museale swirrichheden

It giet Museum Auwerd net foar de wyn. Krekt no’t se dwaande binne mei in ferbouwing krije se te hearren dat der hier betelle wurde moat foar de gebouwen. Oant no ta mochten se dy fergeefs brûke fan de eigners fan G/E, it grutte behangfabryk.
De gemeente hat ek witte litten dat se folle minder subsydzje krije.
Benammen Gryt, de ponghâlder, is bang dat se finansjeel de holle net boppe wetter hâlde kinne.
It natoermuseum – in partikuliere samling dy’t yn Museum Auwerd ûnderdak fûn hat, wurdt yn syn bestean bedrige.
Manny, de nije konservator, wol der graach fan ôf. For de romte dy’t dan frij komt, hat se grutte plannen.
Yn Atsje, foarsitter fan it natoermuseum, hat se in net te ûnderskatten tsjinstanner.
Dy docht er mei help fan de ‘ochsa aardige’ Gustav alles oan om foar te kommen dat Manny har sin krijt.
Wat de (krekt nije) foarsitter foar hat mei it museum lit er him net oer út, mar folle goeds stiet him net foar eagen.
As bliken docht dat Gustav en de foarsitter inoar kenne, komme de problemen fan Museum Auwerd yn in streamfersnelling terjochte.

De Trochreed fan Richt

De lêste betiizjende dagen fan de oarloch.

Minsken dy’t inoar treffe yn “De Jachtweide”. fan Richt. Fanatike Dútsers en in soldaat dy’t net mear wol.

Der is ferset tsjin de nazy’s, der is eangst foar wat noch komme kin.

In famke dat fereale rekket op in Dútser. In fersetsman dy’t besiket in piloat út hannen fan de besetter te hâlden. De lêtste wanhoopsdieden fan in fersleine fijân. Moed, mar ek leffens fan gewoane minsken yn in lyts doarp

De Boartersboks fan Doarpsbelang

De âlden fan Klaske, Jan, Top, Ale, Aise, Martsje, Pyter en Seike hawwe mei-inoar besluten dat harren bern mar twa oeren deis de mobyl brûke meie. Se moatte boartsje en se moatte lêze, net al mar nei it skermke sjen.

Alle bern fine dat in dom beslút. En it komt krekt no’t se in dei frij binne fan skoalle. Se witte wier net wat se sûnder mobyltsje moatte. Gelokkich soarget Sjoerd, in jonge dy’t noch mar koart by harren op skoalle sit, foar de oplossing. Hy stelt út om mei-inoar Napoleon, de grutte Frânske keizer, te spyljen. It liket harren earst mar neat ta, mar as elk in rol kriget en se harren ferklaaie mei klean út de boartersboks, ha se och sa’n wille.

Oan ‘e ein docht bliken dat de wille foar de heiten en memmen minder grut is.

It stik kin gewoan spile wurde, mar it kin ek as mymspul opfierd wurde by it foarlêsferhaal dat taheakke is.

OP IT TOANIEL

In hiele grutte kiste mei boartersark en ferklaaiersklean, en in skerm mei de foarstelling fan in peal – kin oprôle wurde.

Keunst (mei raffelrantsjes)

It atelier/museum Foarby de kime hat fernisaazje en eigener Ella is drok dwaande mei it tarieden fan har iepeningstaspraak. Map, har assistint, hat har betinkingen oer oft dizze tentoanstelling in sukses wurde sil. Dan komt der in besiker dy’t wol hiel bot ynteressearre is yn it keunstwurk…

’t Labyrint

De simmer is foarby, it nije toanielseizoen stiet foar de doar. De earste gearkomste presintearret Tonia, de regisseur, it stik dat se keazen hat foar it kommende seizoen. Spitigernôch komt se der rillegau efter dat de leden fan ’t Labyrint sa harren eigen, net al te reële winsken ha. Mei har stik wurdt it neat.

Se jout de spilers de opdracht om sels wat út te sykjen. Dat falt fansels net ta. Uteinlik komme se op it lumineuze idee om harren sels te spyljen. Dat wurdt net troch eltsenien op deselde wize útlein.

