Wa is bang foar Virginia Woolf?

Dizze libbensskets fan twa pearen spilet him ôf yn it hûs fan George en Martha. Hy is dosint skiednis en sy is de dochter fan de rektor magnifikus fan de universiteit. Se ha in nije kollega en syn frou útnoege foar in drankje, nei ôfrin fan in feestje by Martha har heit. It jonge pear tsjinnet as klankboerd en maklike proai foar de frustraasjes en lusten fan George en Martha. Misledigingen en stekken ûnder wetter bliuwe net lang ûnskuldich en feroarje al gau yn flymskerpe oanfallen. George, impotint yn syn berop en faaks ek wol op bêd, leit syn potinsje yn formulearringen, wêrmei 't er Honey en Nick harren leagens wit te ûntmaskerjen en Martha har illúzjes wit ôf te brekken. George en Martha spylje it spul omwille fan it spul. Ek yn de gaos fan harren houlikslibben hâlde se harren oan fêststelde spulrigels. Dejinge dy't him dêr net oan hâldt, wurdt straft. Martha wit de oanfallen goed ôf te slaan, op ien nei.....

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ALBEE, Edward
Titel: Wa is bang foar Virginia Woolf?
Skreaun yn: 1962
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Piebenga, Tjitte
Oarspr. Titel: Who is afraid of Virginia Woolf?
Ynfierdatum: 1998-06-03
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2