Fûl

Fjouwer pubers hawwe in fêste stek -"bunker" neamd- om harren frije tiid troch te bringen. Sa't it giet ûnder pubers wurdt der praat oer brommers, draait men lûde muzyk, drinkt men bier en fertelle "de mannen" stoere ferhalen oer "de froulju". Ien fan harren leit der wat út; hy is beskieden, gjin macho-type. Fansels wurdt sa'n jonge pleage en útdage troch syn maten. Yn'e rin fan de hanneling fielt men dat dit op in konflikt útdraaie moat. As dizze jonge op in stuit in opmerking makket oer de relaasje fan ien fan de oaren mei in famke is de reaksje in died fan geweld. Yn de slotsêne bliuwt de dieder allinne efter op it toaniel en stelt himsels de fraach: hoe hat it safier komme kinnen?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BREIMER, Sibylla
Titel: Fûl
Skreaun yn: 1998
Utjoen yn: 1998
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-14
Dekor: yn en bûten de bunker
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 4