Ald mei nij

De Herfoarme en de Grifformearde Tsjerke yn Westersee binne fusearre. Sa as op wol mear plakken is net eltsenien gelokkich mei de nije situaasje. As de pastorije ôfbaarnd, krekt foar de komst fan de nije dûmny, wit Sibrich dy’t yn it ferline kosteres wie fan de Grifformearde Tsjerke wat se moat: ûnder har lieding wurdt it wer sa’t it ienris wie. Se set om sa te sizzen de klok jierren efterút. Dat dit spanningen jout, benammen by de tige moderne foarsitster fan de tsjerkerie, mei dúdlik wêze. Oare spanningen binne der ek genôch: Wiebe Tingel en Jacob Lapke dogge alle war om wat oan de brân te fertsjinjen, Murk – de man fan Sibrich – hellet de âlde bannen mei de pastoar oan, Nagelhaan – fersekeringsman – is derfan oertsjûge dat de brân oanstutsen is. Al mei al binne der in protte problemen yn de tsjerklike mienskip fan Westersee.
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: Ald mei nij
Skreaun yn: 2008
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2010-06-17
Dekor: Wenkeamer, âlderwetsk ynrjochte
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 7