Kinne jo mei sizze, faaks?
(noch gjin beskriuwing)
In eksperimenteel stik.
(noch gjin beskriuwing)
In eksperimenteel stik.
Douwe Fertún hat al syn libben lang hurd wurke. No sil er ris dwaan wat er altyd al dwaan woe. Yn syn tún bout er in toer fan allerhande guod. Syn frou Janke fynt it mar ûnsin. Sa tinkt soan Albert der ek oer. As wethâlder skammet er him dea foar it gedrach fan syn heit. Allinich Geartsje, de frou fan Albert, en foaral Lys, de dochter fan Albert en Geartsje begripe pake wol.
It gemeentebestjoer beslút dat de toer ôfbrutsen wurde moat, oft Douwe wol of net. Mei in bulldoazer wurdt besocht it gefal om te triuwen. It slagget net. Mar dan slacht de algemiene stimming om yn it foardiel fan Douwe. It gemeentebestjoer makket no in held fan Douwe Fertún en fan de toer in toeristyske attraksje.
Spitigernôch komt de omslach foar Douwe te let. Hy is yn in rolstoel bedarre en kin net mear prate. Albert pronket no mei de fearren fan syn heit en Douwe syn frou Janke komt werom.
In bittere komeedzje.
In húshâlding mei in winkel yn de benearjende jierren fyftich, earne yn Limburch.
It stik giet oer de swierrichheden dy’t him foardogge yn in húshâlding wêrfan ’t de leden by elkoar wenjen bliuwe, wylst se mekoar neat mear te sizzen ha.
Dit stik is in bewurking fan de roman Mephisto fan Klaus Mann. Yn dit boek wurdt in part fan it libben beskreaun fan de ferneamde Dútske akteur Gustav Gründgens. Yn de jierren tweintich wie dizze man aktyf yn it artistike, maatskippij-krityske fermidden fan Berlin, mei Klaus Mann en syn suske Erika (bern fan Thomas Mann). Gründgens troude mei kabaretiêre Erika Mann, mar it houlik duorre net lang. Dat hie te krijen mei it opportunisme fan Gründgens, dy’t ek trochspylje woe doe’t de nazi’s yn 1933 oan’e macht kamen. Mei syn rol fan Mephisto (de dúvel) yn Goethe’s ‘Faust’ waard er sels in favoryt fan de nazi’s. Lykwols symbolisearret krekt dizze rol ek it ferrie fan Gründgens as keunstner.
It stik (yn de bewurking fan Arianne Mnouchkine, de Frânske regisseur fan it Théâtre de Soleille) jout in spektakulêr bild fan de tiid fan de jierren tweintich en tritich yn Dútslân, in tiid fan artistike frijheid en ûnderdrukking, fan freonskip en ferrie.
In keppel bern hawwe har bekomst fan de grutte minskewrâld hjirre mei al syn ûngerjochtichheden, dat se beslute om meiinoar earne op in eilân yn’e oseaan in bettere maatskippy op te setten, dy’t se nei har eigen sin en sûnder oare middels as dy’t de natuer har dêr biedt, ynrjochtsje kinne. Yn’t earstoan is’t in hiele toer om oan’e kost te kommen en har de nedige geriven eigen te meitsjen. En der wurdt ek alris ien slim ûnwennich fan heit en mem, mar se slagge har der linkenoan better troch, dat se hâlde it neffens har doel in hiel jier út – en… mei wille. It twadde bedriuw spilet him nei de ein fan dat jier ôf, as de heiten en memmen op kommende wei binne om har bern wer op te heljen en by dy gelegenheid helje se yn sang en petear nochris op hoe’t se it opret ha en hoe’t se mei de beheinde middels ek noch fernimstich genôch wiene om de hjeldagen fan ús lân dêr yn’e frjemdte te betinken en te fieren. Flotte dialogen mei gâns humor en ferskes dy’t goed yn’t gehoar lizze.
