Peer Gynt

Peer Gynt is it ferhaal fan de doarpsjonge, dy’t bekend stiet as in fantast, dy’t ek noch graach lige mei. Op de brulloft fan syn freon Mads Moen wiist de moaie Solveigh him ôf as er freget oft sy mei him dûnsje wol. Ut frustraasje en stomdronken skaakt er de jonge breid Ingrid en giet mei har de bosken yn. Peer ferlit har algau wer, omdat hy Solveigh net ferjitte kin. Fanwege dizze ûntfiering wurdt er ferballe út it doarp en begjint te swalkjen. Hy libbet leaver yn in fantasijwrâld as dat er de ferantwurdlikheid foar it libben oan gean wol. Solveigh komt wer yn syn libben, mar foardat sy tegearre it gelok fine, wurdt Peer konfrontearre mei syn ferline. Hy giet wer op ‘e flecht op ‘e siik nei rykdom en macht, der’t er altyd fan dreamde. Dizze syktocht bringt him nei fiere lannen. At er ald is fynt er einliks wer’t er al sa lang om socht.

Wat in gekke man…en syn frou dan?

It stik spilet him ôf op trije Krystjûnen, yn trije ferskillende keukens, by trije echtpearen thús. Kostlike dialogen, misferstannen en teloarstellingen. Mislearre yn it libben en karikaturen fan harren sels wurden, trochdat elkenien mei eachkleppen op rint.
Foar de bûtewrâld liket alles perfekt, mar as de maskers ôf falle sjogge wy de echte wrâld. Hjirtroch heart nimmen mear wat der sein wurdt. It is in wrange komeedzje, mar wol in bysûndere.
Fermaaklik en skerp skreaun mei doldryste situaasjes. Der wurdt in spegel foar hâlden en neat is wat it liket.

Wat binne wy moai fuort

Under begeleiding fan in gids nei de binnenlannen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale trip om opskeppe te kinnen by har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou. Henk en Annie, dy’t in priis wûn ha en dêrom de reis meitsje, sjogge der hielendal nei út. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket it reisselskip kompleet. Luciel ergeret har dea oan it hâlden en dragen fan Henk en Annie, twa typen fier ûnder har stân en fan Emma moatte se al hielendal neat ha.
Al gau docht bliken dat it hielendal gjin lúkse fakânsje is, mar in survivaltocht troch de oerwâlden fan Afrika. Foar Luciel in reden om daliks werom te wollen. Spitich, de jeeps dy’t harren brocht ha, komme pas oer in pear wike werom. Oanpasse dus!
At dan ek noch Fred, de gids, ynienen fuort is, dan wurdt it pas echt in tocht..
In komysk en fermaaklik blijspul dat spile wurde kin yn in ienfâldich te meitsjen dekor.

Mei sturt en earen

Fokje fûtert altyd op har puberjende bern. Se seit dan ek faak: ‘Ik krij noch in sturt fan jim of ik krij in puntholle.’
En ja hear, se krijt in knine-sturtsje en knine-earen. Mar allinne sysels en har mem sjogge it.
En de hûnen blaffe hieltyd nei har

What’s a woman

Antsje en Boukje binne twa sjongende suskes. Boukje is de leadsjongeres en Antsje sjongt al of net mei in achtergrûnkoarke. Boukje krijt de measte oandacht en Antsje is bot jaloersk.
Boukje hat in ferhâlding mei harren manager Nico, mar syn frou komt it te witten. As Boukje te hearren krijt dat Nico troud is, jout se him dien. Mar se hie it witte kinnen: se falt altyd op troude manlju.
Se wol ek net mear sjonge, Antsje moat it mar allinne dwaan. Antsje sjit hjirtroch sa yn’ e stress, dat se in hertoanfal kriget?
Johan, in sikehûsbroeder dy’t op’ e hertôfdieling wurket, sjocht dat it hyperfentilaasje is. Hy helpt Antsje mei it sykheljen en as Antsje wer by steat is te sjongen, giet it optreden dochs wer troch

Fjochtsje om leafde

Gigi en Hugo wienen earder troud en wienen beide grutte stjerren op it toaniel. Nei’t Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in regisseur se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om se safier te krijen dat se wer tegearre op’ e planken ferskine. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels.
De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By einsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

Twastriid

Twa susters treffe elkoar yn de wachtkeamer fan de notaris. Se diele in ferline mar binne tsjinpoalen wurden en ha elkoar mar sa no en dan de lêste jierren sjoen. As se elkoar ferplicht nei de dea fan harren heit by de notaris wer sjogge, wurde net allinne âlde wûnen wer iepenhelle, mar stiet har ek noch in ferfelende ferrassing te wachtsjen.

Werom

In troud pear sil skiede. Se sjogge werom oer hoe’t it safier kommen is. Se ha har soantsje ferlern en se ferwurkje dat ferskillend. Sy stoart har op it wurk en hy siket treast by de buorfrou.

Falskspilers

It stik giet oer in operetteferiening dy’t “The beggars opera” opfiere wolle. De repetysjes ferrinne lang net sûnder problemen. Neist de hieltyd wer weromkommende problemen mei de rolbesetting, is der sprake fan gekonkel, rabberij en amoereuze ûntwikkelingen. Slagget it de regisseur fan it selskip, dy’t maklik op de kast sit, om de foarstelling op ’e tiid ôf te krijen? En wat wol elkenien doch fan de nije toanielspiler?

