Kreamgymnastyk

Yn in oefensealtsje fan in kreamklinyk sitte 4 froulju en in man te wachtsjen oant de kreamdeskundige tiid hat om mei de kreamgymnastyk te begjinnen. Sjirkje is fierwei de âldste en hat al 7 bern. Siementsje -in typke- is net troud, mar hat trije mooglike heiten foar it bern dat sy ferwachtet. Lesley, dy't sûnder har man kommen is en Suzan, dy't mei har man Jelke sit te wachtsjen, ferwachtsje harren earste bern. De tiid wurd trochbrocht mei petearen oer it krijen en/of hawwen fan bern, oer banen en swart wurk en oer noch in hiel protte saken dy't sa geandewei oan bod komme. As it Jelke te lang duorret siket hy de kreamdeskundige op, dy't noch hieltyd by in befalling sit. Sy fertelt Jelke, dat Sjirkje hielendal gjin bern hat en hieltyd besiket om mei te dwaan oan de kursussen. Sjirkje jout ta, dat har libben sa behearske wurd troch it feit, dat sy gjin bern krije kin, dat se fan alles besiket om harsels it gefoel te jaan dat sy dochs in echte frou is. In frou, dy 't sels superieur is oan oaren, omdat se de tekoartkommingen fan in oar ûntdekke kin. Dat lêste docht yn it foargeande petaer bliken. de oaren bliuwe ferslein efter. Allinnich Siementsje begrypt der neat fan.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SMITH, S.
Titel: Kreamgymnastyk
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 2000
Te keap: 1
Oersetter: Jorna, S.
Oarspr. Titel: Parentcraft
Ynfierdatum: 2001-04-26
Dekor: ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 1