It begûn by de brege

It spilet yn in ynrjochting.
Der sitte jonge minsken dy’t eins net nei bûten doarre. Op in dei komt der in nij famke, dat har sels te koart dwaan wol by in brêge. Lieke is bang dat har âlders net akseptearje wolle dat se lesbysk is.
Nei in filmke op YouTube fan Anne dy’t in liet sjongt wylst se klean oan hat dy’t ien fan de oare pasjinten, Pascal, ûtwurpen hat, feroaret der wat.
Anne wol no sjonge en har sjen litte oan de wrâld, Pascal sil by Gucci oan it wurk.

Famylje

Henk Jan hat him ferloofd mei Anika. Dat dielt hy mei oan syn famylje. De famylje wurdt der kjel fan, want it famke hat net sa’n goeie ynfloed op Henk Jan. De famylje besiket him der fan te oertsjûgjen dat hy brekke moat mei Anika. De famylje sjocht dat Anika him der fan wjerhâldt dy dingen te dwaan dy’t er echt wol, lykas piloat wurde. In stik oer doare te kiezen foar wat je echt wolle.

Diagnoaze B.E.R.N.

Tom is in jonkje mei in protte fantasij. En dat moat ek wol, want hy is wol gauris allinnich thús.
Syn heit en mem binne altyd oan it wurk en dêr binne se tige grutsk op. Under iten prate se ek inkeld mar oer harren wurk. En se harkje alhiel net nei elkoar.
Tom sit mar wat ferlern by al dat gekeakel. It hûs , dêr’t se yn wenje stiet alhiel oan ’e oare kant fan de stêd en Tom syn maten wenje dus, jawol, krekt oan de oare kant. Ferfelend, as men alteast net sa’n protte fantasij hat as Tom.
As syn âlders der net binne en somtiden ek as se der wol binne, fantasearret Tom hiele ferhalen by elkoar. Syn fantasij is sa grut, dat er alle karakters, alle bisten en meunsters en minsken ek echt sjocht en fielt. Mar syn âlders dus net en dat is hiel spitich, want dan kinne se net meidwaan yn syn ferhalen. Dat dogge se dan ek net!

Om op te fretten

It stik is basearre op besteande ferhalen.
Moaie klassikers, dy’t hjir trochinoar hutsele binne en in nij jaske krigen ha. Tegearre foarmje sy in nij ferhaal.

Wêryn pasteitsjes bakt wurde fan minskefleis, manlju en froulju inoar de holle gek meitsje en it skjintme-ideaal foar swiete koeke slikt wurdt.
Wat der ek bart: de pasteitsjes, de swiete koeke en de froulju en manlju binne allegearre om op te fretten. Oant se dat net mear binne, fansels…

Stijn hat flinters yn ‘e bûk

Stijn en Ine binne fereale. Stijn fielt him eins net sa lekker en kriget spul mei Ine. Yn it sikehûs komme se derachter dat er diabetes hat. Stijn skammet him hjir foar en fertelt dit allinnich oan syn freon Bart.
Werner dy’t ek by Stijn yn ‘e klasse sit, sjocht dat Stijn ynsuline ynspuitet en hy fertelt de klasselearaar dat Stijn drugs brûkt.
As Stijn dan ek noch in kear in hypo kriget, wurdt alles oer diabetes noch in kear goed útlein yn it sikehûs. Stijn en Ine prate it út en hawwe gjin rûzje mear.

Kassavesjips

Kassavesjips is in fleurich toanielstik oer en foar it jongfolk. Els út Nederlân wol graach meidwaan oan de musical fan skoalle mar dat mei net fan har heit. Baba út Afrika hat de haadrol yn dy musical krigen, mar moat der dingen dwaan dêr’t er eins gjin nocht oan hat. It leafste soed er gûchelje wolle, mar dat mei net. Fia alderlei yntriges docht Els úteinlik doch mei yn de musical, kin Baba gûchelje yn de musical en wurde Els en Baba freonen.

De weddenskip

Eksamenfeest 1978. Janne, Hermien, Fenna en Aukje ha der sin oan. Fjouwer freondinnen, fan jongs ôf oan al by inoar. Nei it einfeest sille se elk in oare kant út gean. Mar freondinnen, dat sille se altyd bliuwe…. of doch net? Hoe ’t in weddenskip in freonskip beynfloedzje sil…

Pake Brûsstien

De pakesizzers ha heit en mem, dy’t fjouwer wike op fakânsje binne, krekt útwiuwd en se tinke dat se it ryk allinne ha, mar dan komt pake útfanhûs. Dat is in tsjinfaller, mar ek wer net, want se binne drok mei de tarieding fan de playback. Homburg, de heit fan ien fan de freondinnen leit dwers en pake bemuoit him der ek mei. Gjin wrâldskokkende gebeurtenissen, mar lêstige opskuor yn it brûzjende libben fan dizze freondinnen.

