Jins keninklike heechheid

In handich abbekaat yn it Amearika fan 1869 bringt foaroansteande dames yn 'e waan, dat hja fia neikommelingsskip troanopfolchster binne fan Frankryk..... Allinne der mist noch ien lyts bewyske. Wy sjogge trije dames en elk fan harren is yn in fierder stadium: De earste wurdt mei it 'feit' fan troanpretendinte op 'e hichte brocht, de twadde is al safier, dat hja mient de keninginne fan Frankryk te wêzen en is sadwaande ryp foar it deltellen fan gâns jild om dat lêste bewyske boppe wetter te krijen. De tredde is útmolken en de abbekaat wit wol in wei om fan har ôf te kommen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WILDER, Thornton
Titel: Jins keninklike heechheid
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1986
Te keap: nee
Oersetter: Zee, Pyt van der
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-11
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dizze titel is net mear op foarrie. Nim kontakt op mei de Stuft foar mear ynformaasje
Tal froulju: 3
Tal manlju: 1