In stikje foar de middelklassen, dêr’t in aktueel probleem op boartlike wize yn oan’e oarder steld wurdt, te witten it fesmoargjen fan it wetter. In mingsel soene je it stikje neame kinne fan in fabel en in ferhaaltsje fan in pear jonges dy’t in skat fine.
De earnige notaris Plom hat in baarch slachtsje litten en sit dermei, dat syn ferstoarne frou eartiids wend wie spek oan earme minsken te jaan. Hy freget de slachter om rie, hoe’t er dêr ûnderút komme kin. Dy syn rie: “Jo moatte rûnstruie, dat de baarch stellen is”. falt der goed yn. De oare moarns – de nachts hawwe soantsjes fan de slachter de baarch út notaris syn kelder helle! – is notaris alhiel oerstjoer. Hy giet nei de plysje, dy’t komt om de slachter op te pakken. De jonges lizze dan stikem de baarch wer te plak, dat as de plysjeman mei de slachter en de notaris yn’e kelder komme leit it bist dêr wer, as hie er der noait wei west. De plysje sil no notaris arrestearje fanwegen in falske beskuldiging. De slachter seit lykwols, dat er gjin oanklacht yntsjinje sil, as notaris ferskillende dingen taseit, ûnder oaren dat de baarch ûnder earme minsken ferdield wurde sil. Om’t de man goed yn’e lytse loege sit, wol er wol om lyk, dat alles komt ynoarder.
Twa fikse jonges, Wander en Jilles, binne de bosk yntein op syk nei de keningsdochter, dy’t nearne te finen is. Der stiet in grouwe beleanning foar: de prinsesse sels. Se belânje by it slot fan in rôfridder en it doel fan harren komst liket harren soer op te brekken: Jilles bedarret yn in hoale ûnder de grûn en Wander giet ek al in raar gat yn. Aldergeloks hat de rôfridder in aardige dochter: Aurelia. En mei dy har help giet alles op in blier ein ta, mei…fjouwer lokkige jonge minsken.
Yme en Jeltsje binne troch de hekse Doerakine yn har hûs finzen set. Yme liet in fûgel frij, dy’t oan in beam fêstspikere siet en doe pakte de hekse harren. Yme giet moarn yn’e panne en Jeltsje sil earst yn’t soer set wurde. Wylst de hekse en har trije susters harren bliid meitsje om it feestmiel fan de oare deis tikket de fûgel bûtendoar boadskippen op’t glês, dat de bern de moed net ferlieze moatte. As de heksen eefkes it hûs út binne komt de fûgel, dy’t no yn in fee feroare is, en docht de bern in middel oan’e hân om de heksen te fiter te hawwen.
Sjoerd Rollema is in rike frijfeint, dêr’t de froulju tige smucht op hawwe. Fan dat om him hinne draaien fan dy froulju, hat er skjin syn nocht en dêrom makket er in oerienkomst mei syn goed 20 jier âldere húshâldster, dat hja de wrâld kunde dwaan sille fan harren houlik, wat net wier is. Mocht ien fan beide syn mûle foarby prate, dan is dy de oare in heal miljoen gûne skuldich. Sjoerd rekket dat jild neffens himsels net kwyt, omdat er net trouwe wol en de húshâldster Hinke is fan miening dat de jongeman wolris in faam treffe sil dêr’t er sin oan kriget en dan soe hja altyd de kâns hawwe om dy slompe jild yn ‘e wacht te slepen. Rollema moat foar saken nei it bûtelân en as de dochter fan frou Tillema (de húshâldster) mei in freondinne thúskomt út Ingelân, dan witte hja it sa te regeljen, dat mem nei harren fakânsjehúske yn Ingelân giet en hja tegearre fakânsje hâlde kinne yn it hûs fan Rollema.
Om alle oanrin en drokte dy’t efter de publikaasje fan it houlik fan Rollema en har mem weikomt, te mijen sizze de beide froulju dat de dochter mei Rollema troud is, ynpleats fan de mem. Dat bringt kunde en frjemd yn twifel, mar net ien komt it krekte oan ‘e weet. Dan komme der swierrichheden, mar mei help fan in freon en in kranteskriuwster komt alles yn ‘e es en ta einbeslút reitsje Sjoerd èn syn freon beide oan de frou nei har sin.
