Wij gean útinoar

Karla en Durk sille oer trije wike harren skieding offisjeel meitsje foar de rjochter. Karla hat Durk mei syn nije freondinne, Bente, útnûge foar in bakje kofje.  Se fertelt dat se op `e dei dat se nei de rjochtbank west hawwe, de jûns in feest jaan wol foar likernôch 30 freonen en kunde om it te fieren.  In soarte fan ôfskiedsritueel moat it wurde. Durk wol syn eks net ôffalle, mar fynt 30 gasten wol in soad. Bente fynt it mar neat. Jurre stipet syn mem, en der docht bliken dat hy ferkearing hat mei Lize, de dochter fan Bente.

Fûgels om ‘e toer

Dit stik kinne selskippen fergees, dus sûnder ôfdracht fan auteursrjochtenjild opfiere!!!
Dit stik is no allinnich noch digitaal te bestellen. Nim fia de mail kontakt mei ús op.

Paradysfûgels is in toanielstik dat him ôfspilet yn de Fûgeltsjedwersstrjitte, in strjitte dêr’t de meast kleurrike personaazjes wenje! Sa hawwe wy de susters Duyff dy ’t út ‘e stêd komme en gjin foet fersette sûnder inoar. En Protr de miljeu-aktivist dy’t út miljeu-oerwagings dwaande is om syn húske wer bûten te pleatsen en de opbringst te kompostearjen foar syn grientetún. En ek Pake Kraai dy’t tige ferjitlik wurdt, mar wol alle nûmers fan Elvis út ‘e holle wit. Mar de haadpersoan is Merel, dy’t in fantastysk idee betinkt om mear minsken nei harren doarp te lûken. De heechste toer fan Nederlân! Elkenien is entûsjast en wol meiwurkje. Spitigernôch smyt de dochter fan Pake Kraai roet yn it iten: Pake is sa ferjitlik dat er nei in fersoargingshûs moat. Mar dat kin Merel net gebeure litte. Pake moat bliuwe, want de ynwenners fan de Fûgeltsjedwersstrjitte binne hast as famylje en in pake kin dêr net mist wurde… Der wurdt besletten dat pake de iepeningsact fan de toer fersoargje mei, as Elvis-imitator. Oant dy tiid mei er fan syn dochter noch yn syn hûs wenjen bliuwe. Mar wat bart der as de toer klear is en de iepening west hat?

De beuk deryn

Dit stik kinne selskippen fergees, dus sûnder ôfdracht fan auteursrjochtenjild opfiere!!!
Dit stik is no allinnich noch digitaal te bestellen. Nim fia de mail kontakt mei ús op.

As kroechbaas Henkie ûnferwacht stjert oan in hertoanfal stjit it libben fan barfrou Geartsje op’e kop. Henkie’s flamboyante soan Johan dy’t in ferneamde drag queen is, komt werom út Amsterdam om syn erfenis, de kroech, te ferkeapjen. De dochter fan Geartsje besiket har mem tegearre mei de stamgasten te stypjen, tagelyk bringt de komst fan Johan ek de noadige en wolkomme beweging yn harren libben. Mar der is mear oan de hân. Geartsje har libben wurdt opnij op ’e kop set as in djip bedobbe geheimen oan it ljocht komme. Meisleepjende nûmers út’e jierren tachtich dy’t fol oerjefte playbackt wurde en kroech hits bringe dizze twa op it earste each fier út elkoar lizzende wrâlden op entertainende wize by elkoar.

 

 

Drama yn Lutjelollum

Dit stik kinne selskippen fergees, dus sûnder ôfdracht fan auteursrjochtenjild opfiere!!!
Dit stik is no allinnich noch digitaal te bestellen. Nim fia de mail kontakt mei ús op.


