Sa troud, sa frijfeint
Rudmer Wiersma seit tsjin syn frou dat de saken finansjeel min geane en se net fakânsje hâlde kinne. Dat is foar frou Minke oanlieding om pensjongasten te nimmen om sadwaande fakânsjejild binnen te krijen. Jorrit Hettinga, in freon fan de Wiersma's, hat ûnderweis nei harren ta in liftster meinommen en dy wysmakke dat hy fabrikant Wiersma is. Dy liftster is fansels ien fan de pensjongasten. As Jorrit har dêr oankommen sjocht, besiket er it uterste om Rudmer en Minke mei te krijen om him foar Rudmer trochgean te litten. Hy rêdt it op, mar dan komme de problemen. Wêr moat Jorrit sliepe en hoe moat Rudmer him hâlde en drage foar de gasten oer? In blijspul mei persoansferwikselingen en misferstannen, dêr't Rudmer syn broer Tsjerk, tsjinstfaam Boukje en pensjongaste Nynke ek net swak yn byspylje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | PIETERS, Karst |
Titel: | Sa troud, sa frijfeint |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 4 |