Brieven fan Friso Huisker – wa is dy man? — spylje, benammen yn it twadde part, in wichtige rol. Friso Huisker wit troch wat er skriuwt de saak aardich yn it hûndert rinne te litten. Cora en har man Peter komme der ôfgryslik troch yn de problemen.

Justus Eilander, sjoernalist, is fereale op Marieke – in jonge frou dy’t samar ferdwûn is. Hy docht mei Kees, dy’t siket nei syn biologyske âlden, alle war om út te finen wêr’t se bleaun is.

Utsein Ham, Tonia en Fra, hawwe alle spilers problemen yn de persoanlike sfear.

Oft alles ta in oplossing komt, is noch mar de fraach.

’t Labyrint is in spannend stik, net sûnder humor, dêr’t spilers en publyk in protte wille oan belibje kinne.

It hat west

Hy (Siebe) is mei betider pinsjoen, sy (Gatske) is in fleurige jong eagjende frou. Se ha harren te wenjen set yn it bertedoarp fan Siebe. Harren hûs stiet op it lân dat Siebe syn heit eartiids yn gebrûk hie.
De lêste tiid komme der lytse skuorkes yn it goede houlik. Gatske stiet op oarder en regel en Siebe wurdt wat ferjitlik en hat no en dan eigenaardige bylden yn ’e holle. Dat jout oanlieding ta argewaasje oer en wer.
Yn harren fierder doch wol rêstige libben komt grutte feroaring as in eardere doarpsgenoat fan Gatske (Gerrit Huizing) weromkomt út Kanada. De man is bepaald net fan it noflikste soart.
Bliid binne se as der in brief komt fan dochter Gelske út Halifax, dat se fan doel is in pear wiken thús te kommen.
Yn dy wiken komme der pynlike saken foar it ljocht en wurde der hurde maatregels nommen.

Sinteklaas sit sûnder

Sinteklaas hat in grut probleem, Pee-ie-tee is fuort. En al syn helpers ek.
De echte namme fam Pee-ie-tee mei ek net mear sein wurde.
Der moatte noch in hele protte pakjes nei de bern brocht wurde, dus Sinteklaas hat help nedich.
De earste help is net sa’n bêste help. Sy wol sels de moaiste kadootsjes ha.
Mar einlings kriget Sinteklaas dan goede helpen, en wurde de kadootsjes nei de bern ta brocht.

Stien

De titel ‘Stien’ is koart, mar hat in dûbele betsjutting. Yn ’t foarste plak is it de grutte stien,
midden op it toaniel, dy’t in wichtige rol spilet. ‘Stien’ hat lykwols ek te meitsjen mei in noch
al elitêre aksjegroep, dy’t alle war docht om de doarpsbewenners derfan te oertsjûgjen, dat se
harren tunen beplantsje moatte en net fol lizze moatte mei stiennen en tegels.
Nei de aksjegroep wurdt kritysk sjoen. De leden binne al wat âlder en wolle graach fan harren
hearre litte.
In jonge lânskipsarsjitekte krijt fan de aksjegroep de opdracht om fan it stikje grûn dêr’t de
grutte stien leit in soarte fan foarbyldtún te meitsjen, dy’t ek brûkt wurde kin foar allerhande
aktiviteiten. Har assistinte is in jong famke dat siket nei har woartels.
It is de troch de drank oan leger wâl rekke learaar Latyn dy’t har op it spoar fan har
biologyske heit bringt.

