Sels baas op’e Rûne Pôle

In keppel bern hawwe har bekomst fan de grutte minskewrâld hjirre mei al syn ûngerjochtichheden, dat se beslute om meiinoar earne op in eilân yn’e oseaan in bettere maatskippy op te setten, dy’t se nei har eigen sin en sûnder oare middels as dy’t de natuer har dêr biedt, ynrjochtsje kinne. Yn’t earstoan is’t in hiele toer om oan’e kost te kommen en har de nedige geriven eigen te meitsjen. En der wurdt ek alris ien slim ûnwennich fan heit en mem, mar se slagge har der linkenoan better troch, dat se hâlde it neffens har doel in hiel jier út – en… mei wille. It twadde bedriuw spilet him nei de ein fan dat jier ôf, as de heiten en memmen op kommende wei binne om har bern wer op te heljen en by dy gelegenheid helje se yn sang en petear nochris op hoe’t se it opret ha en hoe’t se mei de beheinde middels ek noch fernimstich genôch wiene om de hjeldagen fan ús lân dêr yn’e frjemdte te betinken en te fieren. Flotte dialogen mei gâns humor en ferskes dy’t goed yn’t gehoar lizze.