Sels baas op’e Rûne Pôle

In keppel bern hawwe har bekomst fan de grutte minskewrâld hjirre mei al syn ûngerjochtichheden, dat se beslute om meiinoar earne op in eilân yn’e oseaan in bettere maatskippy op te setten, dy’t se nei har eigen sin en sûnder oare middels as dy’t de natuer har dêr biedt, ynrjochtsje kinne. Yn’t earstoan is’t in hiele toer om oan’e kost te kommen en har de nedige geriven eigen te meitsjen. En der wurdt ek alris ien slim ûnwennich fan heit en mem, mar se slagge har der linkenoan better troch, dat se hâlde it neffens har doel in hiel jier út – en… mei wille. It twadde bedriuw spilet him nei de ein fan dat jier ôf, as de heiten en memmen op kommende wei binne om har bern wer op te heljen en by dy gelegenheid helje se yn sang en petear nochris op hoe’t se it opret ha en hoe’t se mei de beheinde middels ek noch fernimstich genôch wiene om de hjeldagen fan ús lân dêr yn’e frjemdte te betinken en te fieren. Flotte dialogen mei gâns humor en ferskes dy’t goed yn’t gehoar lizze.

Adieu Parys

Rinse hat meidien oan in opstelkriich oer Parys en dêr de earste priis mei fertsjinne foar syn skoalle. Ut alle klassen meie der guodden mei nei Parys, dat is de priis dy’t er der mei wûn hat. Se geane fjouwer dagen op paad om alles wat mar nijsgjirrich is te besjen. Harren gids Françoise is twatalich en uteraard hikke en tein yn Parys. It is de lêste jûn en alles wat se sjoen en dien ha wurdt yn sang en petear nochris oereide. It wie prachtich allegearre, mar… Fryslân is’t ek en se noegje har graach út foar in besite hjirre.
De bewurker hat Grouster nammen en sitewaasjes ynpast, mar mei wat feroaringen yn’e tekst kin it rûnom spile wurde. Gaadlik foar bygelyks Mavo-skoallen.

De ûnderkrûpers

Durk en Aukje, Jelle en Petra kampearje yn’e bosk. De jonges ha it toverfluitsje fan de boskfamkes fûn, mar witte net hoe’t it brûkt wurde moat. Petra ûntnadert it har, Aukje rekket fuort. de “ûnderkrûpers, dy’t ek efter it fluitsje oansitte, dogge in poeier yn it drinken fan’e bern. De jonges drinke derfan en reitsje yn’e macht fan de ûnderkrûpers. Mar Petra slagget it om frij fan har ynfloed te bliuwen. Yn it twadde bedriuw sitte de ûnderkrûpers wakker efter Petra en it fluitsje oan, mar dy binne elk te snoad ôf. Sa brekt de boskfee mei har famkes de betsjoening en komt alles wer goed. In bulte aksje en humor dy’t de bern grif oansprekt.

Twa kibje, twa skuld

In stik oer en foar it amateurtoaniel. As Hiddo Walkema ál tefolle yn it toaniel opgiet, sinnicht dat syn frou, Alian, mar min. Man en frou libje dan ek byelkoar lâns. As Alian telefoantsjes fan in ûnbekende oanbidder kriget, seit se dat om dy reden dan ek net tsjin har man. Dy hat it ek fierstente drok mei de jonge kreaze haadrolspylster.
Alian har mem wol ha, dat Alian ek mei toanielspylje sil, dan kin se yn Hiddo syn hobby diele en kin alles wer yn ’t rjochte spoar komme. De ûnbekende oanbidder wurdt bekend en wurdt n.b. lid fan Hiddo syn toanielselskip! No driget de situaasje pynlik te wurden!
De stjerspylster fan it selskip wurde slieptabletten tapart, dan kin Alian in jûn har plak ynnimme om it sadwaande wer mei har man iens te wurden. De repetysjes wurde by Hiddo en Alian oan hûs hâlden, mar mei troch de eigen sinnen en nuveraardichheden fan de spilers, rint alles yn ’t hûndert. By einsluten docht bliken dat Hiddo, earst as in grapke, letter út erchtinkendheid, de persoan wie dy’t Alian anonym skille hat. Beide witte dan dat se tenei mear betrouwen yn elkoar ha moatte.

Wolven en skiep

Arnold Poortinga is fertsjintwurdiger fan syn berop. Hy kin by syn firma in goede omset helje en alles liket foar de wyn te gean. Oant op in stuit de saak opnommen wurdt yn in grut konsern en der in belied komt dêr’t de effisiensy by foar master opslacht. Reorganisaasje makket dat in folle jongere kollega fan him, mei bettere papieren, boppe him steld wurdt en hy oansizzing kriget dat syn wurk teni út it haadkantoar wei regele wurdt en dat der in hegere omset helle wurde moat. Mei in healjier rekket er sadanich frustrearre, dat er ûnder dokters hannen rekket en wol ôfkard wurde sil.
Koart sein: in stik dat in probleem fan dizze tiid behandelet. In probleem dat troch reorganisaasjes en sluten fan bedriuwen in algemien probleem neamd wurde kin, in probleem ek dêr’t langer in protte minsken fan te lijen hawwe.
In flotte dialooch mei gâns humor.