Motoaren en koarkleden

Harmen en Sietse binne twa bruorren fan yn ’e fjirtich. Sietse wol in frou ha. Hy hat it deroer mei syn broer.
Der wurde twa ferwûne jonge froulju by harren foar de doar goaid en se helje de froulju yn ’e hûs. De bruorren meie de plysje net belje. De froulju hâlde de bruorren ûnder skot.
De froulju hawwe sjoen dat der in offisier fan justysje deasketten wurde troch in motorklup. No tinke se dat sy ek fermoarde wurde sille. Se witte tefolle.
Letter fertelle de froulju dat se studintes binne en in skripsje skriuwe oer ‘it effekt fan it bestean fan motorklups’. Se tinke dat de buorjonges, by wize fan proef, harren ôfmeitsje moatte. Dan kinne de buorjonges lid wurde fan de motorklup.
Op in stuit komt de hiele motorklup deroan en dan moatte de froulju fuort. Sietse hat de koarrepetysje fergetten en lit it hiele koar by him thús komme mei in soarte fan klimaatliet.
De froulju krije in koarkleed oan en ferdwine mei it koar.
Sietse hat noch ûnder de namme fan Harmen reagearre op in advertinsje fan de buorfrou. De buorfrou is der bliid mei en hellet Harmen op.
Sietse woe in frou ha, en Harmen krijt der ien.

Master Lalalaitsjenet

De bern yn groep 5 op de skoalle ‘Slimmernocht’ hawwe in master dy’t noait laket.

Se wolle dêrom net by him yn de klasse sitte. As se master sjogge, dan protestearje se.

Uteinlik komme se derachter dat master wat kwyt is. As er it fûn hat, komt miskien alles wer goed.

Sjantaazje

In pear froulju fiere aksje tsjin de plannen fan de gemeente.
Se wolle in âld feilinggebou oankeapje foar allerhanne akiviteiten.
Ien fan de aksjefierende froulju wurdt sjantearre, mei bleatfoto’s, om hjir tsjin te stimmen.
Se moat hjirfoar in sit nimme yn de gemeentried.
Der mei net ien achterkomme dat it feilinggebou no brûkt wurdt as drugslab.

De Trochgong

It stik spilet yn de kofjekeamer fan De Trochgong, in gebou mei apparteminten foar âldere minsken, dy’t harsels noch rêde kinne. Op in dei wurdt ien fan de bewensters dea yn har appartemint fûn. De plysje docht ûndersyk nei har dea: wie it in natuerlike dea of soe se fermoarde wêze?
Nei in skoftsje komt der in wat frjemde man yn it appartemint te wenjen. De oare bewenners ha harren twifels oer dizze man, hy is noch mar goed fjirtich, wat moat sa’n man hjir. Soe hy wol te fertrouwen wêze? It blykt de soan fan de ferstoarne frou te wêzen. Slagget it him om ryk te wurden omdat der wat ferdwûn is dat hiel goed fersekere wie?

Learniks

Klabbe wol wol nei skoalle omdat it moat, mar hy wol net leare. Hy wol allinne mar leare wat lekker is.
Hy wol letter masjinist wurde, dus hy makket mei juf Do in trein.
Se geane nei Grutoaljekoekested om oaljekoeken. Klabbe lukt op de hinne en weromreis oan de needrem, hy tinkt dat it in toeter is. Master Jan kriget hjirfoar in boete, om t hy de baas is fan juf Do. Dan wint Klabbe -beukerpoepruftfiersmytwedstriid- en hy betellet de boete. Hy wol dan de rest fan it jild troch 2 diele mar hy wit net hoe t dat moat. Hy begrypt dan doch dat er nei skoalle moat om te learen.

Rjochtdei

Op in rjochtdei kaam faak in protte folk ôf, benammen as der wat belangryks oan ‘e oarder wie. Wer’t minsken binne kin wat fertsjinne wurde en dus wie ek allerhande merkefolk oanwêzich. It wie in bûnt selskip dat de strjitte folle. Yn ôfwachting fan de sitting en de útspraak fermakken de minsken harren poerbest. Dêrfan wurdt in fleurich byld jûn. Dêrneist wurdt preludearre op it drama dat folget.
De grytman hat it net maklik. Hy moat, nei’t er in pear net sa wichtige saken ôfhannele hat, kieze tusken rjochtfeardichheid en de grime fan it folk.

