De jossen

Yn De Jossen komme jo yn ‘e kunde mei in hecht selskip. In selkip mei in brede skiednis. Fol fertrouwen en enerzjy begjinne se mei harren ritueel. Mei elkoar. As ienheid. As Jossen. Dan bart der wat ûnferwachts….
Jos wol der mei ophâlde. Mar dat sinniget de groep net. Der wurde fragen steld, kanten keazen en noazen brutsen, oant de groep – it is net te kearen – út-elkoar falt. It âlde fertroude hat plak makke foar erchtinken en jildingsdriuw. En de leafde dy’t der wie, liket der net mear te wêzen.

De jossen is in ritmyske energike foarstelling wêryn’t de kracht en de ynfloed fan de groep sintraal stiet – sfeerfol en fysyk, foar jong en âld.

In frjemde fûgel

Arend-Jan sjocht allinne mar nei fûgeltsjes en net nei famkes. Oant er Merel ûndersteboppen rint. Se ferkloft it ankel. Hy fielt him skuldich en bringt Merel nei syn hûs om har dêr te ferbinen.
Syn mem is hielendal oeral as de notaris min nijs bringt.
Mem wol dat Arend-Jan de saak oernimt, de notaris wurdt fereale op ‘e butler, Mem sjocht Merel oan foar koerier, beppe tinkt dat Merel in nije help yn ‘e húshâlding is en de butler hat foaral each foar it drankkammenet en de oerbuorfrou….
Koartsein: In frjemde fûgel is in kluchtich toanielstik mei faasje en frjemde fûgels mei ferskillende fearrepakken.

Plezierkes en fertierkes

George, ein fjirtich, wol himsels noch ien kear bewize en besiket dat mei de jonge knappe Janet. Clara, syn frou, hat har fermoedens, mar troch in tal misferstannen tinkt se dat George by de psychiater komt en har dat net doart te fertellen. Dyselde misferstannen soargje der foar dat Niek, it freontsje fan Janet, by Clara komt as de psychiater. Sy rekket al rillegau sjarmearre fan him…
Tige fleurich blyspul, weryn t it spul, yn ien dekor, fluch hinne en wer flitst tusken de twa lokaasjes der t it -gefjocht- him ofspilet.

In hite dei

It giet net goed mei it oannimmersbedriuw fan Albert. In tal manlju hat al dien krigen. Soan Wiebe, dy t itselde berop as syn heit dwaan wol, botste yn it ferline faak mei Albert oer de fisy op t sakedwaan, mar hy wol no wol mei syn heit yn de saak.
We komme der achter werom t syn ferkearing ut is en werom t er net mear fuotballet.
Wiebe is al ut e kast kaam foar syn eksfreondinne Britt en fertelt it no ek oan syn mem. Hy is noch wol bang om it syn heit te fertellen.

It priisknyn

Hy is tige fretterich, byt de hushaldlike help heale fingers of en is kampioen. Mar as de grutske eigner fertelt dat it knyn kampioen wurden is, stiet it knyn al op in sacht pitsje te protteljen.
In spitich fersin, mar hoe makkest dat wer goed en hoe ferklearrest it lege hok? In plakferfanger fan Karolus, in meager skarminkel, bringt gjin oplossing. It komt fansels wol goed, mar der is wol it ien en oar foar nedich.

Learniks

Klabbe wol wol nei skoalle omdat it moat, mar hy wol net leare. Hy wol allinne mar leare wat lekker is.
Hy wol letter masjinist wurde, dus hy makket mei juf Do in trein.
Se geane nei Grutoaljekoekested om oaljekoeken. Klabbe lukt op de hinne en weromreis oan de needrem, hy tinkt dat it in toeter is. Master Jan kriget hjirfoar in boete, om t hy de baas is fan juf Do. Dan wint Klabbe -beukerpoepruftfiersmytwedstriid- en hy betellet de boete. Hy wol dan de rest fan it jild troch 2 diele mar hy wit net hoe t dat moat. Hy begrypt dan doch dat er nei skoalle moat om te learen.