Op in jûn yn novimber 1960 komt in Republic F84F Thunderstreak fan ‘e Koninklijke Landmacht del op in pleatske yn it buorskip Lytse Lollum, healwei Frjentsjer en Wjelsryp. Boer en boerinne Postma en har fjouwer bern komme te ferstjerren, lykas de jonge piloat Jacques Snijders. Yn ‘e notiid spilet Toanielferiening De Takomst it nije stik “Drama yn Lutjelollum”, dat ús meinimt nei dy jûn yn 1960. We sjogge sân amateurspilers en harren regisseur yn en om ‘e rippetysje hinne. Foar it skoft bringe se de lêste oeren fan ‘e famylje Postma ta libben. Krekt foar it skoft komt de strieljager mei piloat Jacques Snijders op de pleats del- en nei it skoft binne de sân personaazjes dy’t de spilers fan De Takomst foar ús delsette, dea… In stik mei it boadskip “dat it yn ien klap oer wêze kin”… wat docht dat mei de spilers? Bist op toaniel wier in oar? Of kinst, hoe graach as’t dyn libben ek libje wolst “alsof”, noait wat oars wêze as dysels? En dat ien fan ‘e spilers de premjêre net hellet, wylst de oaren just in nije draai oan har deistich libben jaan sille – stie dat yn it skript?

Tusken East en West

Dit stik kinne selskippen fergees, dus sûnder ôfdracht fan auteursrjochtenjild opfiere!!!
Dit stik is no allinnich noch digitaal te bestellen. Nim fia de mail kontakt mei ús op.
John en Lucy Jones binne hikke en tein yn de wyk East End yn it eastlik part fan Londen. It gedielte dat fan âldsher bekind stiet as in typyske arbeiderswyk. Sy liede in ienfâlsich mar lokkich libben, dat yn haadsaak bestiet út hurd wurkje. Freeds geane se lykwols nei pub “The Bell”, dêr’t se alle wiken harren freonen moetsje. Alles feroaret as Lucy it hûs fan har rike “aunty”Adèle ervet yn West End, de wyk wêr’t de saneamde “úpperclass”wennet. Harren freonen reagearre ferbjustere op it nijs. Wat hawwe John en Lucy dêr te sykjen? Sy hearre yn East End. Sy sille dea-ûngelokkich wurde, tinke se. Lucy past har lykwols – ûnder ynfloed fan buorfrou Hilary Hemrose- al hiel gau oan. Wylst Lucy genietet fan alle nije dingen dy’t der op har paad komme, bliuwt John trou oan de gewoantes fan de East Enders. Hy wegeret him oan te passen oan “dy kakker”seit er faak tsjin Lucy. Uteinlik begjinne de ferskillen tusken East en West ek troch te wurkjen yn harren relaasje. Oft in houlik fan mear as fiifentweintich jier hjir tsjin opwoeksen is, is te sjen yn dizze komeedzje yn twa bedriuwen.

Rânelân

Dit stik kinne selskippen fergees, dus sûnder ôfdracht fan auteursrjochtenjild opfiere!!!

“Dit stik is no allinnich noch digitaal te bestellen. Nim fia de mail kontakt mei ús op.”

Lutske, dy’t har tsjintwurdich Lea neamt (har skriuwerspseudonym is har nije namme wurden), wennet sûnt har stúdzje yn de Rânestêd, mar is opgroeid op in pleats op it Fryske plattelân. Se hat it boek Rânelân skreaun, wêryn ’t se ôfrekkenet mei har ûngelokkige jeugd op it Fryske plattelân en mei it gesin dêr ’t se út komt, tsjin de eftergrûn fan de tsjinstelling tusken de Rânestêd en it “Rânelân”, tusken de stêd en it plattelân. In tsjinstelling dy’t se swier oanset. De pesterij dêr’t se yn har jeugd ûnder te lijen hân hat, makket in wichtich ûnderdiel út fan it boek. Lea is tsjintwurdich fegetarysk en tegearre mei de non-binêre Elias. Se komt hast net mear thús; de lêste kear is al in pear jier lyn. Se binne útnoege foar de brulloft fan har broer Johan, dy trouwe sil mei Karin, dy’t har tsjintwurdich Carina neamt. Lea is lykwols benaud dat har famylje har boek lêzen hat, en har ynterview op de radio oer it boek heard hat. Se komt har jeugdleafde Douwe ek wer tsjin, dy’t noch altyd gefoelens foar har koesteret. Elias stimulearret Lea om net fuort te rinnen foar har ferline, en de konfrontaasje oan te gean.

True West

 

It ferhaal giet oer twa broers, Austin en Lee, dy’t elkoar jierren net sjoen ha. Se binne gjin bêste freonen en de striid om de macht begjint.

Austin is in senarioskriuwer yn Hollywood en past op it hûs fan harren mem, wylst sy op fakânsje is yn Alaska. Lee, dêrfoaroer, is in dief en swerver.