Trije broers hawwe it elektrysk bedriuw fan harren heit trochset, neidat dy ferstoarn is. Harren sinnen rinne lykwols safolle útinoar dat hja mei rûzje útinoar reitsje, ta grut fertriet fan harren mem.
Twa broers bliuwe yn ‘e âlde saak, de tredde begjint foar himsels en bekonkurrearret de oaren.
Dy beide rêde it nei ferrin fan jierren net op en harren jildsjitter wol allinne noch in kâns jaan as de tredde broer der wer by komt, omdat dy de kapasiteiten en it betrouwen hat.
Op mem har 70ste jierdei beslút de iene broer syn eigen saak der oan te jaan en syn bruorren foar te stellen mei him yn ‘e âlde saak op ‘e nij te begjinnen. Dat nimme de oare beide oan en sa wurdt dizze dei foar allegearre, mar foaral foar mem, in prachtige feestdei.
Oan ‘e stamtafel fan kastleinske Richtsje, earne yn it wetterlân, wurdt drok praat oer in rige ynbraken dy’t der de lêste wiken yn ‘e kontreien foarfallen binne. It each falt geandewei mear op twa bekende figueren, foaral om ’t noait ien der efter komme kin wêr’t dy mannen altyd mar wer mei oan ‘e kost komme. Aldergeloks binne der in pear nij-ynkommers, allebeide plysjeman yn ‘e stêd, dy’t it slagget om de saak op te rôljen en dan docht it bliken dat de skuldige net ien oars is as in fêste pensiongast fan Richtsje, dêr’t oant no ta noait ien op komme sillen hie.
En oan ‘e ein fan it stik kriget Richtsje ien fan ‘e beide plysjes ta man, en dan moat fansels dy syn kollega ek oan ‘e frou holpen wurde, en dat wurdt dan har muoikesizzer, Froukje.
Ienfâldich fan opset dit stik, mar fleurich en net botte swier om te spyljen.
Rispingestate wurdt bebuorke troch âlde Kuper mei help fan bedriuwslieder Koert en de faam Gelske.
No’t de âldman ferstoarn is, komt notaris om de erven yn te ljochtsjen oer it testamint.
Dy erven binne in soan, Aan, twa dochters, Menta en Houkje, de lêste mei har man, en dan moat der noch in dochter yn Dútslân wêze, dy’t in bern oerwûn hat, mar dêr witte hja hjir it measte net fan.
De neibesteanden binne fansels allegearre like slij nei it erfskip, want wat is op it heden in grut boerespul wol net wurdich: oardel miljoen?
As notaris útein set mei it testamint, docht bliken dat âlde Kuper alderearst tocht hat om de ferpleechster, dy’t hast in jier sa goed op him past hat: hja kriget de sieraden, meast goudspul.
Justjes letter komt de bûtelânske pakesizzer der yn en om te witten oft dy ek mei parte kin, moatte der papieren út Dútslân komme. Sadwaande moat de sitting fersteld wurde, mar allegearre bliuwe dêr salang útfanhûs.
By einbeslút docht bliken dat mem en dochter yn Dútslân beide al ferstoarn binne en dat de ferpleechster de rol fan de pakesizzer spile hat om tiid te winnen, want de âldboer hat yn it testamint oan Koert en Gelske de pleats foar 24 jier yn hier tasein, mar dy beide moatte it earst noch iens wurde en dat hinget der yn, ek al omdat dêr in rike boeredochter, Hike, tusken sit te stikeljen.
Hawar, it komt fansels allegearre wol klear, mar it wurdt foar de famylje yn safier in ôfalder, dat hja foarearst tefreden wêze moatte mei hier barren en gjin grutte stikken op it board krije.
Dit stik is in skets fan in fakânsje fan Marten Bierma en syn frou Lysbeth. Der wurdt ûnder oaren in filosofy yn útarbeide oer it houlik (de ferhâlding man-frou) en fierder wurdt der ynsjoch jûn hoe’t dy ferhâlding by oaren (ek fakâansjepearen, dy’t se moetsje) is.
