Pake Sytse’s libbenstier
Sytse Troast moat ferhúzje nei in soarchsintrum ta. Syn bern Loltsje-, Evert-, en Edou helpe him te ferhúzjen. Foar Sytse is dit in hiele stap en it leechheljen fan syn hûske jout in soad argewaasje. Sytse komt terjochte yn soarchsintrum “Skoatterhiem”, dêr hat de lestige juffer Braaksma it heft yn hannen. Gelokkich meitsje de susters Betsje en Lyske it him sa folle mooglik nei’t sin, ek de technyske man Murk is in stipe foar him. Dat is nedich, want Braaksma hat him ferbean it neaken skilderij “ Madonna “ op te hingjen yn de keamer fan Sytse. It skilderij, dêr’t de glûprige Adelbert de skoansoan fan Sytse in eachje op hat is samar wei wurden.. Letter docht bliken dat it skilderij in soad jild wurdich is. Foaral Braaksma is op’t ein as it skilderij net boppe wetter komt. Sytse set Braaksma foar’t blok en driget har mei de polysje as sy net soarget dat it skilderij wer op’e lappen komt. Is juffer Braaksma wol sa betrouber?? as in reade trie soarget Betsje foar ekstra spanning mei syn hûntsje Beike.