Libjend apart tegearre

Heit en mem sille byelkoar wei omdat heit mear each hat foar syn wurk as foar mem. Dêrom wol mem op harsels wenje en no helpe se - elk op eigen wize - allegearre mei om dy hierwente op te knappen en yn te rjochtsjen. Mar mem slokt net alles mear en wol har eigen saakjes regelje; ek de kûle dy't har man besiket te graven troch in goekunde fertelle te litten hoefolle gefaar allinnewenjende froulju rinne, falt se net yn. Tegearre mei buorfrou oan 'e sherry en de skoandochter dy't har ferpraat en alles wurdt sa klear as in klûntsje: de jongelju wolle graach yn 't hûs en heit wol syn brijsieder graach werom ha, mar allegearre hawwe se te min rekken hâlden mei wat mem sels wol!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KLAZINGA, Bertus
Titel: Libjend apart tegearre
Skreaun yn: 1994
Utjoen yn: 1995
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-04-19
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3