De sonde fan Haitze Holwerda

De Sonde fan Haitze Holwerda is ’n samenspel tussen de Frise graidboer út Blessum en drie ongetiders fan ’t Bildt. Derin komme de twee werelden fan Ulbe fan Houten bijnander: syn jeugd in de graidhoek en syn latere leven op ’t Bildt. Feerder speule kristlike en soasiale eleminten ’n belangrike rol. Ok de ôfstand tussen boer en erbaaier loopt as in rooie draad deur’t ferhaal.

De laits fan Izebaits

Yn it lân fan Keninginne Izebaits is wolfeart en rykdom.
Mei har soannen, Drip, Drup en Drop, in trijeling, soe se hiel gelokkich wêze moatte.
Hoe ’t it sa kommen is wit net ien, mar Keninginne Izebaits kin net mear laitsje. Dêr hat se in soad fertriet fan en is sels sa mismoedich, dat oaren yn har Ryk ek net mear laitsje meie. Ek har eigen bern net.
Dan betinkt Spion in snoad plan. Sûnder dat Izebaits it wit, docht hy as is er de Keninginne en stjoert alles en elkenien, ek it leger nei it Bûtenlân ta. De Bûtenlanners soene de Laits fan de Keninginne grif stellen ha.
Syn bedoeling is dan troch mei de Keninginne te trouwen, sels Kening te wurden.
Gelokkich pakt it aventoer wat oars út en komt alles wer op syn poatsjes telâne.

Bungalow 847

In troud pear hat in priis wûn, in fakânsje yn in bungalow. De mem fan de man giet ek mei, dan is de frou bûn en hy hat de hannen frij. Der komt noch in stel yn deselde bungalow. Mei de frou fan dit stel hat er in ferhâlding en der komt ek noch in hoerke del.
Dochs is de man net lokkich, hie er it mar noait útmakke mei syn earste leafde.
Syn frou en de man fan it twadde stel litte net langer mear gewurde wat harren partners dogge en begjinne tegearre in relaasje.
Dan komt de earste leafde fan de man op it toaniel, komt it dan dochs noch goed?

Moatte, altyd mar moatte

Sinteklaas wol net mear wurkje. Hy wol mei pensjoen. Hy wol net altyd mar moatte.
Mar dat kin fansels net, Sinteklaas kin net ophâlde. Se betinke fan alles en úteinlik krije se Sinteklaas dochs sa fier dat er net mei pensjoen giet.

De Glystergeast

Janne komt yn it mearkebosk telâne. Se leaut der net yn, mar dochs is it wier. Om der wer út te kommen, moat se trije opdrachten útfiere:
– Ried de namme fan de haadgeast en do wurdst net opiten.
– Stel it each fan de trije bline heksen en se sille dy mei rêst litte.
– Ferbaarn it toverboek fan de tovener en do bliuwst in minske.
Sil it Janne slagje om dizze opdrachten út te fieren? Leaut se no wol yn it mearkebosk?

Baas boppe baas yn eigen búk

Peter, studint, hat in sûkeromke dy’t foar syn kolleezjejild en syn kosthûs betellet en him noch in flink bedrach jout foar syn iten en drinken. As omke op besite komt, rekket Peter yn panyk. OM mear jild te krijen hie er omke skreaun dat er trouwe soe en dat slagge: hy krige mear jild. Ek doe’t er sei dat er in poppe komme soe, krige er mear jild.
No’t omke op besite komte moat er soargje foar in frou dy’t yn ferwachting is.
Syn freondinne is net te berikken. Dan freget er de ferloofde fan Frits, syn freon. It is mar foar in oerke, want omke hat dochs net folle tiid om te bliuwen. Mar omke beslút te bliuwen oant nei de befalling. Syn freonen fine dat Peter it mar earlik fertelle moat tsjin omke, mar Peter docht dit net. Oant de befalling begjint en omke Petra yn in taksy nei it sikehûs bringt. Peter moat no de wierheid wol sizze.

De wenarke

De haadpersoanen yn dizze komeedzje sitte al jierren yn in houlikskrisis. Se geane by elkoar wei.
Hy hellet in breidsje út Tailân, sy wol him jaloersk meitsje mei in man út de sportskoalle. mar sa maklik komme se net fan harren eksen ôf. In komeedzje oer leafde, grutskens en oerjefte

Tafallich

Nei de pensjonearring fan Rein Kramer barre der frjemde dingen. Alderearst baarnt syn hûs ôf, noch foardat er der yn wennet.
Yn it hûs dat er dan hiere kin wurdt fan alles fûn: drugs, in frjemde poppe, in usb stick mei berneporno..
Is it allegearre tafallich of wol ien him der yn lúzje?

Wat in opskuor

Germaine hat in freon, Floor. Mar heit fynt him net goed genôch foar har. It is in suertsje. Komt it goed as Floor úteinlik foar wat opskuor soarget?

Maitiid

In ‘feel good’ toanielstik wêryn’t de ûngewoane leafdesskiednis ferteld wurdt fan trije minsken dy’t elk harren eigen geheim mei harren meidrage. Marja en Martin komme mei elkoar yn’ e kunde op it tsjerkhôf. Wylst se by de grêven van harren beminden steane wurde se ferrast troch de gefoelens foar elkoar. It ‘maitiidsgefoel’ sa as Marja it neamt: opnij fereale wurde op in leeftyd as je it net mear ferwachtsje. Mar dan blykt der noch in frou te wêzen, Stella, dy’t al jierren in rol yn Martin syn libbet spilet en dy’t net fan doel is om har plak samar ôf te stean oan in oar. ‘Maitiid’is in toanielstik mei humor, oandwaaning en sprankeljend as de maitiid sels.

Wat in opskuor

Germaine hat in freon, Floor. Mar heit fynt him net goed genôch foar har. It is in suertsje. Komt it goed as Floor úteinlik foar wat opskuor soarget?