Der komt in pearke yn foar dat wol meiïnoar libbet, mar net troud is, in spantsje dêr’t de man alles, mar dan ek àlles fan regelje wol en dat ek besiket yn de omgong mei oare pearen; en fierder noch in dichter mei houliksproblemen en sa mear.
It spilet him ôf op in kampearterrein.
Arjen Soalsma syn wyfke moat om op te knappen in setsje nei it bûtenlân. Dat is foar Arjen in heel spul, want hy moat dy tiid allinne sjen om te krijen. Hy en syn maat bedarje op in jûn yn in kafee en fan it iene komt it oare. Hy rekket op it lêst mei twa jonge froulju nei hûs, om’t dy oars sa let gjin plak mear krije kinne; hy hat nammentlik de auto fan ien fan harren yn syn oerstjoerens tsjin in beam ’total loss’ riden, dêr’t in jonge plysje him mei bemuoit. De oare moarns komt skoanmem harren oer ’t mad, alhoewol’t alles yn ’t fatsoenlike tagien is. Ien fan de fammen sjocht op ‘e troufoto dat it krekt dyselde deis 12½ jier lyn is dat Arjen troude. Dan komt ûnferwachts syn frou wer thús, neidat er omraak rûzje mei skoanmem hân hat.
Sy hat de ôfrûne dagen dêrjinsen oer alles neitocht en bringt har swierrichheden foar it grutste part werom op skoanmem, dy’t suver altyd by harren oer de flier kaam en har dochter noch as in bern sjucht en behannelet. Fan no ôf moat skoanmem in takke tebek en kriget it houlik wer kânsen.
Frits Deen, skriuwer fan syn berop, hat in tige kreaze frou troud, mar fergiet al fan oergeunst as oaren mar nei har sjogge. It pear is befreone mei Fred Burns en syn húshâldster. En no fertinkt Frits syn frou derfan dat dy it mei Fred hâldt. Dat levert in slimme scène op.
Syn frou kin it net mear oan en mist ek de macht om ûnder de sitewaasje wei te kommen. Frits jout har dan in toanielstik te lêzen, dêr’t er harren sitewaasje yn dramatisearre hat. In sitewaasje dy’t útrint op neat minder as in moard. Fuort dêrnei wurdt Frits yn ‘e bosk dea oantroffen en komt de plysje yn it spul. Fred wurdt hâlden foar de skuldige, mar oan ‘e ein docht bliken dat it selsmoard west hat, mei de bedoeling om Fred – en tagelyk ek syn frou – te treffen.
In lûdbân bringt op ’t lêst de oplossing.
Yn ‘e húshâlding fan Ben en Bonny, mei harren twa dochters en in soan dogge har gâns swierrichheden foar, dy’t by allegearre spanningen oproppe. Martsje, de âldste dochter, flechtet it hûs út om de jongfeint, dêr’t se fan seit te hâlden, efternei te reizgjen nei Frankryk, dêr’t er hinne flechte is, omdat er it thús net mear úthâlde koe by syn swier oerspande heit. Soan Bote wol fan skoalle ôf om’t er gjin nocht oan learen hat en wat fertsjinje wol, tewyl’t de jongste dochter Aly alhiel oeral is fan in kealleferkearing mei in doktorandus.
De heit ferwachtet in promoasje dy’t mar net komt en kin sadwaande net folle oan ‘e holle útstean. Hy réagearret fuortdaliks mei lilkens as der mei de bern wat oars giet of driget te gean as dat hy mient dat it gean moat. Ien en oar réagearret er almeast op mem ôf. Dy komt jin temjitte as wat in hússloof, dy’t tige har bêst docht om de swierrichheden op te heinen, mar dy’t der ûnder dizze omstannichheden ek net tsjin op kin. Dêrom is it goed dat har suster by harren komt om alles in bytsje mei ferstân en ferdrach by te stjoeren dêr’t dat kin.
