Gjin bern ha wolle mar wol krije
De frou fan de boargemaster fan in lytse gemeente yn Fryslân komt, nei dat se in pear wike yn in kueroarde west hat, wer thús. Op it stasjon nimt se de ferkearde tas mei, yn de tas blykt in baby te sitten. Amper hat se de situaasje oan har man útlein, of de plysje stiet al foar de doar, om te sizzen dat der in baby stellen is. At de boargemaster útlizze wol dat it in fersin is, wol dat de plysje net oan. “Samar in baby meinimme, dat bestiet net. Dêr moat wol in misdiedich brein achter sitte”. Bang foar syn baantsje, doart de boargemaster fierder neat te sizzen, mar no sitte hy en syn frou wol mei in baby opskipe, wêr’t troch elkenien om socht wurdt. In baby trouwens, dy’t op de meast ûngelegen mominten in kiel opset en blyk jout fan syn bestean. En besykje dat mar es geheim te hâlden, of better sein, út te lizzen oan de minsken dy’t mei regelmaat by je oer de flier komme.