De dea en it famke
In echtpear ferbliuwt yn in hûs oan see. De frou, Paulina, leit op bêd as der ien oanbellet. It blykt de dokter te wêzen, dy’t komt om te sjen hoe it mei har man Gerardo giet. Dy hat lêsten in ûngemak hân. Wylst Gerardo mei de dokter praat werkent Paulina de stim fan de man. Hy is it dy’t har fiif jier lyn ferkrêfte en martele hat, neidat se oppakt waard troch it diktatoriale rezjym dat oan’e macht wie.
Gerardo noeget de dokter, Roberto, út om sliepen te bliuwen, fanwege it lette oere. De folgjende moarn is Pauline betiid fan bêd ôf. Se oermastert Roberto en bynt him fêst op in stoel. Hy wegert lykwols syn misdieden fan eartiids ta te jaan. Paulina soe him wol fermoardzjen wolle, mar dat giet har man, dy’t no ek wekker wurden is, te fier. As jurist twifelt er noch oan de gong fan saken. Se wurde it iens dat Roberto in ferklearring ôflizze en ûnderskriuwe moat. Wylst no einliks stapke foar stapke oan it ljocht komt hoe’t it der by de ûntfiering en mishanneling fan Paulina om en ta gong (sa martele de dokter syn slachtoffers ûnder de musyk fan Schuberts ‘De dea en it famke’), komme ek bepaalde minne kanten fan Gerardo út dy tiid oan it ljocht.
Sûnder it te wollen, ferriedt Roberto op’e ein syn belutsenheid. Dochs liket Paulina op dat stuit der net ta te kommen om him te eksekutearjen. De lêste sêne is in dreameftich tafriel, dêr’t we Gerardo en Paulina by in konsert sjogge. Pauline sjocht dan de dokter en knikt him út de fierte ta.