De wachtkeamer

De Vries komt hieltyd del op de earste helppost om ’t er mient dat er in slimme sykte ûnder de lea hat. Hy moat holpen wurde, mar net ien harket nei him. Syn frou is koartlyn, yn it selde sikehûs, oan kanker stoarn. Sa no en dan komt sy, as in skynsel del. De oare pasjinten hawwe dúdlike kwalen en krupsjes en wurde al holpen. De Vries net. Hy liket him te hechtsjen oan it plak dêr’t syn frou it alderlêst west hat.
Gerben, de sjarmante, madzjo ambulânse broeder, nimt him net echt serieus. Gerben siket Maaike, resepsjoniste, geregeldwei op en besiket it mei har oan te lizzen. Hy is ûnwis yn ‘e leafde, ek om’t syn frou in saneamde swinger is. Hy kin der ferhipte min oer dat Maaike in spesjale bân mei De Vries opbout en nimt wraak.

Nee, do bist fleurich

Martin, Lisa en Esther ha by elkoar yn de klasse sitten op de basisskoalle en binne eins de iennichsten dy’t oerbleaun binne fan in grutte ploech en noch mei elkoar befreone binne.
Mar, sa as de measte freonskippen, driget ek dizze te ferwetterjen.
Dit komt mei omdat Martin bekend wurden is as Rick út de televyzjesearje ‘ Vallen en opstaan’ en oare belangen hat. Hy fynt syn freonen fan eartiids minder wichtich en tinkt allinne oan himsels.
Hy sjocht lykwols net yn dat er hjir mei dwaande is.
It stik begjint mei ein reuny dy’t krekt ôfrûn is. Martin hat tasein dat hy dêrby wêze soe, mar hy hat net west.
Lisa en Esther ha goed de smoar yn dat Martin harren wer ris sitte litten hat.

Thús

Trije âlde mantsjes yn in fersoargingstehûs. Se kleie oer harren kwaaltsjes yn de komyske earste helte fan it stik en uterje yn de twadde helte harren eangst foar de dea en harren langst nei in fiktyf thús.
Yn dit stik wurdt werjûn hoe ’t minsken elke wêzentlike belangstelling foar inoar kwyt wêze kinne, ja sels harren eigen namme net ienris mear witte.

De God fan de Hel

It stik fertelt it ferhaal fan Frank en Emma, dy’t yn Wisconsin in molkfeebedriuw ha. Se liede in rêstich libben yn isolemint. Frank libbet foar syn inters (kij) en Emma soarget foar har man, it hûs en foaral foar alle planten dy’t yn harren hûs dominearje.
Harren fredige bestean wurdt fersteurd as Haynes, in âld maat fan Frank, midden yn’ e nacht by harren komt en him dêrnei skûl haldt yn harren kelder. Net lang dêrnei stiet in menear Welch by Emma oan de doar. Hy docht him foar as ferkeaper fan patriottysk guod, mar al gau wurdt dúdlik dat hy oare bedoelingen hat. Der folget in proses van yntimidaasje . Wat wol dizze man en wat stiket der noch mear efter?

Wobbe (yn neitins)

Wobbe is in keunstskilder, dy’t talint hat, mar noch net ûntdekt is. Mar Lokke hat fermoedens en is op sukses en oansjen út, ek jild is se net fiis fan. Se bringt Wobbe oan it skilderjen en spant galeryhâlder Strikkema der foar. Se witte it talint fan Wobbe geheim te hâlden en besykje der in slaatsje út te slaan. As Strikkema Wobbe meidielt dat der noch gjin tentoanstelling yn sit, is Wobbe bot teloarsteld. Hy lit him net mear sjen. Freonen en húsgenoaten bringe nei bûten dat Wobbe ferdronken is. Lokke docht har foar as de ferloofde fan Wobbe en wol daliks oanspraak meitsje op de erfenis.Strikkema organisearret tentoanstelling mei Wobbe syn skilderijen, om der op dy wize jild út te slaan. De ûntmaskering fan Strikkema en Lokke komt fansels oan it ein fan it stik. It ein is hilarysk, der komt foar Wobbe net allinne jild los, mar hy mei ek noch oan de echte leafde priuwe.

