De show fan Max Prins
It is 1953. It skriuwersteam fan de Max Prins show, in hiele populêre televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat. Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa't de show syn libben is, rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om manieren te betinken om NBC werom te pakken.
Skriuwer(s):
| SIMON, Neil |
Titel:
| De show fan Max Prins |
Utjoen yn:
| 2011 |
Te keap:
| 1 |
Oersetter:
| Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel:
| Laughter on the 23rd floor |
Ynfierdatum:
| 2011-10-12 |
Dekor:
| ien |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 3 |
Tal manlju:
| 6 |