Simke in Frysk famke

As Sido Ydeman de Simke Kloostermanpriis wint omdat hy it moaiste berneboek skreaun hat, dukt hy op ynternet yn Simke s libbensferhaal. Hy rekket alhiel yn har besnijing en wol graach witte wa t Simke Kloosterman, Fryslans earste romanskriuwster, no echt wie…, werom waard se dy t se wurden is? Wat en wa foarmen mei har karakter? Wat dreau har? Wer wie se nei op syk? Leafde? Frijheid? Of dochs beide? Geandewei Sido’s syktocht nei Simkes libben untstiet der in bysundere freonskip, dy t de taskoger meinimt nei Simkes siel.

Fan de famylje moatte jo it ha

Op it buten de Ikehof wennet freule Emma mei har dochter Anna. Oant no ta giet alles goed mar dan komt tante ut Nij Seelan op besite. Tante makket elke moanne in leuk bedrach oer nei Emma. Noflik. Mar se hat tante wol wiismakke dat se lokkich troud is en in husfeint hat en in soan. Hoe moat Emma har hjir utrede? Spoeket it echt op de Ikehof?

Ienris twaris

Earste ienakter: Twa Brieven
Twa minsken, dy’t alles ferlern ha, fine elkoar.
De iene is ûntsnapt oan de ferskrikkingen fan in oarloch en de oare wurdt oan ‘e kant set troch syn frou.
Se steane beide mei lege hannen, mar dan jouwe se elkoar de hân. Beroaid, mar net allinne.

De twadde ienakter giet oer de repetysje fan “Twa brieven”.
De beide spilers út de earste ienakter ha earder in relaasje hân en it is gjin tafal dat sy inoar no wer moetsje.

Flean op!

In húshâlding fan ‘Jan Steen’ fan Tineke, styfmem fan trije bern. Se is troud mei Hans. Har mem wennet by de húshâlding yn. Tineke is dejinge dy’t alles docht yn de húshâlding. Se wurdt brûkt foar alle ferfelende karweikes.

Flean op!

In húshâlding fan ‘Jan Steen’ fan Tineke, styfmem fan trije bern. Se is troud mei Hans. Har mem wennet by de húshâlding yn. Tineke is dejinge dy’t alles docht yn de húshâlding. Se wurdt brûkt foar alle ferfelende karweikes.

Blauprint

Blauprint giet oer trije manlju dy’t wurkje oan in houtkonstruksje. Se ha in boutekening mar net ien begrypt hjir wat fan.
It freget nauwe gearwurking. Minslike faktoaren sa as erchtinken, opportunisme en selsoerskatting fertroebelje de ferhâldingen, wêrtroch it hast ûnmooglik wurdt de bou-opdracht ta in goed ein te bringen. In stik mei in protte humor.

Privee foar twa

Sy is de minneres fan twa manlju dy’t elkoar net kenne, wylst har man in misdiediger is yn Súd Amearika. Dan komt har suster útfanhûs en ien fan de manlju ferstûket it ankel wêrtroch beide manlju tagelyk oanwêzich binne en de leagens elkenien om de earen fleane

Privee foar twa

Sy is de minneres fan twa manlju, dy’t elkoar net kenne, wylst har man in misdiediger is yn Súd Amearika. Dan komt har suster útfanhûs en ien fan de manlju ferstûket it ankel, wêrtroch beide manlju tagelyk oanwêzich binne en de leagens elkenien om de earen fleane

De bekearlinge

Chris Fernandez hat in ferhâlding mei Ron, in Joadske, âldere man. Se wol graach mei him trouwe, mar hy fersint alderlei ferlechjes, sadat er net trouwe hoecht. Hoewol’t er oprjocht fan har hâldt, doart er it nei twa mislearre houliken net oan. At er as reden oanfiert dat syn mem djip religieus is en dus in houlik net akseptearje sil omdat Chris net Joadske is, beslút se om har te bekearen. Se giet op les en rint alle prosedueres troch dy’t by in bekearing hearre. Yn’ t earst docht se it allinne omdat se dan trouwe kin, mar al gau krijt it Joadske geloof har yn’ e greep. Op de dei fan har eksamen blykt dat Ron ek nei har bekearing net fan doel is om mei har te trouwen en at dan ek noch es Ron syn mem opdraven komt dy’t folslein it tsjinoerstelde is fan in âlde djipgelovige frou, is foar Chris de maat fol. Se stelt him in ultimatum. Of hy freget har binnen tsien sekonden at se mei him trouwe wol, of se giet foargoed by him wei. Ron kiest nei in wize libbensles fan syn mem, aaien foar syn jild en freget syn freondinne om mei him te trouwen.

