Sûker

Annabel Gispen is in pommerante by in ynternasjonaal bedriuw, dat sûker makket. Se is troud mei Eelko: Eelko is de húsman en ferfeelt him. Harren soan hyt Jan en de dochter Mel. Op it stuit dat we yn de kunde komme mei de famylje wit Eelko fan ferfeling net mear wêr ’t er it sykje moat, hat Mel in “identiteitskrisis” en sit Jan op swart sied. Dan wurdt der oanskille. Mefrou Sis(sink), de húshâldster, dêr’t sa’n stik net sûnder kin, docht de doar iepen en Winnifred den Oudsten komt der yn stoarmjen. Se siket om in listlûker foar har nije politike partij; “Hup Holland”. In partij, dy’t him yn “Jip-en–Janneke-taal op de feiligens fan de boargers rjochtsje sil en op de swierrichheden mei de yntegraasje. Op it lêst nimt Eelko dit listlûkersskip op him en hy besaut him oer de frjemde hobby ’s fan syn nûmer twa. Wilens is der ek in famyljelid fan mefrou Sis by “huze Gispen” oankommen: dochter Rafaëlla. Rafaëlla hat om dúdlike reden 2 jier út ’e rûlaasje west en nei alle gedachten is it dêrom dat mefrou Sis har namme net iens útsprekke wol. Rafaëlla wrot har yn de húshâlding fan de listlûker fan: “Hup Holland” en se kriget in bân mei syn beide bern. Dan giet it hurd. Annabel nimt in “focking sabbatical” by de sûkerfabryk, om’t se troch har man syn politike ambysjes net wurkje kin. Ynienen binne de beide bern ûnder fertochte omstannichheden ferdwûn. Winnifred wurdt betrape op it manljus-húske (RTL-boulevard hat der bylden fan), Eelko ûnderfynt dat ek “Jip-en-Janneke-taal” net altyd like dúdlik is, Mel har identiteitskrisis fynt syn ein yn ’e earmen fan Donald Duck, Jan ruilet syn ferslaving om. “Hup Holland” giet nei gychem en Winnifred driget harsels tekoart te dwaan. Mar as by ’t einbeslút de reekwolken oplûke, liket der net in protte oars wurden te wêzen… Of dochs??

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DAVIDS, Ton
Titel: Sûker
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Renia, Piter M
Oarspr. Titel: Suikergoed
Ynfierdatum: 2011-06-30
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 2