De dea

De hannelsreiziger Lytsman leit te sliepen as der troch in stel manljû fan ’t bêd trommele wurdt. Hy moat meirinne mei in boargerwacht om’t der in moardner trapearre wurde moat. Lytsman wit nearne fan en hat der gjin sin oan, mar syn frou hat wol fan de ferneamde moardner heart en fynt dat er in keardel wêzen moat. Deabenaud giet Lytsman de strjitte op. Yn it tsjuster krijt er de bibberaasjes. Net ien wit him te fertellen wat er dwaan moat en letter docht bliken dat der ferskate ploegen mei oare plannen omrinne. Lytsman wurdt twongen om te kiezen, mar dat kin der net. Dan wurdt er troch in heldersjende fan de plysje ‘ûntmaskere’ as de moardner. Hast sille se him ophingje as der berjocht komt dat de maniak earne oars oan it moardzjen west hat. Elkenien fljocht der hinne. Allinne moetet Lytsman de moardner, dy’t der – yn syn gefal – krekt sa útsjocht as hy sels…
In Kafka-eftige klucht, mei skerpe dialogen.

De dea en it famke

In echtpear ferbliuwt yn in hûs oan see. De frou, Paulina, leit op bêd as der ien oanbellet. It blykt de dokter te wêzen, dy’t komt om te sjen hoe it mei har man Gerardo giet. Dy hat lêsten in ûngemak hân. Wylst Gerardo mei de dokter praat werkent Paulina de stim fan de man. Hy is it dy’t har fiif jier lyn ferkrêfte en martele hat, neidat se oppakt waard troch it diktatoriale rezjym dat oan’e macht wie.
Gerardo noeget de dokter, Roberto, út om sliepen te bliuwen, fanwege it lette oere. De folgjende moarn is Pauline betiid fan bêd ôf. Se oermastert Roberto en bynt him fêst op in stoel. Hy wegert lykwols syn misdieden fan eartiids ta te jaan. Paulina soe him wol fermoardzjen wolle, mar dat giet har man, dy’t no ek wekker wurden is, te fier. As jurist twifelt er noch oan de gong fan saken. Se wurde it iens dat Roberto in ferklearring ôflizze en ûnderskriuwe moat. Wylst no einliks stapke foar stapke oan it ljocht komt hoe’t it der by de ûntfiering en mishanneling fan Paulina om en ta gong (sa martele de dokter syn slachtoffers ûnder de musyk fan Schuberts ‘De dea en it famke’), komme ek bepaalde minne kanten fan Gerardo út dy tiid oan it ljocht.
Sûnder it te wollen, ferriedt Roberto op’e ein syn belutsenheid. Dochs liket Paulina op dat stuit der net ta te kommen om him te eksekutearjen. De lêste sêne is in dreameftich tafriel, dêr’t we Gerardo en Paulina by in konsert sjogge. Pauline sjocht dan de dokter en knikt him út de fierte ta.

Nei de rein

Yn 12 sênes sjogge wy acht minsken dy’t wurksum binne by in supermodern bedriuw mei 49 etaazjes yn de finansjele wrâld. It hat al twa jier net reind. De minsken steane letterlik en figuerlik droech. It stik spilet him ôf yn’e takomst, dy’t tichtby is. Smoken is ferbean. Alles is sa oerorganisearre, dat der allinnich noch mar romte is foar ‘efficiency’ en rasjonaliteit. In op hol sleine maatskippy, dêr’t wurkjen de noarm wurden is en de minsken ûndergeskikt makke binne.
Dizze acht personaasjes binne eins noch in bytsje ‘minsklike’ minsken. Alhoewol.., betiden liket it der op dat se ek in slach mei de moalpûde hân hawwe. Geregeld flechtsje se it dak op om te ûntkommen oan de druk fan it bedriuw. Dêr smoke se stikem mei inoar en ûntsteane der pratendewei alderlei yntriges. Sa no en dan blykt in sêne mear in dream as wurklikheid te wêzen.
Hoe hâldt in minske him steande as de wrâld hieltyd hurder draait? Op it ein begjint it te reinen en te wjerljochtsjen en elk naait op syn eigen wize út, op syk nei in nije, oare takomst – nei de rein.
In postmoderne klucht fan in Spaanske (Katalaanske) skriuwer (oerset út it Nederlânsk).

De jongen yn’e bus

Om’t hjoed syn jierdei is, noeget in man de taskôgers út by him yn de bus te komen. Sa gau as de taskôgers binnen binne, fertelt de man harren dat er gek is. Hy fertelt harren hoe’t komt. It docht bliken dat er de stim fan syn mem heart. Sterker noch, sy ferkynt hieltyd, mar oaren sjogge har net.
It moaiste is, as dit stik echt yn in bus spyle wurdt.