De favoryt

De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle sakeman mei in frou, in ‘ferlerne’ soan en in net al te snoade twilling. Op in jûn krijt de famylje besite fan in ‘boadskipper fan God’ as sadanich te herkennen oan in grutte ‘G’ op syn sweater. Us moderne Job wegeret God te fersaken en dus wurdt er fan dat momint ôf achterfolge troch rampspoed. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid wegeret er om syn God te fersaken. At er alles kwyt is krijt er fia de boadskipper (dy’t syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.

In frjemd stel

It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr’t in groep freondinnen elke freedtejûn by elkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinne rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noeget Olive har út om salang mar by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, binne nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy’t yn itselde gebou wenje. Olive hat har sinnen op beide manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Uteinliks is by Olive de maat fol en se set Florence der út. Hoe kin it ek oars as dat Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as..de beide Spaanske broers. Dit is de frouljus ferzje fan de ferneamde en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon.

It dilemma fan Rose

Yn har lúkse filla oan it strân fan East Hampton stiet skriuwster Rose Steiner op in kearpunt yn har libben. Se hat al jierren neat mear skreaun en har jild rekket op. Har eardere minnaar, de literêre reus Walsh McLaren, biedt har – fan út syn grêf – de kâns miljoenen te fertsjinjen. In boek moat ôfmakke wurde, dan is se ryk. Dat sil net maklik wêze en se moatte der in spookskriuwer foar brûke. Dy is net maklik te finen. Rose mei de kandidaat, Gavin Clancy, dêr’t Walsh mei oankomt, net snuven hearre. Mar it boek sels ôfmeitsje kin se ek net. Hoe moat it dan? Dit is in oandwaanlik, grappich, romantysk en ûnfoarstelber toanielstik, skreaun troch Amearika’s favorite blijspulskriuwer en winner fan de Pulitzer priis.

De show fan Max Prins

It is 1953. It skriuwersteam fan de Max Prins show, in hiele populêre televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat. Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa’t de show syn libben is, rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om manieren te betinken om NBC werom te pakken.

Ferdwaald yn New York

New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan fiifentritich, dy’t yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in komfortabel appartemint. At is stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De jonges komme dêrom foar langere tiid by beppe en harren muoike Bella ûtfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde. Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd en omke Louie blykt in gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin wêryn’t harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.

Op wei nei rom

Bernie en Zelda driuwe al jierren mei hert en siel in teaterkafee yn it Broadway Teater Distrikt. Gol en gastfrij lette en sette se harren gasten en stimulearje deselden dy’t in goai dwaan wolle nei de ivige rom. Yn harren bar-restaurant komme de meast útienrinnende figueren, dy’t allegearre harren winsken en idealen koesterje. De Súdafrikaanseke Soloman Mantutu hopet bygelyks in bekend skriuwer te wurden en Megan Woods is fan doel as aktrise yn it fuotspoar fan har mem te treden, mei dit ferskil, dat sy hopet wol troch te brekken as aktrise. de eksintrike Rayleen en har swijsume partner Charles komme ek geregeldwei yn it restaurant en de bekende komyk Mickey Fox fiert der syn saaklike besprekkingen. Hy is oan it kafee ferslingere, dat neat ha moat fan glamour en opkloppe hip gedoch. Mar alle gasten ha sa wol harren redenen om harren oan dit bysûndere plakje yn it Broadway Distrikt te hechtsjen.

Lestige leafde op in lette middei

Barney Cashman is sânenfjirtich jier en hat him de lêste trijentweintich jier gedroegen as in treflike heit en echtgenoat. Hy wol lykwols ek wol es de fruchten plukke fan de seksuele revolúsje en noeget achter elkoar in oan roken, drinken en seks ferslaafde frou, in flipte wurkleaze nachtklupsjongeres en de depressive frou fan syn bêste freon út yn it appartemint fan syn mem. It slagget him net om mei ien fan dizze trije froulju yn bêd te bedarjen. Alle ôfspraken rinne dea yn einleas gepraat en tsjin de tiid dat er genôch ûnderfining opdien hat om in frou te fersieren, bliuwt er noch mar ien frou oer dy’t er útnoegje kin: Thelma, syn eigen frou.

