Roes
Leararen Melle, Tseard, Pytsje en Nanne binne freonen en kollega’s op in middelbere skoalle yn Drachten. Alle fjouwer wrakselje se mei net bot motivearre learlingen en hawwe se it gefoel dat har libben slim ferfeelsum wurden is. Yn it ramt fan in itentsje ta eare fan Nannes fjirtichste jierdei, komt it petear op psychiater Finn Skårderud, dy’t in teory ûntwikkele hat dy’t der op del komt dat in alkoholgehalte yn it bloed fan in heal promille der foar soarget dat jo kreativer en tagelyk mear ûntspannen wurde. De teory ynspirearret benammen Melle. Hy is down troch syn houlik en gesinslibben, dat in sleur wurden is. Ynspirearre troch de teory fan Skårderud begjint er te drinken op it wurk. De oare trije beslute om syn foarbyld te folgjen; se sjogge it as in psychologysk eksperimint om de teory fan Skårderud te testen. Se stelle in tal regels op: har bloedalkoholgehalte (BAG) mei nea leger wêze as in heal promille en se meie net drinke nei acht oere jûns. Yn de koartste kearen fine alle fjouwer sawol har wurk as har priveelibben folle leuker. Benammen Melle is optein, as er der lang om let wer yn slagget kontakt te krijen mei syn frou, syn bern en syn klasse. Hy is wer de ynspirearjende learaar dy’t er ea wie.
De fjouwer binne it deroer iens dat it eksperimint fuortset wurde moat en ferheegje de ynset: de deistige BAG-limyt giet omheech nei 0,1. Se binne noch hieltyd fan miening dat har libben der better fan wurdt en beslute it op in sûpen te setten, om sa fêststelle te kinnen hoe’t har lichem en geast dêr op reagearje sille. Sa hawwe se in moaie jûn en nacht, mar as se lam thús komme, wurde sawol Nanne as Melle konfrontearre mei wat har húshâldings der yntusken fan fine. It gesin fan Melle uteret syn soargen; syn frou en bern fine dat er ôfglidet nei alkoholisme en fertelle him dat er al wiken sichtber dronken is. Nei in heftige diskusje, wêryn’t Melle’s frou Amarens tajout him ûntrou te wêzen, ferlit Melle har. De fjouwer beëinigje it eksperimint.
Letter binne alle fjouwer oerdei ophâlden mei drinken, mei útsûndering fan Tseard, dy’t alkoholist wurden is. In pear dagen nei’t er mei syn dronken kont op skoalle ferskynd is, docht Tseard himsels tekoart. De trije oerbleaune freonen geane nei Tseards begraffenis mei elkoar út te iten en lykje yn it earstoan net fan doel te wêzen om te drinken, mar bestelle úteinlik dochs sjampanje, omdat Tseard dat ek dwaan soe. Under it iten krijt Melle in app’ke fan syn frou, dêr’t út bliken docht dat se ree is om harren houlik in nije kâns te jaan. Underwilens komme de learlingen, dy’t krekt har eksamen helle hawwe, feestend by it restaurant del. Melle, Pytsje en Nanne ferlitte it restaurant en drinke en fiere feest mei har learlingen. Melle, dy’t froeger op jazzballet siet, en oant no ta wegere om te dûnsjen, dûnset no ek entûsjast mei de feestgongers mei.

