Ferdwaald yn New York
New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan fiifentritich, dy't yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in komfortabel appartemint. At is stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De jonges komme dêrom foar langere tiid by beppe en harren muoike Bella ûtfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde. Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd en omke Louie blykt in gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin wêryn't harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.| Skriuwer(s): | SIMON, Neil |
| Titel: | Ferdwaald yn New York |
| Utjoen yn: | 2011 |
| Te keap: | 1 |
| Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
| Oarspr. Titel: | Lost yn Yonkers |
| Ynfierdatum: | 2011-10-12 |
| Dekor: | ien |
| Omfang: | Jûnfoljend |
| Rjochten: | Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
| Tal froulju: | 3 |
| Tal manlju: | 4 |