It fanke fan hjirneist

jAndy en Norman jouwe tegearre it tiidskrift ‘Fallout Magazine’ út. Norman skriuwt de teksten, Andy is de útjouwer en soarget foar de abonneminten. Allinne rint it net sa bêst. Se ha grutte jildsoargen en ek ha se al yn gjin tiden hier betelle. Dêrom moat Andy ferplicht hast alle jûnen mei de húsbaas út, frou Mackininee. Dan komt der in moaie blonde jonge blom Sophie yn it appartemint neist harren te wenjen, wêrtroch’ t alles feroaret. Mei Norman is gjin lân mear te besilen sûnt sy der wennet. Hy skriuwt net mear en rjochtet syn hiele libben op har yn, alhiel tsjin de sin fan Andy fansels. Norman rjochtet sels de teleskoop dy’t op harren keamer stiet, op it rút fan Sophie, sadat neat him ûntkomt. Dit rint fansels út op bargebiten, want Sophie is al ferloofd en sil meikoarten trouwe mei Luitenant Burt Fenneman. Dan blykt dat Sophie har lichaamlik oanlutsen fielt ta Andy. Krekt as se elkoar de earste tút jouwe komt Norman der yn. It draait út op fjochtsjen. Dêrnei ha se beide in seare earm en giet Sophie werom nei wêr’t se weikommen is. Mar net echt. By eintsje beslút geane se mei syn trijen fierder mei it útjaan fan ‘Fallout’.

De iene leagen is de oare net

Twa susters, dy’t by elkoar ynwenje, Claire en Dora, binne yn alles elkoars tsjinpoal. Dat docht ek wer bliken op de jûn dat dit stik spilet. Claire is oerdeis nei in begraffenis west en Dora nei in brulloft. Dora kleit dat se op it feest gjinien tsjinkommen is, mar Claire lykwols is op de begraffenis in âlde leafde, Piter, tsjin it liif rûn. De susters binne lekker oan it bekfjochtsjen at Piter bellet dat er Claire dyselde jûns noch sjen wol. Claire strûpt hastich wat oars oan om der goed út te sjen at Piter komt. Mar earst komt lykwols harren eksintrike mem ûnferwachts en let op’e jûn noch op besite, om, sa’t se seit, in goed stik fleis foar harren te brieden. De beide susters dogge oars neat as elkoar min meitsje tsjinoer mem. Dora seit bygelyks dat Claire swanger is, mar ynstee fan dit te ûntkennen, seit Claire dat it wier is, allinne om har suster ôf te troevjen.
At Piter komt makket mem dêr út op dat hy de heit is. De iene nei de oare leagen, in grut tal misferstannen en in frjemde gearrin fan omstannichheden foarmje de basis foar dizze fleurige komeedzje.

Finzen op fjirtjin heech

Mel sjocht it net mear sitten. Hy is syn baan kwyt en fjochtet as in dwylsinnige tsjin de dingen dy’t der om him hinne gebeure. De luchtfersmoarging hat alle planten op syn balkon fermoarde; de muorren fan syn appartemint bin sa tin dat it leafdesleven fan de beide Dútske stewardessen neist him in iepen boek is, en syn appartemint wurdt leechstellen at syn frou even nei de winkel is. Syn psychiater giet dea wylst er foar de man syn konsulten al 23000 dollar delteld hat. Wat dogge je yn sa’n gefal. Je krije in senuwynsinking. En dat oerkomt Mel dus ek. Mar tegearre mei syn frou Edna sil Mel fjochtsjen bliuwe tsjin de delgong fan de maatskiplike wearden.

Oan’ e ein fan de simmer

Burt Hines, dy’t in hertkwaal hat, bringt mei syn dochter Josie en syn húshâldster Clemma foar de lêste kear de simmer troch yn syn twadde húske yn Pennsylvania. Hy hat al ferskate hertoanfallen achter de rêch en gjinien hat dan ek de yllúzje dat er noch lang libje sil. Josie nimt dit har mem kwea ôf, omdat sy tinkt dat de hertoanfallen feroarsake wurde troch in brutsen hert. At har mem op fersyk fan Burt it wykein útfanhûs komt, ferwyt Josie har in kâld spultsje mei har eks – man te spyljen, mar de werklikheid is wol wat komplekser. Yn itselde wykein komme der ek noch wat potinsjele houlikskandidaten del foar Josie, en Clemma, dy’t foar dit hieltyd grutter wurdende selskip it iten organisearje moat, wurdt konfrontearre mei de man dy’t har sân jier ferlyn sitte litten hat. Doch hat se nettsjinsteande de drokte de tiid om Josie, dy’t se as in dochter beskôget, it setsje te jaan dat noadich is om it mei har mem yn ‘t lyk te breidzjen