Yn ‘e 17e ieu kenden de gritenijen it saneamde Nederrecht. De grytman bestjoerde syn gemeente en wie tagelyk rjochter. Hy waard bystien troch in siktaris, de assessoren, de bysitters (meastentiids twa), in eksekuteur en in fiskaal. De gritenijrjochtbank koe lytse saken bahannelje, dy’t te meitsjen hienen mei it eigendomsrjocht, tabrochte skea, mislediging en stellerij. Der waarden hast gjin frijheidsstraffen oplein, mar der waarden wol boeten en liifstraffen útdield. Fan de boeten wie in part foar de gritenij en in part foar de grytman sels. De liifstraffen bestienen út giseljen, brânmerken of te kaak stellen. Foar slimme gefallen, moard, brânstichting, ensfh. waarden de fertochten trochstjoerd nei it Hôf fan Fryslan yn Ljouwert. (Boarne: Fryslans ferline, D. Kooistra en H. Oldenhof)

Erfskip

Auke Staal ervet it âld hûs fan syn omke. Hy hat omke foar de oarloch foar it lêst sjoen. Doe wie it altyd feest as omke kaam.
Hy mei iens it hûs noch net yn, earst moatte twa mânlju it hûs leechromje. Auke wachtet hjir net op.
No’t er it hûs fan omke ervet, wit er net wat er fan omke tinke moat. Wie omke dan sa oars as Auke earstiids tocht? Wie omke in NSB-er? En wat hat omke syn foarrige buorman oandien? Oan de ein fan it stik bliuwt der net folle goeds fan omke oer.

De tsien fan Fardou

Fardou hat in listke makke mei tsien ‘geboaden’: se sollisitearret net wer, se wol gjin peuken fan de buorlju oer de hage, der moat wat dien wurde oan de herje fan de biersûpers neist har hûs, de sosjale kontakten yn de strjitte en de wyk moatte better, de ferbouwing fan it hûs moat klear, har man Euwe moat yn in maatskip, har man mei net flikfloaie mei de buorfrou, Fardou wurdt de perfekte mem, Euwe moat ophâlde Fardou yn de tredde persoan oan te sprekken en Euwe mei net hieltyd ‘leave’ tsjin har sizze.
Oan alle tsien geboaden wurdt yn dit stik hurd wurke mar se slagje net allegearre. Foaral de perfekte mem wurde, Fardou sil dochs earst yn ferwachting reitsje moatte.

Moatte, altyd mar moatte

Sinteklaas wol net mear wurkje. Hy wol mei pensjoen. Hy wol net altyd mar moatte.
Mar dat kin fansels net, Sinteklaas kin net ophâlde. Se betinke fan alles en úteinlik krije se Sinteklaas dochs sa fier dat er net mei pensjoen giet.

Happy family

Bindert Koetsier, de baas fan it bedriuw, sil allinne (syn frou is fuortrûn) mei de pakesizzers nei Skylge. Ek in dochter fan ien fan de wurknimsters giet mei. Bareld Groeneweg, in âld freon fan Bindert, wol him mei ha nei Súd Amearika, achter de jonge froulju oan, lyk as eartiids.
Hy hat op syn mobyltsje ek allegearre foto’s en filmkes dy’t net geskikt foar jonge bern binne. Mar Bindert wol sa net mear. Op Skylge ferdwynt de dochter fan de wurknimster. Hat Bindert har wat oandien? Is Bindert wol de man dy’t wy tinke? Hokker rol spilet Bareld hjir yn?

Ald mei nij

De Herfoarme en de Grifformearde Tsjerke yn Westersee binne fusearre. Sa as op wol mear plakken is net eltsenien gelokkich mei de nije situaasje.
As de pastorije ôfbaarnd, krekt foar de komst fan de nije dûmny, wit Sibrich dy’t yn it ferline kosteres wie fan de Grifformearde Tsjerke wat se moat: ûnder har lieding wurdt it wer sa’t it ienris wie. Se set om sa te sizzen de klok jierren efterút.
Dat dit spanningen jout, benammen by de tige moderne foarsitster fan de tsjerkerie, mei dúdlik wêze. Oare spanningen binne der ek genôch: Wiebe Tingel en Jacob Lapke dogge alle war om wat oan de brân te fertsjinjen, Murk – de man fan Sibrich – hellet de âlde bannen mei de pastoar oan, Nagelhaan – fersekeringsman – is derfan oertsjûge dat de brân oanstutsen is.
Al mei al binne der in protte problemen yn de tsjerklike mienskip fan Westersee.