Kar op libben en dea

Karst Hermans hat in auto-ûngelok hân en leit hielendal ferlamme yn it sikehûs. Foar him hat it gjin doel mear om noch fierder te libjen. Hy freget oan de dokters om him in “spuitsje” te jaan of om him te ûntslaan út it sikehûs sadat er syn eigen gong gean kin. De dokters wolle dat fansels net, sy sjogge it as har wurk om minsken better te meitsjen en yn libben te hâlden. Karst nimt in rjochtskundich adviseur yn ‘e earm om sa út it sikehûs ûntslein te wurden. It sikehûs besiket ûndertusken om Karst foar gek ferklearje te litten troch in psychiater en besiket him sa yn it sikehûs te hâlden. Underwilens spilet der ek noch in ferealens tusken suster Joke en broeder Jon. Hoe’t dit allegear ôfrint kinne jo sels lêze yn “In kar op libben en dea”.