Sil de strânjutter

Sil, de hertstochtlike strânjutter, weaget as minskerêder meardere kearen syn libben. Hy rêdt út de wylde see in lyts famke út in boatsje fan in Sweedske brik, dy’t op it strân slein is. Sil neamt it famke Lobke en nimt har yn syn húshâlding op. Se bringe har grut mei harren beide soannen, de drokke Jelle en de sêfte Wietse.
Bewurking fan de ferneamde roman.

Alle dagen snein

Georges en Marie binne troud en we sjogge harren yn harren deistige libben. Georges is krekt mei de VUT en timmert no wat yn syn hok om, Marie docht it hûshâlden. Se prate in soad byinoar lâns en hawwe it in soad oer de tiid. Se wenje bûtenút, Marie is dêr net bliid mei, de bern komme hast noait mear del. It binne twa minsken yn it lêst fan harren dagen. Wat moatte jo noch dwaan? Wêr moatte jo it noch oer hawwe? Georges fersûpt him yn syn wurk om hjir mar net oan te tinken. Marie wol graach leuke dingen dwaan no’t Georges der einlik tiid foar hat. Dan ferstjert Marie.

Wêr giet it oer?

In plantsoentsje mei in tillefoansel en in bankje, dêr’t in man op sit te lêzen. Dan komt in frou op en smyt in kwartsje yn de tillefoan, mar it petear rint mis en se is it kwartsje kwyt. Se freget oan de man oft hy miskien in kwartsje hat. Dat hat er wol, mar hy wol earst witte: “wêr giet it oer?”. Se soe wolris opdracht jaan kinne ta in misdied en dêr wol hy net oan meiwurkje. Sy fynt dat belachlik, mar bliuwt dochs oan’e praat mei dizze nuvere keardel.
Der folgje in tal healwize en komyske redenerings, dy’t net maklik gear te fetsjen binne.
By eintsjebeslút jout de frou – dy’t ûnderwillens dochs in kwartsje krigen hat – dat kwartsje sûnder nei te tinken ôf oan in man, dy’t yndie telefoanyske opdracht jout… ta in misdied.
In aardige ienakter yn de styl dy’t ek bekend is fan ‘Waldolala’, ‘Het Willy Dobbe plantsoen’ en in grutte rige oare tillevyzjeprogramma’s fan dizze skriuwer.

It stientsje mei de hûn

De seekapitein Oelke mei fan syn frou Jildou net in hûn meinimme om’t se sa skjin is dat se gjin bisten yn’e hûs hawwe wol. Oelke giet dan lilk fuort en komt net wer thús. Jildou feroaret fan betinken, is tige ûnwennich en begjint ek wat minder krekt te wurden op it wurk.
Nei ferrin fan jierren komt Oelke mei stoarmwaar oan’e wâl mei de hûn en is fansels tige wolkom. In stik mei gâns libben, fral troch de ôfwikseling fan it toaniel (it twadde bedriuw spilet bygelyks yn’e haven); der is hiel wat lokale kleur yn oanbrocht.

It toverspegeltsje

It stikje bestiet út twa helten. Yn de earste helte wurdt ferteld hoe’t de tredde soan, neidat it de earste en twadde net slagge is, de prinsesse oan it laitsjen kriget. Dêrtroch rekket de fiskbonke út har kiel en kin se wer prate. Durk soe no wol mei de prinsesse trouwe kinne, mar hy moat it bewiis fan syn kinnen jaan om sjen te litten, dat hy foar de prinsesse de wiere Durk is. Hy moat fiif siken, dêr’t alle dokters mei oan binne, wer better meitsje. Dat slagget him, troch de siken wiis te meitsjen dat ien fan de fiif opoffere wurde moat om de oare fjouwer fan har kwaal ôf te helpen. Op slach binne se alle fiif wer better, want gjinien wol foar de oare opoffere wurde. Sa kinne Durk en de prinsesse trouwe.

De lêste reis fan Bearend Bolderbast

Yn dit stik giet it oer it komplot fan Jildwolf, de minister fan Kening Durk III, tsjin de kening, om de macht oer it lân yn hannen te krijen. Jildwolf hat in fetsje mei fergif stellen en lit dat troch syn feint Hantlanger yn’e see leegje. Alle fisk dy’t dêr yn swimt, sil dan fergiftige wêze en de kening, dy’t dy deis fisk ite sil, sil stjerre. It komt lykwols net safier dat Jildwolf dan de macht oernimme kin, want Doutsen, de keukenfaam, fernimt krekt op tiid dat de fisk ferjûn is. It slagget Bearend Bolderbast dan ek noch om it jild út de skatkiste, dat Jildwolf meinommen hie, wer yn feilichheid te bringen, dat kening Durk de Tredde is út’e soargen wei en hoecht net mear in minister fan finansjele swierrichheden mear. It stik beslacht oan tiid in hiele jûn – it skoft meirekkene – en it is ornearre foar de bern fan de heechste klassen. Mar it lient der him ek tige foar, troch folwoechsenen foar de bern spylje te litten.

