Nijs

Toanielstikken diels yn te sjen

It oanfreegjen fan sichtboekjes om in idee te krijen fan it stik is meikoarten net mear altyd nedich. Ek wy wurkje hurd oan it digitalisearjen fan ús repertoire en wolle it jimme fansels sa maklik mooglik meitsje om in moai stik te finen.

Foar de nijste stikken (útjûn fan ein 2024 ôf) binne neist de beskriuwing en gearfetting fan it stik, no ek de earste 10 of sa siden as online PDF te lêzen. Dat jout alfêst in yndruk, en kin helpe by it meitsjen fan in goede kar!

Wolst dochs it hiele stik lêze? Dan kinst op de knop “Dit stik oanfreegje” klikke … of kom gesellich del by it loket by Keunstwurk! De iepeningstiden dêrfan binne te finen by Oer ús.

Opleiding regisseur yn it amateurteäter – eksamenstikken te besjen

Njoggen kursisten fan de oplieding regisseur yn it amateurteäter slute harren twadde jier ôf mei it regissearjen fan in ienakter fan likernôch tritich minuten. De presintaasjes fan de ienakters binne op sneon 28 en snein 29 juny yn De Bidler yn Wergea. De foarstellings binne gratis te besjen.

Hjirûnder it spylskema fan de ienakters – in miks fan Frysktalich en Nederlânsktalich toaniel. En wa wit sjogge we dizze talinten meikoarten werom by ús selskippen!

Sneon 28 juny

15.00 oere – Nynke Arendz – Wêr giet dit oer? (Wim T. Schippers)
15.45 oere – Folkert Kusters – Dieretún (Edward Albee)
16.30 oere – Gretha Andela – De krante is hjoed let (D. Velthuis)
20.00 oere – Berber Aardema – De toneelnachtmerrie (Christopher Durang)
20.45 oere – Githe van der Meulen – Vleugels van Verschil (Zwaan en kraai, Karin Idzenga)
21.30 oere – Richt Bouma – Eindland (Jibbe Willems)

Snein 29 juny

15.00 oere – Nynke Brands – Tweestrijd (Nicolet Steemers/Corine Hartman)
15.45 oere – Tom Koopen – Allerzielen (Toneelgroep het Volk)
16.30 oere – Anna Wolters – Fisk

It loket: Lian stelt har foar

Graach stel ik mysels even foar! Myn namme is Lian Hamstra en sûnt koart wurkje ik by Keunstwurk as kreatyf produsint. StUFT is ien fan de ûnderdielen dêr’t ik my mei dwaande hâld. Ik soargje derfoar dat de bestelde boekjes ferstjoerd wurde en dat alles netsjes byhâlden wurdt. Ek ferstjoer ik de faktueren. Fragen oer repertoire en oare ynfo kommunisearje ik mei it bestjoerslid fan StUFT dat har hjirmei dwaande hâldt.
Ik bin 30 jier en wenje yn Ljouwert. Sûnt ik by Keunstwurk wurkje, doch ik myn bêst om myn Frysk by te spikerjen – dus ast my ris yn it Frysk oansprekke wolst, gean foaral dyn gong!
Wolst delkomme? Meitsje dan foarôf efkes in ôfspraak troch te mailen nei stuft@keunstwurk.nl.
Jim binne fan herte wolkom foar in bakje kofje, om boekjes yn te sjen of gewoan om efkes by te praten.
Myn reaksjetiid is yn ’e regel binnen trije wurkdagen, mar omdat ik allinnich op tiisdei, woansdei en tongersdei wurkje, kin it soms wat langer duorje.
Foar ynhâldlike fragen oer StUFT of toanielstikken kinst terjochte by Anja Steegstra, bestjoerslid advys fan StUFT. Ik hâld my foaral dwaande mei de bestellingen, sichtsinsingen en faktuerearring.
Hast noch fragen? Lit it my rêstich witte!