Kabel en tou

Abe en Jelle Troelstra binne uterlik in kopy fan elkoar. Sa hat it altyd west en sa is it noch ûntdekt Abe as hy nei 25 jier weromkomt op it fabryk. Mar sa gelyk as se oan de bûtenkant binne, sa grut is it ferskil yn karakter. Jelle, no direkteur fan Troelstra Tou is ûnferskillich, kâld en saaklik. Abe is oars en aaiber, is ek de artyst fan de twa. De dichter, sjonger, produsint, pianist, is 25 jier lyn nei Noarwegen utpike doe’t hy der achter kaam dat broer Jelle syn freondinne Doet ynpikt hie. Noait hat Abe wer thús west en neat hat hy fan him hearre litten. No is hy werom, syn dochter hat hy by him en Abe sjocht dat der in protte gelyk is oan eartiids. Doet is der ek noch en de moaie Bea Tonnema komt net allinne foar Jelle.

Pake Brûsstien

De pakesizzers ha heit en mem, dy’t fjouwer wike op fakânsje binne, krekt útwiuwd en se tinke dat se it ryk allinne ha, mar dan komt pake útfanhûs. Dat is in tsjinfaller, mar ek wer net, want se binne drok mei de tarieding fan de playback. Homburg, de heit fan ien fan de freondinnen leit dwers en pake bemuoit him der ek mei. Gjin wrâldskokkende gebeurtenissen, mar lêstige opskuor yn it brûzjende libben fan dizze freondinnen.

Klontsjes

Trije kear in date foar Atze Dimmen. Moai fansels, mar sa betiid hie er se net ferwachte. En dan bringt ien fan de dames ek noch in bern mei dat net fan harsels is. Boppedat hat it bern in boadskip mei: ‘As heit liet hy it ôfwitte, dan moat er it as pake mar sjen litte.’ Resjersjeur Bokke Jansma, broer fan ien fan de date’s, moat helpe om it riedsel fan de poppe op te lossen. Dat docht er op syn eigen bokkige wize. In stik mei humor, kompetysje, spanning, gedichten en klontsjes. Foar alle spilers in rol om hielendal yn op te gean en der is fan alles út te heljen.

Tuskentiidteater

Trije freondinnen sille meidwaan oan in playback wedstriid, mar harren auto rekket ûnderweis fan de dyk en slacht oer de kop. Se komme dêrtroch op in “tuskenstik” en moetsje dêr harren twadde persoanlikheid. Om fan it tuskenstik ôf te kommen, moatte se in kompetysje oangean mei harren twadde ik.

Baron Pier

(Baron) Pier is 2e keamerlid, fuotbalgek en skieden fan Truus, dy’t it wat te rêstich waard by Pier. Dochter Paulien komt thús mei Peter om him oan har heit foar te stellen, omt se de moarns krekt mei him troud is. Pier sit op dat stuit mei in freon nei in Europa-Cup finale te sjen en harket mar heal. Paulien forsearret in teeveesteuring, Pier skillet de steuringsstjinst op in wat frjemd 06-nûmer.
Truus komt thús op driuwend fersyk fan Paulien en in adelgekke âlde muoike mei de man komme útfanhûs. Muoike wol ha Pier wil wer trouwe, oars kin er it besit fan it âlde famyljeslot wol ferjitte. Pier wol dan Thea, syn help foar twa moarnen yn ‘e wike, opdrave litte as oansteande, mar ynstee fan har komt der in dame fan in escortburo.
Omke besiket Pier te sjantearjen mei in foto fan dy dame, mar Paulien wit noch wat fan omke.
Op ‘e ein wurde Pier en Truus it wer iens.