Wa betellet de fearman?

Alan Haldane beslút nei tritich jier werom te kommen nei Kreta.
Yn de Twadde Wrâldoarloch stie er op it eilân bekend ûnder de namme Leandros en focht er yn it ferset (Andartes).
Hy giet op syk nei syn leafde fan eartiids, Melina.
Leandros besiket syn âlde striidmaat Babis dy’t nochal koel tsjin him docht omdat er Melina sitte litten hat.
Leandros fertelt lykwols dat er har trije brieven skreaun hat, mar nea antwurd krige en dêrtroch fierder gien wie mei syn libben.
Blykber wie Melina swier en hat se har dochter allinnich grutbrocht, mar se is in pear jier lyn stoarn.
Op Kreta moetet Alan de knappe Annika en se fiele harren fuortendaliks ta inoar oanlutsen.
Wa is Annika en slagget it Alan om him te fersoenjen mei syn dochter?

De Trochreed fan Richt

De lêste betiizjende dagen fan de oarloch.

Minsken dy’t inoar treffe yn “De Jachtweide”. fan Richt. Fanatike Dútsers en in soldaat dy’t net mear wol.

Der is ferset tsjin de nazy’s, der is eangst foar wat noch komme kin.

In famke dat fereale rekket op in Dútser. In fersetsman dy’t besiket in piloat út hannen fan de besetter te hâlden. De lêtste wanhoopsdieden fan in fersleine fijân. Moed, mar ek leffens fan gewoane minsken yn in lyts doarp

Ynspekteur Jansma

As Hessel Jansma fan ’e plysjeskoalle komt, falt it al gau op dat er in grut ferstân hat en hiel betûft is yn it oplossen fan moardsaken. Al gau wurdt er, as jongste ea, befoardere ta ynspekteur. Der is gjin saak sa kompleks of hy lost him wol op. En sa wurdt Hessel de stjer fan it plysjekorps. Hy wurdt útnoege foar talkshows, eltsenien wol syn miening witte. Bern wurde nei him ferneamd en Hessel sliept, as er dat wol, gjin nacht allinnich. Tsien jier lang libbet Hessel Jansma op de top fan syn kinnen, dan ynienen, dêr is se, Brechje. Alle mannen falle foar Brechje, mar Brechje kiest foar Hessel. Twa jier lang libje se op in gouden wolk, mar dan ynienen is it oars. Brechje is oars, minder tagonklik, en Hessel tinkt dat se in oar hat. Op in jûn freget er har, mar se wol neat sizze; do moast my fertrouwe, seit se. Hessel wurdt lilk en jout har in huf, it bloed spat by de muorre op. Sy flechtet it hûs út. Hessel wol sa net, hy hat spyt, en fljocht har efternei, troch it bosk en dan lâns it kanaal. In eintsje foar him sjocht er har yn it donker draven; hy begjint har yn te heljen. Mar dan ynienen stroffelt se en ferdwynt yn it donkere wetter fan it kanaal. Hessel springt har efternei, mar hy kin har net fine. Oerenlang plasket er dêr om, mar se is der net mear. Hessel swalke dernei dagen by it kanaal lâns om har lichem te finen, mar neat. Hy hat har de dea yn jage. De jierren dernei rekket Hessel oan ’e drank. Hy dronk altyd gâns bier, mar no is de hikke fan ’e daam. Hy lost noch hieltyd syn saken op, mar de kollega’s begjinne te klaaien en úteinlik moat de lieding in foarbyld stelle, en dus skoppe se hem it korps út. Mar dan… wurdt syn broer Jasper dea fûn yn syn eigen bad, selsmoard seit de plysje… Mar is dat wol sa?