Op in dei moetet Lee Saul, in producer, dy’t gearwurket mei Austin. Troch in weddenskip mei Lee sels in senario skriuwe dat Saul produsearje sil. Lee beweert dat hy in ‘echte’ Western skriuwe kin, om’t hy it westernlibben libbe hat. Dit idee liket te slagjen oant Austin der achter komt dat syn senario oan ’e kant skood wurdt.

De broers krije in heftige rûzje en drinke oant se lazarus binne. De oare dei komt mem thús, mar se is te senyl om de gaos yn it hûs te sjen.

Uteinlik wurget Austin syn broer mei de telefoantried, mar Lee oerlibet it

 

 

De earbellen

Floor komt by har beppe op besite. Se sil trouwe mei in man dy’t se noch
mar in heal jier ken. Se wol graach de earbellen fan beppe liene op har
troudei, de earbellen mei pearels. Beppe fynt it mar neat dat Floor sa gau
trouwe wol en seit dat se net wit wêr’t de earbellen binne.

Ramon, de freon fan Floor, bellet hieltyd dat Floor thúskomme moat, want
se soenen te iten mei de baas fan Ramon. Floor fynt de earbellen yn’e kast,
mar beppe wol eins net dat Floor de earbellen draacht as se trout mei
Ramon. Se krije spul.

Undertusken moetet Floor Piter by har beppe. Die helpet beppe mei
allerhande kluskes. As bern wie Piter in klier, mar no liket der wol wat te
spyljen tusken him en Floor. As it foar Ramon te lang duorre hat komt er by
beppe om Floor op te heljen. Dan sjocht er dat Floor en Piter tútsje, en wol
er Floor net mear mei ha. Hy giet allinne nei hûs. Floor is der hielendal ôf as
iederien lilk op har is en wit net mear wat sy wol. Uteinlik praat Floor alles út
mei beppe en liket de doar nei Piter ek net ticht te wêze.

’t Labyrint

De simmer is foarby, it nije toanielseizoen stiet foar de doar. De earste gearkomste presintearret Tonia, de regisseur, it stik dat se keazen hat foar it kommende seizoen. Spitigernôch komt se der rillegau efter dat de leden fan ’t Labyrint sa harren eigen, net al te reële winsken ha. Mei har stik wurdt it neat.

Se jout de spilers de opdracht om sels wat út te sykjen. Dat falt fansels net ta. Uteinlik komme se op it lumineuze idee om harren sels te spyljen. Dat wurdt net troch eltsenien op deselde wize útlein.

Brieven fan Friso Huisker – wa is dy man? — spylje, benammen yn it twadde part, in wichtige rol. Friso Huisker wit troch wat er skriuwt de saak aardich yn it hûndert rinne te litten. Cora en har man Peter komme der ôfgryslik troch yn de problemen.

Justus Eilander, sjoernalist, is fereale op Marieke – in jonge frou dy’t samar ferdwûn is. Hy docht mei Kees, dy’t siket nei syn biologyske âlden, alle war om út te finen wêr’t se bleaun is.

Utsein Ham, Tonia en Fra, hawwe alle spilers problemen yn de persoanlike sfear.

Oft alles ta in oplossing komt, is noch mar de fraach.

’t Labyrint is in spannend stik, net sûnder humor, dêr’t spilers en publyk in protte wille oan belibje kinne.

Ik kom oan

De ferhaalline folget it earste jier yn Nederlân fan de famylje Varga, dy’t fan Hongarije nei Nederlân giet om dêr in nij libben op te bouwen. In ferslachjouwer/presintator docht dit troch alle ôfleveringen oanelkoar te praten. It foardiel fan sa’n ferteller is dat we maklik fan de iene sêne nei de oare gean kinne. We kinne wat flugger troch de tiid sûnder tefolle yn detail te gean. As reade tried en komyske noat komt de klachteline nei de gemeente der tuskentroch. De telefoan giet, de gemeente nimt op en in ynwenner wol in klacht melde. De famylje Varga hat in tragysk foarfal meimakke, de bern hawwe harren heit en mem in jier lyn ferlern en wenje no mei harren pake en beppe (dy’t trouwens net tarekkenber binne) yn 1 hûs yn Hongarije. Yn Hongarije komme de dreamen fan de jongste dochter mar net fan ’e grûn. Mar sy hat sa’n 3 moanne lyn Annemarie Bongers moete. Dy hat har de eagen iepene en neamt Nederlân it lân fan har dreamen. Dêr soe har idee foar in Tiny Houses Projekt slagje moatte. Yn Hongarije is de fraach nei Tiny Houses mar lyts, mar yn Nederlân dêrfoaroer is der grut ferlet fan wenningen en de romte beheind. In ideaal lân foar in makeler om kavels te ferkeapjen foar Tiny Houses.

