Om te stellen sa leaf

David Warren, in jongfeint fan om en de by de tweintich jier, wennet mei in butler yn in lúks appartemint yn it djoere part fan Londen. Hy is ferloofd mei in famke út in rike famylje, mar is sels ôfhinkelik fan in rike omke. Op in nacht betrapet er in ynbrekster, dy't him wit oer te heljen har net oan te jaan by de plysje. De deis dêrop komt der in resersjeur om ynljochtingen, omdat der dy nacht op trije plakken yn'e flat ynbrutsen is en der gâns kostbere sieraden stellen binne. Dat stellen guod jout fansels de nedige problemen. De ynbrekster makket lykwols safolle yndruk op David, dat er mei twa fuotten yn ien hoas komt te sitten. Hy is ommers fersein oan in oar. Dit probleem lost him hast fansels op, as de ferloofde de wiiste wei kiest en frij paad makket foar de oare.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): POPPLEWELL, Jack
Titel: Om te stellen sa leaf
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Hoekstra, Gerrit
Oarspr. Titel: Dear delinquint
Ynfierdatum: 1998-06-03
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 5