Drama yn Lutjelollum
Dit stik kinne selskippen fergees, dus sûnder ôfdracht fan auteursrjochtenjild opfiere!!!
Dit stik is no allinnich noch digitaal te bestellen. Nim fia de mail kontakt mei ús op.
Op in jûn yn novimber 1960 komt in Republic F84F Thunderstreak fan ‘e Koninklijke Landmacht del op in pleatske yn it buorskip Lytse Lollum, healwei Frjentsjer en Wjelsryp. Boer en boerinne Postma en har fjouwer bern komme te ferstjerren, lykas de jonge piloat Jacques Snijders. Yn ‘e notiid spilet Toanielferiening De Takomst it nije stik “Drama yn Lutjelollum”, dat ús meinimt nei dy jûn yn 1960. We sjogge sân amateurspilers en harren regisseur yn en om ‘e rippetysje hinne. Foar it skoft bringe se de lêste oeren fan ‘e famylje Postma ta libben. Krekt foar it skoft komt de strieljager mei piloat Jacques Snijders op de pleats del- en nei it skoft binne de sân personaazjes dy’t de spilers fan De Takomst foar ús delsette, dea… In stik mei it boadskip “dat it yn ien klap oer wêze kin”… wat docht dat mei de spilers? Bist op toaniel wier in oar? Of kinst, hoe graach as’t dyn libben ek libje wolst “alsof”, noait wat oars wêze as dysels? En dat ien fan ‘e spilers de premjêre net hellet, wylst de oaren just in nije draai oan har deistich libben jaan sille – stie dat yn it skript?

