Nijs
Krystfakânsje
Ek de StUFT en it steunpunt/depot geane der efkes tuskenút. Fan 19 desimber 2025 oant 4 jannewaris 2026 binne wy sletten. Op 5 jannewaris steane wy jimme graach wer te wurd. De mail wurdt wol lêzen, dus algemiene fragen kinne dêr wol steld wurde: ynfo@stuft.nl. Let wol op dat it in dei of wat duorje kin oant der in reaksje komt.
Wy winskje jimme allegearre alfêst moaie dagen ta en sjogge jimme graach wer yn 2026!

Presintaasje nije stikken fan de kursus Jûnfoljend stik skriuwe fan Keunstwurk
Op 17 oktober presintearje de kursisten fan de kursus “Jûnfoljend stik” harren wurk. Ut it stik wurde ek ien of twa sênes spile.
Der ek by wêze? Dat kin, want elke skriuwer wol fansels ek publyk! Oanmelde kin fia dizze link.
Petysje Meeuw
Meeuw Jonge Theatermakers is al goed 35 jier it briedplak fan jong teätertalint yn Fryslân. Sûnder subsydzje fan de provinsje driget dit bysûnder plak te ferdwinen.
Tekenje dêrom de petysje om de Provinsje Fryslân te freegjen alles yn it wurk te stellen om sluting fan Meeuw foar te kommen en just in essinsjeel ûnderdiel fan it Fryske teater yn stân te hâlden.

Meeuw – neat kin út neat ûntstean