Opstân yn lyts Kabouterlân

It is in boel yn Lyts Kabouterlân. De kabouters ha dêr altyd puntmûtskes droegen, mar om’t de folkjes om harren hinne al lang in oare dracht ha, wol men yn Lyts-Kabouterlân de puntmûtskes ek ôfskaffe. Dêr moatte dan alpino-mûtskes foar yn’t plak komme. Och, och, tink ris ta! Master Wiisnoas giet safier, dat er de puntmûtskes al ferbiedt op skoalle. Mar dat noasket de bern net, benammen net as de âlde Griisburd mei harren stiet. De elfe-keninginne makket dat alles wer ynoarder komt.

Spegels

It spegelfolkje rekket syn spegeltsjes kwyt oan de “gribeltsjes”, mar kriget it op freedsume wize werom.
Ien enoar wurdt ôfwiksele mei tige flotte sankjes.

Gepiel mei it segel fan Baarderadiel

It stik spilet om 1750 hinne, foar it grutste part op it doarpsplein, mei in skandpeal dêr’t Simen Simens yn beklonken wurdt om’t er fan de grytman sein hat dat er in bolleholle hat. In koartswilich stik mei gâns mooglikheden fan klaaiing en dekor, dêr’t allerhande doarpsfigueren fan dy tiid har gerak krije, en dat te pas makke wurde kin op eigen kontrei.

De doar

Earne yn in skoalle is in geheimsinnige doar. De masters hawwe de bern goed yndruid: ûnder gjin betingst meie se troch dy doar gean. Guon bern binne tige nijsgjirrich nei wat der efter dy doar wêze mei. Op in frije dei seit ien fan’e jonges dat er stikem de kaai fan’e doar meinaam hat. Nei lang beried doarre fiif jonges en fiif famkes it oan om dochs troch dy doar te gean. Se komme yn in leech skoallokaal, dêr’t in âlde master foar de lege banken sit te sliepen. As er wekker wurdt is er útlitten bliid, dat er wer bern yn’e klasse hat en oan’t wurk kin. It slimste foar de bern is, dat er harren net wer gean litte wol. Gelokkich falt de âlde baas efkes yn’e sliep en kinne de bern him de kaai wer ûntfytmanje.

De slachsin

Bearn en Rinskje hawwe f 2000,– wûn mei in ynstjoerde slachsin, sa hat it buorfamke Houkje yn’e krante lêzen, dat der sil feest fierd wurde. Houkje sil der foar soargje, dat der fan alles oantúgd wurdt. It feest sil krekt begjinne, as Houkje der heal skriemende ynkomt om te fertellen, dat se har fersind hat: it gyng om in oare Bearn Abbema yn it doarp. Dat hat fan gefolgen, dat de leveransiers de oranjekoeken, de segaren, de Rivella en de t.v. mei nei hûs nimme en it feest net trochgiet. Mar dan.. komme der twa hearen om de teloarstelde Bearn en Rinskje f 2500,– te bringen, dy’t de “Dierenbescherming” harren tatocht hat, om’e hja sa útsonderlike goed foar bisten binne!

De wunderko

De heks hat in potsje mei tsjoenderspoeier weibrocht. Yn dat potsje sitte alle goede dingen dy’t minsken foar elkoar dwaan kinne. Twa bern fine it potsje yn’e bosk en dan barre der wûnderlike dingen. It giet mei de buorkerij fan harren heit net sa goed, dêrom keapet heit in nije ko. Dy fret by fersin fan it tsjoendesrpoeier en jout dan gjin molke, mar oar dingen dêr’t heit ryk fan wurde kin. De heks tsjoent de ko werom, dy jout no neat mear, mar blaft en kweaket. Alles komt goed as se de heks fange en wat fan har eigen poeier jouwe, en dan docht bliken dat de heks in betsjoende prinses is.

De jierdei fan master Tsjoender

Master Tsjoender is haad fan’e toveners-skoalle en moarn sil’t syn jierdei wêze. Bobbel en Knoffel, oars no just net de snoadsten fan’e klasse, spylje in grutte rol yn’e tarieding fan it feest, fral as se by ûngelok midden yn in groep hekskes, ûnder lieding fan Juffer Sietroena, belânje. En dan kin sa’n feest fansels net sûnder heksebiezem en heksedûns….