 

 

In skat fan neat?

Trije jonge piraten sykje nei in skat op trolle-eilân. Se witte net wat de ynhâld fan de skat is. It blykt dat se net de iennigen binne dy’t de skat ha wolle. Trollen en elven wolle ek de skat en hawwe altyd rûzje en wolle de baas wêze. Der komt feroaring yn as blykt dat in trol eigentlik in elf is. Mar wat is de skat en fan wa is hy no? Of gean de piraten dermei fan troch.

In stik oer freonskip en taal. Foar 13 persoanen/bern

 

It lêste rûntsje

It lêste rûntsje spilet yn in âld brún kafee: De traktaasje. In kafee yn in Frysk doarpke dat te lijen hat ûnder de krimp en fergrizing.
Wietse, de putsjeman, jout kroechbaas Bruinsma tsjingas wannear’t Bruinsma de oerheid de skuld jout fan it tichterby kommende fallisemint. Dan komt ynienen Emma ta de doar yn om in buorrel te drinken. Bruinsma sjocht har as de rêdende ingel. Mar Wietse hat noch in apeltsje te skilen mei har.
Nei in heftige sêne beslute Bruinsma, Wietse en Emma mei-inoar in repair café yn it doarp te begjinnen.

Muoike is net maklik!

Jo komme krekt werom fan in hearlike fakânsje. Mar dan leit der in brief op de matte dy’t ALLES hielendal op ’e kop set. Je moatte sa gau as mooglik in oplossing fine. Mar wêr fynst dy?
Dat is gjín maklike opjefte! Gelokkich… dêr is dyn trouwe rjochterhân. De oplossing is ynienen sa maklik! Mar dat blykt dochs net sa te wêzen, want binnen in kertier sitst al oant de nekke yn noch folle gruttere problemen… Los dat mar ris op! Dizze 9 rollen sille mei-inoar in jûn gekjeie, want foegje der ek noch in pear hearlike typkes oan ta en de disoarder is kompleet! En muoike?
Kin sy alles noch oplosse? Fansels! Dêr is muoike foar!

Heart it as in klucht? Ja, it is in klucht! Mar dan wol… fan dizze tiid, op ien dekôr, mei leeftiden dy’t foar eltse feriening yn te foljen binne… en… mei mar ien doar! Dat makket it foar de dekôrploech yn alle gefallen WOL in maklike opjefte!

Hoe Jort ferdwûn út Gotwert

Welcome to Gotwert! 歡迎來到阿姆斯特丹! Ach, dat leaflike Gotwert, it lytste doarpke fan de gemeente Noardsúdeastwest-Fryslân. It is der stil, want it leit oan in dearinnende dyk, alhiel mids de greiden. It liket wol fan eltsenien fergetten. It stiet nea yn ‘e krante, want der bart nea wat. Toeristen komme der inkeld as se ferdwaald binne. De lêste nijbou is fan 1913.
Iuwenlang binne de bewenners dêr rêstich en yn frede harren eigen gong gien, mar de moderne tiid mei al syn feroarings knaget oan harren bestean. Hoe lang hâlde se it noch út, wylst de iene nei de oare foarsjenning ferdwynt? Giet Gotwert fan ’e kaart? Stiet it trouwens eins wol op ’e kaart?
Krekt as de Gotwerters it net mear sitten sjogge, begjinne se ynienen allegear mysterieuze berjochtsjes te krijen. It skynt dat immen, Jort Kolder, grutte plannen mei Gotwert hat. Mar wa is dat? En wat wol er no krekt?

