Leafs út Lollum

Yn “Leafs út Lollum” stiet sintraal de striid tusken Irene Doré, haad fan it sjipsconcern Kartoffy en Jane Baarnt, geheim aginte 009.
Ynset fan dizze striid is de superjirpel, in útfining fan Lolle Brandsma, de heit fan Jane.
Dizze superjirpel hat geheimsinnige krêften. Irene Doré set alles yn om it resept fan de superjirpel te bemachtigjen, wêr’t by geweld net mijt wurd.
It gemeentehûs yn Wytmarsum, docht bliken, is it sintrum fan de geheime tsjinst, ûnder lieding fan de sjef Boargersaken Earsteling. Jane wurdt hjir klearmakke foar de striid tsjin Irene Doré, har bytgrage hûntsjes Bill en Pom en har hânlangers Reade Pipo en Bint Nicola.
It hichtepunt fan de opera is de “G.E.I.T.”, de Grunniger Earpellaan Internationale Talintenjacht.
Fiif ploechjes jonge talinten litte op harren eigen wize hearre hoe goed se binne, se wurde beoardiele troch in deskundige sjuery: Irene Doré, Heino van Gildo en Muoike Lolkje.