Toanielstikken diels yn te sjen

It oanfreegjen fan sichtboekjes om in idee te krijen fan it stik is meikoarten net mear altyd nedich. Ek wy wurkje hurd oan it digitalisearjen fan ús repertoire en wolle it jimme fansels sa maklik mooglik meitsje om in moai stik te finen.

Foar de nijste stikken (útjûn fan ein 2024 ôf) binne neist de beskriuwing en gearfetting fan it stik, no ek de earste 10 of sa siden as online PDF te lêzen. Dat jout alfêst in yndruk, en kin helpe by it meitsjen fan in goede kar!

Wolst dochs it hiele stik lêze? Dan kinst op de knop “Dit stik oanfreegje” klikke … of kom gesellich del by it loket by Keunstwurk! De iepeningstiden dêrfan binne te finen by Oer ús.

Opleiding regisseur yn it amateurteäter – eksamenstikken te besjen

Njoggen kursisten fan de oplieding regisseur yn it amateurteäter slute harren twadde jier ôf mei it regissearjen fan in ienakter fan likernôch tritich minuten. De presintaasjes fan de ienakters binne op sneon 28 en snein 29 juny yn De Bidler yn Wergea. De foarstellings binne gratis te besjen.

Hjirûnder it spylskema fan de ienakters – in miks fan Frysktalich en Nederlânsktalich toaniel. En wa wit sjogge we dizze talinten meikoarten werom by ús selskippen!

 

Sneon 28 juny

15.00 oere – Nynke Arendz – Wêr giet dit oer? (Wim T. Schippers)
15.45 oere – Folkert Kusters – Dieretún (Edward Albee)
16.30 oere – Gretha Andela – De krante is hjoed let (D. Velthuis)
20.00 oere – Berber Aardema – De toneelnachtmerrie (Christopher Durang)
20.45 oere – Githe van der Meulen – Vleugels van Verschil (Zwaan en kraai, Karin Idzenga)
21.30 oere – Richt Bouma – Eindland (Jibbe Willems)

Snein 29 juny

15.00 oere – Nynke Brands – Tweestrijd (Nicolet Steemers/Corine Hartman)
15.45 oere – Tom Koopen – Allerzielen (Toneelgroep het Volk)
16.30 oere – Anna Wolters – Fisk

It loket: Lian stelt har foar

Graach stel ik mysels even foar! Myn namme is Lian Hamstra en sûnt koart wurkje ik by Keunstwurk as kreatyf produsint. StUFT is ien fan de ûnderdielen dêr’t ik my mei dwaande hâld. Ik soargje derfoar dat de bestelde boekjes ferstjoerd wurde en dat alles netsjes byhâlden wurdt. Ek ferstjoer ik de faktueren. Fragen oer repertoire en oare ynfo kommunisearje ik mei it bestjoerslid fan StUFT dat har hjirmei dwaande hâldt.
Ik bin 30 jier en wenje yn Ljouwert. Sûnt ik by Keunstwurk wurkje, doch ik myn bêst om myn Frysk by te spikerjen – dus ast my ris yn it Frysk oansprekke wolst, gean foaral dyn gong!
Wolst delkomme? Meitsje dan foarôf efkes in ôfspraak troch te mailen nei stuft@keunstwurk.nl.
Jim binne fan herte wolkom foar in bakje kofje, om boekjes yn te sjen of gewoan om efkes by te praten.
Myn reaksjetiid is yn ’e regel binnen trije wurkdagen, mar omdat ik allinnich op tiisdei, woansdei en tongersdei wurkje, kin it soms wat langer duorje.
Foar ynhâldlike fragen oer StUFT of toanielstikken kinst terjochte by Anja Steegstra, bestjoerslid advys fan StUFT. Ik hâld my foaral dwaande mei de bestellingen, sichtsinsingen en faktuerearring.
Hast noch fragen? Lit it my rêstich witte!

Iepen Doek – regeling rjochtenfrij spylje mei in jier ferlinge

Selskippen kinne it kommende toanielseizoen (2024-2025 EN 2025-2026!!) sûnder ôfdracht fan auteursrjochten fiif jûnfoljende stikken opfiere dy’t skreaun binne yn it ramt fan Iepen Doek:

Anja Steegstra – Tusken East en West
Tsjerk Bottema – Rânelan
Tet Rozendal – De beuk deryn
Karin Idzenga – Fûgels om ‘e toer
Peter Sijbesma – Drama yn Lutjelollum

Foar mear ynfo en om de teksten oan te freegjen, stjoer in mailtsje nei: ynfo@stuft.nl