It Goudene Uleboerd

Roel Eise Timminga – grutboer, wol ek de spitkeet fan Jimke (duvelbanner) noch ha. De duvel is syn adviseur. Jimke syn dochter Lokke wurket op de pleats fan Roel, dêr ’t ek soan Eise tahâldt. Eise hat it op Lokke. Lokke wol net om it stânsferskil. It rint faai ôf. Jimke sprekt in flok oer de pleats. Roel fermoardet Jimke.Fine Eise en Lokke elkoar?
(nei it boek fan G. Spaanderman-Wielenga)

Jierdei op foarhân

Mem giet efterút. Se is demintearjende. De soan wol har nei in ferpleechhûs ha. De dochter wol har thús hâlde. As broer en suster ta in ôfspraak kaam binne, blykt dat mem sa har eigen spulrigels hat. Hoe slim is it om op it krekte stuit it bêste beslút te nimmen?

Blommen foar in bline

Op in middei yn’e maitiid rattelt by de bline skriuwster, Helen Witteveen, de telefoan. De man oan de oare kant hat, alteast sa liket it, in ferkeard nûmer draaid. Dyselde middei skillet hy noch in stikmannich kear. Op ‘e jûn stiet hy ynienen yn ‘e keamer mei in bosk blommen. Helen seit, dêr gjin nocht oan te hawwen en freget him om fuort te gean. Dêr wol hy neat fan witte. Al gau docht bliken dat de man geastlik net doogd. Hy fertelt oer syn libben. Hy is dea seit er en allinne syn lichem docht wat hy tinkt wat er dwaan moat. Oer syn hannen wol er net prate. Dy hawwe te faak syn mem slein en hy waard opsluten yn ‘e tsjustere kast, syn boartersguod trape hy kapot. Dan komt de buorfrou fan de skriuwster en dat blykt syn mem te wêzen. Sy docht leaf tsjin him en wit no seker dat hy siik is. As sy fuort giet jout se him in tút en Michel begjint te sjongen. It wurdt in spannende lange jûn.
In stik foar selskippen dy’t ris wat oars as oars spylje wolle.

Ik bin alhiel fan jo, meneer Visser

De famyljes Visser (Greet en soan Guus) en de Skouten (Joop, Ine en Joop syn suster Bea) komme tafallich meielkoar yn’e kunde, omdat Bea tidens in konsert njonken Guus komt te sitten. Dit is it begjin fan in “relaasje” tusken harren.
Tusken Joop, dy’t abbekaat is, en Ine binne de rapen gear, omdat Joop it blêd, dêr’t Ine haadredaktrise fan is, foar de rjochter slepe wol. Ine wol har gram helje en rûkt har kans as Guus in pân erft, wêr’t in bedriuw yn festige is.
It bedriuw blykt in bordeel te wêzen, wer’t twa hoeren harren berop útoefenje ûnder tafersjoch fan Pyt.
Dit is in kâns foar Ine om Joop in hak te setten, as hy der signalearre wurdt.
Oan’e ein fan it ferhaal blykt de erfenis op in misferstân te berêsten, mar dat makket foar Guus en Bea neat út. Sy har mear as genôch oan elkoar.

De sigaar

David en Amy binne op twadde houliksreis. Se treffe Linda en Robert. David leit it oan mei Linda en hat net troch dat syn frou al rillegau de boel yn’e gaten hat. Se set har man geregeld foar’t blok troch alderhande ferhalen te betinken. Se is hiel gehaaid. Robert hat fan de affaire neat troch mar docht syn beklach by David. Hy fertelt dat hy it fermoeden hat dat syn frou in frijer hat, en mocht er der efter komme wa’t dat is, hy dy persoan omraak geweken nimme sil. Faaks kin David in bytsje om Linda tinke! Fansels rinne Linda en David tsjin de lampe en it liket der dan ek op dat it fjochtsjen wurd. Dan docht bliken dat David in grutte bangeskiter is. As Amy him letterlik en figuerlik hielendal útklaaid hat lit se him oan syn lot oer. Linda treft him alhiel feralterearre oan en sjocht yn dat se oan dizze man neat hat. Se lit him yn syn sop gearsiede en dat wie no krekt wat Amy graach woe. David hat syn les leard en sjocht no wol yn dat er sûnder Amy neat is.

Pyp, de mûs, kin it net!

