Omke Edward is gefaarlik

Edward Broekaart is fabrikant yn ûnderguod en docht alle war om in miljoen slipkes oan it leger te sliten. Der is haast by de transaksje, mar de húsfeint, net op’e hichte mei Edward syn saken, sâltet de boekhâlder ôf, omdat er fan betinken is dat syn baas yn alle rêst syn moarnsbrochje ite moatte kin. Edward, dochs al min te sprekken omt syn frou mei in fikse kater op bêd leit, wurdt no alhiel gysten. As er dan ek noch in brief mei in pikante ynhâld yn har taske fynt, is er breinroer. Mar hy moat fuort. Dan docht bliken dat Anne Marie de jûns tefoaren oan’e jui west hat mei in hege ome fan it leger. Dat is, hoe kin’t ek oars, de kolonel dy’t oer de slipkes giet. It wurdt in spektakel fan komsa, mar oan’e ein fan’t stik komt elk aardich oan syn/har trekken.
Tige geskikt foar in fleurige jûn.

De babyfergunning

In jong troud pearke is net fan doel om tegearre te bliuwen. Dêr binne se net sels baas oer, want de Wet dy’t de befolkingsgroei beheine moat, seit, dat se dêr in fergunning foar ha moatte.
Moai wurdt út de doeken dien hoe dreech as saken geane as men yn’e hannen fan ambtners bedarret. Der giet hast in jier oerhinnefoar dat de oanfraach goedkard is.
De jongelju binne dan sa sêd fan alles, dat se mar ôfsjogge fan it bern-krijen.
Se fertsjinje beide en keapje earst in auto en nije meubels.
Yn dit stik wurdt in tige aktueel tema oansnien: de oerbefolking.

Minder as in hûn?

Paul Radelaar, learaar oan de akademy, hat blaaskanker. De dokter en húsfreon Hugo Moens seit dat in operaasje needsaaklik is, de blaas moat der út. Mar Paul wol dit net, hy wol net mei in sekje op it liif troch it libben. Earst liket it goed te gean en Paul giet wer oan’t wurk. Mar samar ynienen slacht de tumor ta en is it libben fan Paul net mear te rêden. Syn frou Ria helpt him út it lijen.
KOMMINTAAR:
In ienakter mei in tema fan dizze tiid, kanker en eutanasy. Yn in stik as wat sênes wurdt beskreaun hoe’ de pasjint, syn frou en de dokter, allegear op harren eigen wize, mei de sykte fan Paul omgean. In útdaging foar in ploech mei trije goeie spilers. Ek de man fan de beljochting sil der mei nocht oan wurkje.

GD