Mama Mia, waspoeier en mafia

Frans Baas is in jonge direkteur fan begjin trittich. Syn heit lit him de waskpoeierfabryknei, der t hy no al in stikmannich jierren de baas fan is. Hy wennet mei syn oansteande Tiffany, yn in lukse filla, Tiffanny is it tsjinoerstelde fan Frans; sy kin net sunder lukse, sieraden en har trouwe betsjinner Diego – in echte Italiaan yn ieren en sinnen mei on foarleafde foar de plezierkes yn it libben – wylst Frans neat om dat alles jout. No ja, jild spilet op dit stuit wol in wichtige rol yn syn libben. de Ekonomyske krisis hat der goed ynhakt en syn fabryk der t hy Waskpoeier Wyt Wunder yn fabrisearret, is omtrint fallyt. Frans is der wis fan dat Tiffanny by him weigiet as sy der achter komt dat alle lukse gau ferline tiid wurdt. De brulloft is al pland en syn skoanalden komme oer ut Australie om harren son in law einlings te moetsjen. Frans wit fan gekkichheid net mear wat er dwaan moat mei de skulden sa heech as in toer en it net te kearen fallisemint. Wannear t hy nei in june trohwurkjes troch de lege loads rint, wurdt hy tsjuge fan in echte drugsdeal. In koffer fol mei jild en kokaine leit iepen en bleat yn de de kofferbak fan in gangsterauto. De drugsdealers, mei lange oerjassen en oant de tosken ta bewapene, binne sa drok oan it underhanneljen, dat se de ferstuivere Frans net sjogge. In drugsdeal yn in fabryksloads? In koffer fol mei drugs en jild? maffiosi mei wapens? Bellet hy de plysje? Ja, soenen jo sizze! Nee, hy beslut yn in flaach fan slochtsinneigens de koffer ut de auto te stellen en sa fluch as er kin nei hus te jeien.

In leafde út Tirol

As Liza nei in skyfakânsje allinne, wer thúskomt, is der neat feroare. Krekt oarsom! De problemen wurde allinne mar grutter. In fereale skylearaar komt har achternei en in húsfreon hat ek grutte plannen mei har. Holpen, no ja ‘holpen’ troch har trouwe help Marga en har bêste freondinne Marian, besyket se oerein te bliuwen mei as gefolch: dolle situaasjes, grutte misferstannen, ellindige foarútsichten en … mei tank oan it begryp fan har hast-eks-man Tony in ‘happy end’.

Mamma mia, waskpoeier en maffiosi

Baas boppe baas yn eigen búk

Peter, studint, hat in sûkeromke dy’t foar syn kolleezjejild en syn kosthûs betellet en him noch in flink bedrach jout foar syn iten en drinken. As omke op besite komt, rekket Peter yn panyk. OM mear jild te krijen hie er omke skreaun dat er trouwe soe en dat slagge: hy krige mear jild. Ek doe’t er sei dat er in poppe komme soe, krige er mear jild.
No’t omke op besite komte moat er soargje foar in frou dy’t yn ferwachting is.
Syn freondinne is net te berikken. Dan freget er de ferloofde fan Frits, syn freon. It is mar foar in oerke, want omke hat dochs net folle tiid om te bliuwen. Mar omke beslút te bliuwen oant nei de befalling. Syn freonen fine dat Peter it mar earlik fertelle moat tsjin omke, mar Peter docht dit net. Oant de befalling begjint en omke Petra yn in taksy nei it sikehûs bringt. Peter moat no de wierheid wol sizze.

De wenarke

De haadpersoanen yn dizze komeedzje sitte al jierren yn in houlikskrisis. Se geane by elkoar wei.
Hy hellet in breidsje út Tailân, sy wol him jaloersk meitsje mei in man út de sportskoalle. mar sa maklik komme se net fan harren eksen ôf. In komeedzje oer leafde, grutskens en oerjefte

It deadlike sliepmûtske

Sarah Redford en Edward Donnington ha de makelerij erfd fan harren heit. Jack Redford, troud mei Sarah, is de direkteur fan dizze makelerij.
Jack is net sa earlik yn syn wurk. Apparteminten stoarte yn ensf..
As Edward it net iens is mei de gong fan saken, fermoardet Jack him. In wurknimmer, Geoffry Curtis, dy’t dien krigen hat en Sarah letter sjantearret, fynt ek de dea. Is er fermoarde?
Jack wurdt op in dei dea fûn, by it swimbad. Hat er himsels te koart dien? Wie der in ynslûper? Hat Sarah it dien? It stik is spannend oan de ein ta.