Hjerst yn Schoorl

Elk jier bringe Herman en Paulien van Beem yn de hjerst in pear dagen troch yn it ienfaldige simmerhúske fan syn broer yn Schoorl. It jierlikse útstapke is in fëst beaken yn harren oardere, berneleaze bestean. Yn wat nei alle gedachten harren lêste hjerst yn Schoorl wurdt, mynhear van Beem wurdt nei syn pensioen pleage troch stimmingswikselingen en betizing, sjocht it pear werom op in lang net altyd even maklik ferrûn houlik. De tiid dat se inoar definityf loslitte moatte, komt yn sicht. Mar hoe dogge je dat nei hast fyftich jier tegearre?

Freonen yn frede

It is 5 maaie. Yn in ‘goede’ hushalding mei trije generaasjes komt dan, neist tankberheid, ek ald sear nei boppen. De jeugd wol allinne mar in dei frij en feestfiere. As de buorman komt mei it berjocht dat in man dy’t ‘fout’ wie yn de oarloch in lintsje krije sil, wol pake aksje fiere. Mar as dúdlik wurdt dat de man nei de oarloch alles wer goed makke hat, bynt pake yn.

Kabel en tou

Abe en Jelle Troelstra binne uterlik in kopy fan elkoar. Sa hat it altyd west en sa is it noch ûntdekt Abe as hy nei 25 jier weromkomt op it fabryk. Mar sa gelyk as se oan de bûtenkant binne, sa grut is it ferskil yn karakter. Jelle, no direkteur fan Troelstra Tou is ûnferskillich, kâld en saaklik. Abe is oars en aaiber, is ek de artyst fan de twa. De dichter, sjonger, produsint, pianist, is 25 jier lyn nei Noarwegen utpike doe’t hy der achter kaam dat broer Jelle syn freondinne Doet ynpikt hie. Noait hat Abe wer thús west en neat hat hy fan him hearre litten. No is hy werom, syn dochter hat hy by him en Abe sjocht dat der in protte gelyk is oan eartiids. Doet is der ek noch en de moaie Bea Tonnema komt net allinne foar Jelle.

De skyn ophâlde

Der wurdt in wedstriid roaze kweke organisearre troch it Ingelske Hof. Hyacinth wol in nije roazesoart kweke dy’t hooplik de namme Prins Charles kriget. Se set Richard oan it wurk.
As se útnûge wurdt mei har roas op it paleis fan Kensington, docht se alles om yn ‘e graasje fan Charles te kommen. Mar dan hat se net op de bûnte samling fan har famylje rekkene.

Ite en dûnsje

Minnie is moai, eins fierstente moai, fynt har freon Vogel. Hy kin net oer strjitte mei har, elkenien sjocht. Hy wol eins leaver in lilke freondinne en hy makket it út. Robert krijt in nije sekretaresse, dy’t sa moai is dat by him de midlifekrisis utbrekt. Jo riede it al: Se hjit Minnie. Minnie hat fertriet oer it ein fan har relaasje mei Vogel en Robert treastget har. De frou fan Robert, Mary, twifelt ûndertusken tusken flechtsje en treurje. Want wat dochst ast net lilk, mar wol folle âlder bist?

Terrasklanten

De titels binne 1. Even tuskentroch; 2. Reiske nei it ferline; 3. Sneintemiddei en 4. Time out

De ienakters gean oer hjoeddeiske maatskiplike foarfallen, mei ferrassingen en humor. Jo komme yn ‘e kunde mei (un)gewoane minsken, sa t jo se daagliks tsjinkomme. Se fertsjintwurdigje in trochsnee fan de maatskippij, der’t fan alles bart.

Sis es Aa

Sa as altyd bart der fan alles yn it hûs fan de dokter. Gert-Jan komt thús út Kurasao en nimt in boltsjeslokker mei. De mem fan Mien Dobbelstien is flechte út ‘e Boei en siket ûnderdak. En Wieb komt der ek yn stowen, is by John weigien. Koartsein, ien en al gaos, mar wol gesellich, sa ’t we wend binne fan dizze komedianten. In jûntsje âlderwetsk genietsjen.