Heit kriget syn promoasje wol, mar botte fleurich is er net as er heart dat syn dochter útnaaid is. Hy set har fuort efternei nei Frankryk en thús bliuwe hja yn spanning efter, hoe’t dit ôfrinne sil.
As hja op ’t lêst wer thús bine, is de boat foargoed oan as bliken docht dat de dochter yn ferwachting rekke is; teminsten dat hie heit begrepen. Alle reboelje is om neat, wat dat oangiet, want it is in misbegryp. De âldste dochter wol fan skoalle ôf om jild te fertsjinjen om de jonge, dêr’t se ferkearing mei hat, leare te litten.
Hawar, by eintsjebeslút komt it measte wer op syn poatsjes del en sa einiget it stik doch noch yn in feeststimming fanwege de promoasje.
Twa susters en in broer, allegearre al sawat om ende by de 60 jier, binne fan adelik komôf, hawwe in grut part fan it eardere famyljebesit al ferkeapje moatten en wenje no noch yn in kreaze bungalow mei in feint foar de hynders en de tún en in faam foar it wurk.
De âldste fan de froulju sjocht de wrâld noch as yn de tiid fan de adel: hege hearen en dames en dêrnjonken earme arbeiders, dy’t dat hege folk tige achtenearje. De jongste tinkt dêr oars oer, en hat wol troch dat it gewoane folk oars tinkt as hûndert jier tebek. De man hat lykas syn heit altyd rij libbe: der hynders op nei hâlde, dêrmei nei draverijen, gokke en sûpe en samar troch. Sa dwaande is it besit aardich beklonken en is dat gjin rêgegraat mear foar de staasje sa’t hja dy winliken wol fiere wolle. De man hat koartlyn in manspersoan oanriden en is mei in stik yn ‘e kraach trochriden.
De ûntjouwing yn dit stik slacht op it feit, dat hja troch in tafal út ‘e mûle fan ien dy’t it witte kin, komme te hearren hoe’t it folk destiids – en no foaral – oer harren tinkt (it earste tema) èn dat oan ‘e ein fan it stik bliken docht foar de susters dat harren broer immen deariden hat en dat stilhâlden hat (twadde tema).
Hy wurdt yn ’t lêst fan it tredde bedriuw foar de kar set oft hysels de plysje skilje sil of dat hja it dwaan moat. Hy nimt de telefoan en dan giet it doek ticht.
In âldman, dy’t sawat blyn is, siket mei syn pakesizzer om in Klaas, dêr’t er it op fersjoen hat en dy’t er deasjitte wol. Earst komme se telâne by in eachtdokter, dy’t de âldman oan in bril helpte moat. De pakesizzer hat wakker it wurd en op it lêst kriget pake dokter syn bril op en sjocht dan alles like klear: ek dat dy dokter de Klaas wolris wêze kin dêr’t se om sykje. Dokter wurdt deabenaud en besiket fan alles om útstel te bewurkjen. Hy seit dat er in pasjint ferwachtet en dat dat harren Klaas wol wêze sil. As de doar opgiet, sjit pake en falt der ien del (út it sicht). De beide manlju lykje foarearst tefreden, mar komme wer nei ’t se sizze. As se de doar út binne, giet de telefoan en makket dokter op moarn in ôfspraak mei… Klaas. Hy skillet fuortdalik pake-en-dy op, fielt him dan ûntlêstige en giet sitten te lêzen.
Lubbert en syn frou Jeltsje steane op sprong om mei fakânsje te gean. Hja sille mei it spoar en hawwe de jûns fan tefoaren de koffers al sawat ynpakt, dat hja rekkenje no rojaal op ‘e tiid te kinnen. Alles slagget lykwols tsjin: hy snijt him by it skearen, de koffer wol net ticht en hy knypt de fingers dertusken en al sokke tsjinstuiten mear. Dat op it lêste reitsje hja noch hals oer de kop en mei hiel oare klean oan mei in taksje ta de doar út.
Dan hawwe de feint en de faam it ryk allinne en dy binne it tegearre gau iens.