Leafde yn it Turkeleech

In jong pearke bedarret de earste dei fan harren houlik mei de auto yn sa’n tsjokke mist, dat se de reis ôfbrekke moatte. Hja komme telâne by in hûs op ‘e romte, bewenne troch in frou dy’t wol prate wol en ek behelpsum is, en in man dy’t it op ‘e senuwen hat, in apart type natuerminske. De jongelju krije de beskikking oer in keamer en in sliepkeammerke mei in tige smel twapersoans ledikant. As hja risselwaasje meitsje om op bêd, komt der noch in jong steltsje troch de doar, dy’t har mei de auto fêst riden hawwe yn ‘e berm en sadwaande net fierder kinne. Dy meie ek bliuwe, mar hoe moat it no mei it sliepen? Nei gâns hinne en wer praten bedarje de beide froulju op it lêst op it ledikant en fan de manlju ien oer de flier en ien op ‘e sofa. It docht bliken dat de jongeman fan it twadde pearke de soan is fan in sakeman, dy’t der mei ien fan de kantoarfamkes fan syn heit fan troch is. Omdat dat fanke deabenaud is foar it byinoar wêzen, lit se de benzinetanken fan beide auto’s leechrinne, want dan moatte se dêr bliuwe en hoecht se nachts net by him te sliepen.
Underwilens fernimt it soantsje fan de baas dat er fan har hâldt en as er troch de mist ferdwaald dea ynein in fergese loop om benzine makke hat, falle dy beide elkoar yn ‘e earms. Oan in tredde nacht komt it net ta, want de damp lûkt op en dan hat elk wer mear mooglikheden.