Hâldsto fan my?
It kluphûs fan in tennispark. Trije freondinnen flechtsje foar in tongerbui. Al rillegau sitte se oan de wite wyn en komme de tongen los. Ien fan harren fertelt oerémis dat sy en har man einlings by elkoar wei sille neidat harren houlik op in dea spoar bedarre is. It frije leven lokket! Har man reizget mei syn nije flam foargoed ôf nei Amearika. Mar dan stiet de nije flam harren ynienen foar de noas. De reis is op 't lêste momint ôfblaasd. De reden dêrfan wurdt stadichoan dúdlik. Oanwakkere troch de drank komme, ta ferbjustering fan de oaren, amoereuze ferhâldingen oan it ljocht. Gefoelens binne as in toverbal, soms read fan lilkens, soms blau fan berêsting, dan wer grien fan jaloezy. Leafde, lef en leagens wikselje elkoar ôf. Wat is der nei hjoed noch oer fan de freonskip?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SWANEVELT, Ineke |
Titel: | Hâldsto fan my? |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Hou je van mij? |
Ynfierdatum: | 2015-01-16 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 0 |