Peardûns
Yn 10 sênes treffe 10 persoanen inoar foar in 'peardûns'. Sêne 1 - de hoer en de soldaat sêne 2 - de soldaat en it keamerfamke sêne 3 - it keamerfanke en de jonge hear ( sêne 4 - de jonge hear en de jonge (troude) frou sêne 5 - dizze frou en har man (it echtpear dus yn de sentrale sêne) sêne 6 - de man en it 'leave (tige jonge) famke' sêne 7 - it jonge famke en de dichter sêne 8 - de dichter en de aktrise sêne 9 - de aktrise en de graaf sêne 10 - de graaf en it hoertsje út de earste sêne. Yn eltse sêne giet it om it ta wurkjen nei 'de died', mar noch folle mear wurde hjirtroch de ferskate sosiale miljeu's bleat lein. De hâlding fan de figuer foar de seksualiteit oer is typysk foar har of syn stân en maatskiplike posysje. Hast alle personaazjes besykje harren eroatyske motiven moreel, esthetysk of yrrasjoneel wei te stopjen. De masterlike dialooch leit dat spul yndirekt bleat. NB De sênes soene ek apart, as ienakter, spile wurde kinnen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHNITZLER, Arthur |
Titel: | Peardûns |
Skreaun yn: | 1900 |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Oldenhof, Bouke (bew.) |
Oarspr. Titel: | Reigen |
Ynfierdatum: | 1998-04-19 |
Dekor: | ferskate dekors |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 5 |