In tizeboel

In tizeboel spilet yn de filla fan it echtpear Bouma, yn in doarpke op ’e Veluwe. Fedde Bouma hat it op ’e saak sa drok dat er it absolút net oan tiid hat om mei syn frou op fakânsje te gean. Syn frou makket er wiis dat de saak der sa min foar stiet, dat it noadige fakânsjejild foarlopich net útbetelle wurde kin. Fansels is dit foar syn frou Sjoukje in swiere tsjinfaller want se seach sa út nei de oansteande fakânsje. No is Sjoukje net it type dat by de pakken del sitten giet en se docht in yn har eagen unyk útstel om de filla tydlik as pension te ferhieren. Sa kinne se oan it needsaaklike fakânsjejild komme. Fedde jout mei tsjinsin ta en Sjoukje set in advertinsje. Fedde fertelt it hiele ferhaal oan syn freon Ype, en Ype sjocht der de humor wol fan yn. Tusken him en Fedde wurdt in plan smeid. Dat dêrby net alles giet sa’t se graach wolle, wurdt mei feroarsake troch de foarnommen rolwikseling tusken Fedde en Ype tsjinoer de pensiongasten. It wurdt dan úteinlik ek in hiele tizeboel.

Roes

Leararen Melle, Tseard, Pytsje en Nanne binne freonen en kollega’s op in middelbere skoalle yn Drachten. Alle fjouwer wrakselje se mei net bot motivearre learlingen en hawwe se it gefoel dat har libben slim ferfeelsum wurden is. Yn it ramt fan in itentsje ta eare fan Nannes fjirtichste jierdei, komt it petear op psychiater Finn Skårderud, dy’t in teory ûntwikkele hat dy’t der op del komt dat in alkoholgehalte yn it bloed fan in heal promille der foar soarget dat jo kreativer en tagelyk mear ûntspannen wurde. De teory ynspirearret benammen Melle. Hy is down troch syn houlik en gesinslibben, dat in sleur wurden is. Ynspirearre troch de teory fan Skårderud begjint er te drinken op it wurk. De oare trije beslute om syn foarbyld te folgjen; se sjogge it as in psychologysk eksperimint om de teory fan Skårderud te testen. Se stelle in tal regels op: har bloedalkoholgehalte (BAG) mei nea leger wêze as in heal promille en se meie net drinke nei acht oere jûns. Yn de koartste kearen fine alle fjouwer sawol har wurk as har priveelibben folle leuker. Benammen Melle is optein, as er der lang om let wer yn slagget kontakt te krijen mei syn frou, syn bern en syn klasse. Hy is wer de ynspirearjende learaar dy’t er ea wie.

De fjouwer binne it deroer iens dat it eksperimint fuortset wurde moat en ferheegje de ynset: de deistige BAG-limyt giet omheech nei 0,1. Se binne noch hieltyd fan miening dat har libben der better fan wurdt en beslute it op in sûpen te setten, om sa fêststelle te kinnen hoe’t har lichem en geast dêr op reagearje sille. Sa hawwe se in moaie jûn en nacht, mar as se lam thús komme, wurde sawol Nanne as Melle konfrontearre mei wat har húshâldings der yntusken fan fine. It gesin fan Melle uteret syn soargen; syn frou en bern fine dat er ôfglidet nei alkoholisme en fertelle him dat er al wiken sichtber dronken is. Nei in heftige diskusje, wêryn’t Melle’s frou Amarens tajout him ûntrou te wêzen, ferlit Melle har. De fjouwer beëinigje it eksperimint.

Letter binne alle fjouwer oerdei ophâlden mei drinken, mei útsûndering fan Tseard, dy’t alkoholist wurden is. In pear dagen nei’t er mei syn dronken kont op skoalle ferskynd is, docht Tseard himsels tekoart. De trije oerbleaune freonen geane nei Tseards begraffenis mei elkoar út te iten en lykje yn it earstoan net fan doel te wêzen om te drinken, mar bestelle úteinlik dochs sjampanje, omdat Tseard dat ek dwaan soe. Under it iten krijt Melle in app’ke fan syn frou, dêr’t út bliken docht dat se ree is om harren houlik in nije kâns te jaan. Underwilens komme de learlingen, dy’t krekt har eksamen helle hawwe, feestend by it restaurant del. Melle, Pytsje en Nanne ferlitte it restaurant en drinke en fiere feest mei har learlingen. Melle, dy’t froeger op jazzballet siet, en oant no ta wegere om te dûnsjen, dûnset no ek entûsjast mei de feestgongers mei.