De Beam
Om in rûnwei oan te lizzen om it doarp Wytsum moat in âlde beam kapt wurde.
Extinction Rebellion Fryslân wol in aksje organisearje om de beam te rêden.
Ek Sjoerd, dy’t wennet op de pleats dêr’t de beam by heart, wol de plannen tsjinhâlde, en lit him mei aktiviste Vlinder fêstbine om de beam. Syn heit kin net wachtsje oant de beam om giet en is poer as er sjocht dat syn eigen soan syn plan tsjinhâldt.
Mar wêrom is syn heit sa foar it plan? En kin pake Willem helpe?

