Rjochtdei

Op in rjochtdei kaam faak in protte folk ôf, benammen as der wat belangryks oan 'e oarder wie. Wer't minsken binne kin wat fertsjinne wurde en dus wie ek allerhande merkefolk oanwêzich. It wie in bûnt selskip dat de strjitte folle. Yn ôfwachting fan de sitting en de útspraak fermakken de minsken harren poerbest. Dêrfan wurdt in fleurich byld jûn. Dêrneist wurdt preludearre op it drama dat folget. De grytman hat it net maklik. Hy moat, nei't er in pear net sa wichtige saken ôfhannele hat, kieze tusken rjochtfeardichheid en de grime fan it folk. Yn 'e 17e ieu kenden de gritenijen it saneamde Nederrecht. De grytman bestjoerde syn gemeente en wie tagelyk rjochter. Hy waard bystien troch in siktaris, de assessoren, de bysitters (meastentiids twa), in eksekuteur en in fiskaal. De gritenijrjochtbank koe lytse saken bahannelje, dy't te meitsjen hienen mei it eigendomsrjocht, tabrochte skea, mislediging en stellerij. Der waarden hast gjin frijheidsstraffen oplein, mar der waarden wol boeten en liifstraffen útdield. Fan de boeten wie in part foar de gritenij en in part foar de grytman sels. De liifstraffen bestienen út giseljen, brânmerken of te kaak stellen. Foar slimme gefallen, moard, brânstichting, ensfh. waarden de fertochten trochstjoerd nei it Hôf fan Fryslan yn Ljouwert. (Boarne: Fryslans ferline, D. Kooistra en H. Oldenhof)
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: Rjochtdei
Skreaun yn: 2009
Utjoen yn: 2009
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2015-07-07
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 10
Tal manlju: 10