De prinses en de wite wolf
Der wie ris in prinseske dy troch in belofte fan har heit mei in wite wolf mei moast. It wie in bysûndere wite wolf mei in geheim. Troch in betsjoening is er oerdeis in wolf en jûns in prins. It prinseske ferklapt it geheim en de wite wolf ferdwynt omdat er no foar altyd in wolf bliuwe moat. Mar se hâld fan de wite wolf en beslút him te sykjen. Dagenlang rint se troch it bosk, komt se ferskate persoanen tsjin dy’t har helpe om de wite wolf te finen. As se him úteinlik fûn hat, is it te let. Troch in spreuk fan de trollekening sil er mei in trolleprinses trouwe, kin er har net mear en wit er net mear wa’t er sels is. Soe hy wer in jonge prins wurde en bliuwe se far ivich by inoar? En kinne je ek kieze wat je wêze wolle?
Dit stik liket op “Belle en it bist” mar dan oars. De personaazjes kinne troch jonges en famkes spile wurde. De tekst kin dan oanpast wurde. Kening wurdt dan keninginne, bygelyks. Ek kin in jonge in prinses/fee spylje of in famke in kening/prins. In prins(es) kin trouwe mei in oare prins(es), ensfh. De winsk om in wolf te wêzen is eigentlik in winsk om te wêzen wa atst wêze wolst. En sa kinst ek kieze foar dyn rol yn dit stik.