Mei de assistinte fan dokter Van der Ploeg

Gert-Jan, de soan fan Lydie van der Ploeg, hat de dokterspraktyk fan syn mem oernommen. Hy hat no ek syn soan Pim yn ‘e hus.
Yn e wachtkeamer fan de dokter sitte froulju yn burka’s, der wurdt in moslimjonge – soe dat in soan fan Pim wêze – as fûnling foar de doar lein en it giet oer terreurdriging. De multikulturele foarstelling sil yn alle gefallen goed yn ‘e smaak falle by jong en âld.

Gryp it libben

Kees sjout met in âld koffer oer de strjitte. As er Pyt, in âlde freon fan him, tsjinkomt fertelt er him dat er de wrâld yn wol om te sykjen nei passy yn syn libben. Pyt, net ien fan de snoadsten, tink dat de koffer fol jild sit. Hy besiket de koffer yn hannen te krijen en hy is net de iennichste. Uteinlik set Kees ôf sûnder koffer, mar mei syn frou. De bút sil ferparte wurde tusken trije gadingmakkers, mar wat der út de koffer komt is net nei ferwachting.

Erfskip

Auke Staal ervet it âld hûs fan syn omke. Hy hat omke foar de oarloch foar it lêst sjoen. Doe wie it altyd feest as omke kaam.
Hy mei iens it hûs noch net yn, earst moatte twa mânlju it hûs leechromje. Auke wachtet hjir net op.
No’t er it hûs fan omke ervet, wit er net wat er fan omke tinke moat. Wie omke dan sa oars as Auke earstiids tocht? Wie omke in NSB-er? En wat hat omke syn foarrige buorman oandien? Oan de ein fan it stik bliuwt der net folle goeds fan omke oer.

By ús op it streekje

Ast krekt ferhuze bist, is it moai as de nije buorlju ek in hân mei útstekke. Dat jout in bân foar jierren. Sa fielt Anette dat ek as se yn har nije hûs lûkt yn in keurich buertsje. Sa is der Audrey, de buorfrou, dy’t net inkeld meihelpt mar dy’t ek in protte ynformaasje oer oare buorlju hat. En Fred, dy’t ek noch net salang op it streekje wennet, mar dy’t mei faasje de tún fan de nije buorfrou oanpakt. En fansels is der Evert, dy t neist buorman ek plysje-ynspekteur is. Sa’n man yn de buert te hawwen is fansels altyd in pree. In fijn streekje huzen, der’t minsken noch foar elkoar opkomme. It liket skoan. Mar oft it Ritueel foar it wolkom no wier inkeld in formaliteit is?

It apepoatsje

In echtpear kriget op in reinige middei besite fan in âld-militêr, dy’t in mysterieus geskink meibringt. As it echtpear it kado oannimt binne de gefolgen ferskriklik en wylst se besykje it kwea te kearen, komt der allinne mar mear ellinde.

Helpferliening

Keunstner Henk van Riebeek wol graach in grutte opdracht bemachtigje en hat alles der foar oer om yn de geunst te kommen by de opdrachtjouwer Rudolf Karsemeijer. Sekretaresse Marjolein regelet in ôfspraak, der’t Henk syn freondinne Annet ek by wêze sil. Mar hokker rol spilet Annet? Wa helpt wa om te soargjen dat Henk dizze opdracht kriget?

Kassavesjips

Kassavesjips is in fleurich toanielstik oer en foar it jongfolk. Els út Nederlân wol graach meidwaan oan de musical fan skoalle mar dat mei net fan har heit. Baba út Afrika hat de haadrol yn dy musical krigen, mar moat der dingen dwaan dêr’t er eins gjin nocht oan hat. It leafste soed er gûchelje wolle, mar dat mei net. Fia alderlei yntriges docht Els úteinlik doch mei yn de musical, kin Baba gûchelje yn de musical en wurde Els en Baba freonen.