In ferteller knoopt de sênes oan inoar fan dit bernestik “mei 5 mûzefamkes, 10 mûzejongens en ien poes”!
Alle jierren hâlde de mûzen in kear de tsiisblokjesrace. Dat bart yn it wykein, want dan is de poes mei de minsken fuort. As de twa groepen keazen wurde, wurde Pyp en Foekje altyd it lêst útkeazen, omdat de iene altyd stroffelet en de oare fierstente stadich is. Dat bart ek dizze kear.
As de oare mûzen yn harren holtsjes lizze te sliepen, komme Pyp en Foekje mekoar tsjin, mar ek de poes! As Pyp dat de oare deis fertelt, wurdt er net leauwt. Dan begjint de race. Mar Pyp en Foekje hawwe wat betocht. It slagget harren om de poes te fangen. No binne sy yn ien kear de winnaars fan de dei. En dus is der feest!

PS Dit stik is spesjaal skreaun foar skoallen. Der binne trije varianten fan foar resp. de ûnderbouw (dit stik), de tuskenbouw en de boppebouw. Fansels kin it ek troch oare ploegen spile wurde. It tal spilers kin oanpast wurde.

Saakje

In âlde frou sit allinnich en ûnwennich yn in âldereintehûs. Se hawwe har krekt ferhûze en no wol se graach allinnich wêze om alles yn har omgean te litten. Se freget har wol ôf, werom it sa wêze moast dat se sa lang allinnich libbe. ‘In raadselen wandelt de mens op aard…’ Stadichoan kringe de bylden út it ferline nei boppe: oer har man Sybren, har mem, har bern, de tiid op de buorkerij. It pynlikste fan al dy oantinkens is it momint dat se fergees wachte op har man, doe ’t se swier wie fan har twadde bern en doe it berjocht kaam dat Sybren in deadlik ûngemak krigen hie.

Besykoere I

1. ÚTRANZJEARRE. Dit stik spilet yn de romte fan in fersoargingshûs.
2. NET TE BEGRIPEN. Dit stik spilet yn in keamer fan in sikehûs.
Mei de twa ienakters yn BESYKOERE II foarmje dizze twa ienakters in rige dy’t sawol los as as rige spile wurde kin.
Alle stikjes litte minsken sjen dy’t op de ien as oare wizen opslúten binne, sûnder folle útsicht op ferbettering. It binne minsken dy’t troch de maatskippy oan harren lit oerlitten binne. Net allinnich de haadpersoanen, ek de famyljeleden dy’t harren opsykje binne de finzenen fan har eigen ideeën. Se sitte fêst oan de hearskjende konvinsjes en automatismen. Harren besite betsjut foar de besochte meastal net mear as in koart ljochtpunt.

Besykoere II

1. FEROARDIELD. Dizze ienakter spilet yn de besikersromte fan in finzenis.
2. WEET OP’E GRUTTE DYK. Dit stik spilet yn in psychiatryske ynrjochting.
Mei de twa ienakters yn BESYKOERE I foarmje dizze twa ienakters in
rige fan fjouwer, dy’t sawol los as as rige spile wurde kin.
Alle stikjes litte minsken sjen dy’t op de ien as oare wizen opslúten
binne, sûnder folle útsicht op ferbettering. It binne minsken dy’t
troch de maatskippy oan harren lit oerlitten binne. Net allinnich de
haadpersoanen, ek de famyljeleden dy’t harren opsykje binne de
finzenen fan har eigen ideeën. Se sitte fêst oan de hearskjende
konvinsjes en automatismen. Harren besite betsjut foar de besochte
meastal net mear as in koart ljochtpunt.

Yn ferbân mei Sophie

As Sophie dy sneon yn augustus har jierdei fiere sil, is se al in skoft net by’t spul. Joast fernimt it wol, mar tinkt dat it komt omdat har heit ferstoarn is en troch de soarch foar har mem. Alex hat sa syn eigen belangen by de betizing fan syn eardere leafde. Syn frou Liesbeth kin har bêste freondinne net berikke. Yn de grutte hal fan har hûs docht Sophie spultsjes mei harsels en it libben. De realiteit fan it deistige libben is foar har sa bedriigjend; se begjint harsels te ferwûnjen. Joast mei dat beslist net witte. Joast net en nimmen net. As dat wol bart, liket it dat se trochdraait. Mar it soe ek wolris oars wêze kinne. It is en bliuwt spannend.

