Tutte
'Tutte' is de dochter dêr't alles om draait; sintraal op it toaniel leit se op bêd, mem oan de iene, heit oan de oare kant dernjonken. By 't begjin liket it oft Tutte deasiik is en oer har hinne begjinne heit en mem inoar ferwiten te meitsjen en te tsieren oer hoe ferkeard as de oare mei it famke omgong is. Elk hat yn har it ideale bern sjoen om mei te pronkjen, itsij as musicalstjêr, itsij as fuotbalster... Wat harren dochter sels wol, liuwetemster wurde, wolle beide âlden gjin praat fan hearre. As se der fan oertsjûge binne dat Tutte stoarn is, dan noch kreauwe har âlden en dan, ynienen, is 't of stiet harren dochter út 'e dea op en dan begjint de striid om de macht op'e nij, mar dan wol yn in omkearde sitewaasje: Tutte nimt it heft sels yn hannen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ROOD, Lydia |
Titel: | Tutte |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1998 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Doetje |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 1 |