Femke

Tema: Problemen yn de man-frou relaasje. Remmelt Donia hat slim oan ‘e drank west, mar is troch in ûntwenningskuer wer op it rjochte paad kommen. Syn frou, Lokke, is wat in sêft type, dy’t har it ferstjerren fan harren hûntsje Femke tige neinommen hat. Se kin it net litte en rop sa no en dan by de efterdoar it hûntsje syn namme. Se hawwe in tige goede húsgenoate oan Marijke Bolding, dy’t befreone is mei Tamme, dêr’t se ek mei op en út giet, en dy’t ferkearing hat mei Benno, dy’t om utens wennet. Oan Rimmelt is te merken dat er mear as gewoane belangstelling hat foar Marijke en dat er it suver net útstean kin as se mei Tamme thúskomt. Oan Lokke kin men witte dat se wat apart niget hat oan manlju mei in goed postuer.
As Marijke Tamme in nacht mei yn har sliepkeamer nimt, kin Rimmelt him net langer goed hâlde en grypt er nei de flesse. Fangefolgen komt er foar in wike yn in psychyatryske ynrjochting telâne. It seit himsels dat Lokke dêrtroch ek wer alhiel fan ‘e wize rekket. As Marijke mei Benno trouwe sil en it hûs út rekket en Rimmelt wilens wer thúskommen is en allinne mei Lokke efterbliuwt, lizze de problemen tusken en yn dy beide minsken wer dúdlik bleat.
Tewyl’t Lokke de jiskepûde bûten set, jit Rimmelt al wer in skoat jenever troch syn fruchtesop, dat syn frou foar him klearset hat….

In ferlegene boel

Yn ‘e húshâlding fan Ben en Bonny, mei harren twa dochters en in soan dogge har gâns swierrichheden foar, dy’t by allegearre spanningen oproppe. Martsje, de âldste dochter, flechtet it hûs út om de jongfeint, dêr’t se fan seit te hâlden, efternei te reizgjen nei Frankryk, dêr’t er hinne flechte is, omdat er it thús net mear úthâlde koe by syn swier oerspande heit. Soan Bote wol fan skoalle ôf om’t er gjin nocht oan learen hat en wat fertsjinje wol, tewyl’t de jongste dochter Aly alhiel oeral is fan in kealleferkearing mei in doktorandus.
De heit ferwachtet in promoasje dy’t mar net komt en kin sadwaande net folle oan ‘e holle útstean. Hy réagearret fuortdaliks mei lilkens as der mei de bern wat oars giet of driget te gean as dat hy mient dat it gean moat. Ien en oar réagearret er almeast op mem ôf. Dy komt jin temjitte as wat in hússloof, dy’t tige har bêst docht om de swierrichheden op te heinen, mar dy’t der ûnder dizze omstannichheden ek net tsjin op kin. Dêrom is it goed dat har suster by harren komt om alles in bytsje mei ferstân en ferdrach by te stjoeren dêr’t dat kin.
Heit kriget syn promoasje wol, mar botte fleurich is er net as er heart dat syn dochter útnaaid is. Hy set har fuort efternei nei Frankryk en thús bliuwe hja yn spanning efter, hoe’t dit ôfrinne sil.
As hja op ’t lêst wer thús bine, is de boat foargoed oan as bliken docht dat de dochter yn ferwachting rekke is; teminsten dat hie heit begrepen. Alle reboelje is om neat, wat dat oangiet, want it is in misbegryp. De âldste dochter wol fan skoalle ôf om jild te fertsjinjen om de jonge, dêr’t se ferkearing mei hat, leare te litten.
Hawar, by eintsjebeslút komt it measte wer op syn poatsjes del en sa einiget it stik doch noch yn in feeststimming fanwege de promoasje.

De têst mei stuorkes

Yn ‘In Heidepyk’ ha wy sjen kinnen hoe’t Yfke de famylje van Essen en har ‘beskaving’ de rêch takeart, neidat Pake har by syn ferstjerren rynsk betocht hat en de lju ynienen alle war dien ha om by har yn ‘e geunst te kommen.
Hoe’t it har fierder giet yn har nije bestean wurde wy yn dit ‘ferfolchstik’ “De Têst” gewaar, dat wy benammen útjûn ha op oanstean fan de selskipsbestjoeren dy’t in jier of wat lyn ‘In Heidepyk’ foar kar namen en dêr tige sukses mei hiene.