It toverspegeltsje

It stikje bestiet út twa helten. Yn de earste helte wurdt ferteld hoe't de tredde soan, neidat it de earste en twadde net slagge is, de prinsesse oan it laitsjen kriget. Dêrtroch rekket de fiskbonke út har kiel en kin se wer prate. Durk soe no wol mei de prinsesse trouwe kinne, mar hy moat it bewiis fan syn kinnen jaan om sjen te litten, dat hy foar de prinsesse de wiere Durk is. Hy moat fiif siken, dêr't alle dokters mei oan binne, wer better meitsje. Dat slagget him, troch de siken wiis te meitsjen dat ien fan de fiif opoffere wurde moat om de oare fjouwer fan har kwaal ôf te helpen. Op slach binne se alle fiif wer better, want gjinien wol foar de oare opoffere wurde. Sa kinne Durk en de prinsesse trouwe.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KOOPMANS, Sjouk en Dam Jaarsma
Titel: It toverspegeltsje
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-19
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 16
Tal manlju: 16