Moeke

Moeke in frou fan ± 75 jier, dy’t sa stadichoan net safolle mear kin. Har stok is har ienige hâldfêst! It libben fan Moeke bestiet út seuren en kankerjen, mar as jo goed lústerje komme jo der efter dat Moeke lykas safolle âlde minsken iensum wurdt. In minske dy’t allinne noch mar oer harsels en eartiids prate kin. En dat docht se.. prate.. har hiele libben giet oan jo foarby. En dat wie net sa’n maklik libben. Sa falt fan it iene ferhaal yn’t oare en begjint de boel trochinoar te heljen. De dochter dy’t sa no en dan by har komt lit alles mar wat oer har hinne komme, al is soks somtiden net maklik. Sels de krityk dy’t mem op har man hat nimt se foar leaf. Dizze dochter hâldt fan har mem en sil oan’e ein ta foar har mem soargje!
Moeke: in werkenber stik.

Sterker as goud

Kroechhâldster Tet, net sûn mear, kin har kafee slite foar in soad jild mar sy gunt it bedriuw oan, op har kosten, studearjende neef dy’t tinkt yn de hoareka mear fertsjinje te kinnen. Dat slagget tige; nei sawat twa en in heal jier is hy smoarryk én oan de drank. Elske, dy’t foar Tet soarget en in ynwenjende keunstskilder hiel aardich fynt, trout mei dy neef. Krijt gjin oandacht, it houlik mislearret. De saak nei gichem en it measte jild fuort. De patser, dy’t earder it bedriuw al oernimme woe, hat no alles, mar komt foar de winige doar, benammem troch in poatige útsmiter, dy’t syn freon (altyd) trou bleaun is. Elske stiet wer foar de kar; de keunstskilder of har fan de drank ôfkikte man. In kreauwend stel ( skoppend en skellend) dat ek by’t spul heart, foarmet it komyske elemint yn dit stik.

Inkele reis noardpoal

Mefrou Sara hat alle kunde, fan har en har man, útnoege dy’t se net lije mei. It is de bedoeling dat se in nacht oerbliuwe. Alteast dat tinke de gasten. Mar Sara hat yn’e mande mei de butler wat betocht. Se litte de besite leauwe dat der in moard plege is op de skriuwer dy’t komme soe te sprekken. As de tillefoantried stikken blykt te wêzen en de keamersdoar op slot, komme de karakters ynienen hiel skerp út de ferve. Negatyf. Suver triomfantlik en hiel tefreden dat se dizze besite net wer út hoecht te noegjen, lit mefrou de gasten op’e ein ôfsette.

Boer bliuwe

Simmer op in boerebedriuw. Heit is krekt ferstoarn. De soan wurket foar in leanbedriuw, dat sadwaande stiet de mem der suver allinne foar. Der binne skulden en de saken stean der net bêst foar.
De man fan de bank riedt de mem oan it spul te ferkeapjen en in hûs yn’e buorren te keapjen. Dêr wol se neat fan witten. Se siket in oare oplossing.
De soan, in stillenien, makket plannen om te emigrearjen nei Kanada. Hy wol graach dat syn mem mei giet en besiket har foar it blok te setten. Mar foar har is dy stap fierstente grut. In maatskiplik wurkster, dûmny en de bankman jouwe allegear goed bedoelde rie, mar dat kin de hieltiid gruttere twaspjalt tusken mem en soan net kearen.
In modern drama oer de ferneatigjende ynfloed fan maatskiplike krêften op it libben fan minsken dy’t mar ien ding wolle: Boer bliuwe.

Wachtsjend wetter

Hidma ferhuzet nei it bûthûs om tichtby syn siik hynder te wêzen. Hy is widner. Hy hat syn frou en dochter ferlern by in auto-ûngelok. Der binne trije froulju dy’t tige goed op d’âld baas passe, allegear om in oare reden. Mar soan Auke, dy’t jierren lyn -nei rûzje mei syn heit- emigreard is, spilet dêr wol yn mei. Hidma driget syn pleats kwyt te reitsjen oan in projektûntwikkelder. Lit dit no krekt de soan wêze fan de frachtweinsjofeur dy’t syn frou en dochter dea riden hat. Buorman komt alle dagen oan en kriget in slokje; hy is it iens mei Hidma, mar as buorfrou heart hoefolle jild de projektûntwikkelder biedt, giet hy dochs omtrint oerstach. Feedokter Alys besiket Hidma safier te krijen dat er ynsjocht dat it hynder net wer better wurdt. Hidma moat in beslissing nimme, mar nei alle tsjinslach yn’t libben fielt er him as wachtsjend wetter dat de stream net wer krije kin..