Unferwacht treffen
Trije stellen sitte te iten, apart oan trije tafeltsjes. Wy folgje hyltyd it petear per tafel. It docht bliken dat Jaap en Siem elkoar kenne fan Doarpsbelang en sa te hearren sit der nochal wat âld sear oer en wer. Jaap is kweker en leveret alle jierren plantsjes oan Doarpsbelang foar de fersiering fan it doarpsplein. Siem is bestjoerslid fan Doarpsbelang en fynt Jaap mar in minne kweker. Jaap lykwols hat it oer Siem, it bestjoerslid dat altyd wat te mekkerjen hat. En dan Pee, waans frou Monique alle jierren foar de plantsjes op it plein soarget. Hy fynt dat syn frou te min wurdearring kriget fan it bestjoer. Allegear argewaasje dus, mar as de trije mannen elkoar even letter treffe om 't se nei it húske moatte, dan is der fan lekskoaien gjin sprake mear: Jaap is in bêste kweker en Siem is in topbestjoerder. Se prate ôf dat se nei it húskebesyk de trije tafels gesellich tsjinelkoar skowe..Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SLOTBOOM, Carl |
Titel: | Unferwacht treffen |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2003 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Krist, Abele |
Oarspr. Titel: | Onverwachte ontmoetingen |
Ynfierdatum: | 2004-12-30 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |
