Stien

De titel ‘Stien’ is koart, mar hat in dûbele betsjutting. Yn ’t foarste plak is it de grutte stien,
midden op it toaniel, dy’t in wichtige rol spilet. ‘Stien’ hat lykwols ek te meitsjen mei in noch
al elitêre aksjegroep, dy’t alle war docht om de doarpsbewenners derfan te oertsjûgjen, dat se
harren tunen beplantsje moatte en net fol lizze moatte mei stiennen en tegels.
Nei de aksjegroep wurdt kritysk sjoen. De leden binne al wat âlder en wolle graach fan harren
hearre litte.
In jonge lânskipsarsjitekte krijt fan de aksjegroep de opdracht om fan it stikje grûn dêr’t de
grutte stien leit in soarte fan foarbyldtún te meitsjen, dy’t ek brûkt wurde kin foar allerhande
aktiviteiten. Har assistinte is in jong famke dat siket nei har woartels.
It is de troch de drank oan leger wâl rekke learaar Latyn dy’t har op it spoar fan har
biologyske heit bringt.

Jouke

Jouke is in boeresoan fan sa’n fjirtich jier, hy wennet by heit en mem op ’e pleats. Hy docht allinne mar wat heit seit, nei mem lústert er net. As heit stjert en mem letter ek, moat Jouke allinne mei de pleats trochgean, mar hy lit de hiele boel fersuterje. Op ’t lêst wurdt alle fee ophelle.

Hy sit faak te dreamen, en dan sjocht er in famke, Roas. Syn heit hat him faak ferteld oer Roas. Roas wie in hiel moai Joadsk famke en siet yn de oarloch ûnderdûkt by de buorlju fan pake en beppe. Tsjin de ein fan de oarloch wurdt Roas noch oppakt troch de Dútsers en ek wer frijlitten.

Nei de oarloch is Roas mei har mem nei Australie ferhuze. Jouke tinkt dat Roas wer werom komme sil en hy wol dan mei har trouwe.