It begûn by de brege

It spilet yn in ynrjochting.
Der sitte jonge minsken dy’t eins net nei bûten doarre. Op in dei komt der in nij famke, dat har sels te koart dwaan wol by in brêge. Lieke is bang dat har âlders net akseptearje wolle dat se lesbysk is.
Nei in filmke op YouTube fan Anne dy’t in liet sjongt wylst se klean oan hat dy’t ien fan de oare pasjinten, Pascal, ûtwurpen hat, feroaret der wat.
Anne wol no sjonge en har sjen litte oan de wrâld, Pascal sil by Gucci oan it wurk.

Pake wol wer heit wêze

Heit fertelt syn soan dat hy wer heit wurde wol. De soan is it der hielendal net mei iens en de tredde persoan fynt it wakker nijsgjirrich. Oan de ein blykt dat heit yn alle gefallen wer heit wêze wol.


Ienakter 14 siden

2 manlju en 3 manlju of froulju


André Beeksma hat mei ’Pake wol wer heit wêze’ yn de kategory ’Ienakters’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

 

 

Droomoord

Trije studinten tinke dat se in protte jild fertsjinje kinne troch yn harren studintehûs in hotel/restaurant te begjinnen.
Se neame it hotel: “Jongerenhotel Droomoord” en pleatse in advertinsje mei de tekst:

Hotel/restaurant Droomoord
waar al uw dromen uit komen

in oarspronklik frysk stik

Fakânsje

Fakânsje is in koarte ienakter foar de jongerein, en spilet him ôf op in camping
Der komt in mem mei twa dochters op ‘e camping en it is dúdlik dat dizze
minsken hjir net thús hearre. De mem is in hystearysk minske dy’t noch nea
op in camping west hat en de bern hawwe wakker de gek mei har.

Beppes ûngemakje

Dit stik nimt ús mei werom nei 1960, nei in tiid doe’t de jongerein it net sa krekt naam, en frije seks gewoan wie.
Beppe Jitske belibbe dizze wylde tiid mei har freonen yn en om in park earne yn de grutte stêd.
Durk Slofstra, in jonge fan it plattelân, komt yn de stêd om foar dûmny te learen. Hy lit him, foar in
koarte tiid, ferliede ta it hippie wêzen sûnder yn de gaten te hawwen wat der fan komme kin.
As de beppesizzers jierren letter by tafal yn de kunde komme mei de wylde jierren fan harren beppe
komt it hiele ferhaal op it aljemint.

Leafde en Amore

It stik spilet op in trochsnee skoalle earne yn Fryslân.
Bern út ferskate sosjale klassen sykje harren plak yn de wrâld, wêrby, lykas yn hjoeddeiske amerikaanske televyzjeprogramma’s, stoerdwannerij en it behâlden fan harren posysje op skoalle tige wichtich is.
As bliken docht dat de simmerleafde fan Henry op deselde skoalle sit is dat fansels in ramp foar de populêre Henry, en hy nimt fanwegen syn posysje ôfskie fan syn leafde.
Mei harren hilaryske spul tinke master en juffer ek fereale te wêzen,…… of is dat dochs wat oars ?
En sa is eltsenien drok dwaande mei syn as har swierrichheden, mar op ’e ein fan it stik komt it troch twa wûnderlike figueren dochs noch goed mei de leafde.