De Boumaster fan de Aldehou

Ljouwert hat gjin toer, wylst doarpen as Huzum, Jelsum en Goutum dy wol ha. Foaral foar de stêd Grins oer kin Ljouwert fansels lang net meidwaan. As der dan ek noch in pear Grinzers de ynwenners fan Ljouwert hjir de gek mei oanstekke is de hikke fan de daam en wurdt der fan alles oan dien om yn Ljouwert ek in toer te bouwen. Boumaster Van Aken kriget de opdracht en dizze beneamt Feike Gerlofs, dy't fereale is op dochter Nynke, as mastersfeint. Mar ek Rindert Koopmans, in boarger dy't nochal wat yn de molke te krommeljen hat, ek oangeande de toer, sjocht wol wat yn Nynke. Reinou, de wiersister, seit dat de toer ieuwen en ieuwen stean sil, mar oars, oars... Under in trelit op 'e bou falt Koopmans Nynke lestich en slacht Van Aken, dy't tuskenbeide komt him mei in hammer op 'e kop, Koopmans is dea. Van Aken wurdt ta de dea feroardiele mar it folk komt yn ferwar, en mei troch dat ûnder in tongerbui de toer skeef sakket, wat neffens Reinou in oardiel is, wurdt van Aken wer frijlitten. Feike kriget syn Nynke. Kommintaar: In iepenloftspul wat nochal wat freget oan organisaasje, in protte spilers en figuranten, in soad technyk, dekorbou en sa mear. Fierder is it wol in spylber stik en net al te dreech wat de rollen oanbelanget. De rolfiguren binne net útwurke. Der wurdt sawol Frysk, Grinzers, Ljouwters, Flaamsk as Hollânsk yn sprutsen, ek komt der sjongen, dûnsjen en muzyk yn foar. It is in datearre stik dat ek noch ris folstiet mei regy-oanwizingen, dy't oan de iene kant in soad dúdlik meitsje. mar ek wol ris oerkomme as soe in regisseur har/him der sels net mei rêde kinne. GD
Skriuwer(s): MOLEN, S.J.v.d. en Piter Terprstra
Titel: De Boumaster fan de Aldehou
Skreaun yn: 19??
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-07-08
Dekor: in toer, mei oan wjerskanten in poadium; grut tal figu.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 10