Opskuor yn de Oase

Agnes, Ineke, Klaas en Marco binne learlingen fan it Ateneum. Omdat der in les útfallen is, ha se in oerke frij en dy tiid bringe se troch yn ‘De Oase’, in ûntspanningsromte yn de skoalle. Marco sit swier yn ‘e problemen. Der stiet foar de middeis in repetysje Frânsk op it programma, dy ’t fan ynfloed is op it einrapport. Marco hat gjin tiid hân him ta te rieden op de repetysje en frezet dan ek foar in dikke ûnfoldwaande. Dat sil dan krekt ien te folle wêze om oer te gean nei de eksamenklasse. Agnes, Ineke en Klaas betinke in snoad plan om Marco oan in goed sifer te helpen. Dat draait út op in spannende ûndernimming mei hilaryske gefolgen.

De myte fan Perseus

Fjouwer bern fertelle en belibje in Grykske myte oer Perseus. In Grykske held dy’t de holle fan in meunster ophelje moat, sadat syn styfheit net mei syn mem trouwe kin.
Slagget it Perseus om it meunster te ferslaan of komt hy noait werom?

Dea Gewoan

De essinsje fan it stik is dat de maatskippij net sa goed wit wat se mei jongeren oan moatte, benammen at de jongeren ‘oars’ binne. It spilet him ôf yn in ynrjochting foar jongerein en yn ‘e himel. De jongeren ha troch de folwoeksenen yn de maatskippij in stimpel krigen omt sy ‘oars’ binne. Mar ‘oars’ wol toch net sizze dat se gek binne. It is in komysk stik mei in serieuze ûndertoan.

Drift

It binne acht koarte ienakters oer seksualiteit. En dan foaral oer de wize dat jongerein en alderein deroer prate en tinke.
Se kinne sawol los fan elkoar as yn ien gehiel spile wurde. Ek de folchoarder kin oanpast wurden. Dûbbel rollen binne mooglik.

Romke en Jeltsje

It is in ferhaal oer leafde en fertriet. In ferhaal oer de leafde ynspirearre op Romeo en Julia
It is in ferhaal oer leafde en fertriet. Oer freonskip, relaasjes en oer famyljeproblemen.
Hiel lang lyn, fier foardat Romke en Jeltsje berne wienen, krige de famylje fan Jeltsje rûzje mei de famylje fan Romke, in echte, fette, mega rûzje! Sa’n rûzje dêr’t de buorlju it jierren letter noch oer ha.
Mar Romke, hoe kin it ek oars, wurdt fereale op Jeltsje. Mar dat mei fansels net, en Romke giet fuort, de wrâld yn.
Troch in fergiftige appel falt Jeltsje yn ’e sliep en se kin allinne mar wekker wurde troch in tút fan Romke. Dêrfoar komt Romke werom, Jeltsje wurdt wekker en se libje noch lang en lokkich.

Kleur makket fleur

Ytsje hat ferkearing mei Govert, dy’t tige jaloersk is. Ytsje is hielendal fereale en ‘blyn’. Jelmer fertelt har syn soargen. Govert sjocht harren. Hy wol Ytsje en ryk wude en sil it wol efkes oplosse. In pakje en tsiental stientsjes beynfloedzje it gehiel.

Kromme teannen

Kees krijt besite fan twa klasgenoaten, dêr’t er de organisaasje fan in skoalfeest mei besprekke wol. De freondinne is fan Surinaamske en de freon is fan Turkske komôf. Kees syn mem (en letter ek syn heit) meitsje gebrûk fan de sitewaasje om harren ‘tolerante’ hâlding tsjinoer allochtoanen merke te litten.

Nee, do bist fleurich

Martin, Lisa en Esther ha by elkoar yn de klasse sitten op de basisskoalle en binne eins de iennichsten dy’t oerbleaun binne fan in grutte ploech en noch mei elkoar befreone binne.
Mar, sa as de measte freonskippen, driget ek dizze te ferwetterjen.
Dit komt mei omdat Martin bekend wurden is as Rick út de televyzjesearje ‘ Vallen en opstaan’ en oare belangen hat. Hy fynt syn freonen fan eartiids minder wichtich en tinkt allinne oan himsels.
Hy sjocht lykwols net yn dat er hjir mei dwaande is.
It stik begjint mei ein reuny dy’t krekt ôfrûn is. Martin hat tasein dat hy dêrby wêze soe, mar hy hat net west.
Lisa en Esther ha goed de smoar yn dat Martin harren wer ris sitte litten hat.

De oppas

De pensjonearre generaal Otto en syn frou sille in jûntsje út. Se ha Jan-Jaap útnoege om op de bern te passen. De generaal twivelt oft Jan-Jaap wol geskikt is foar soks. Mar och, wat kin der eins ek barre op sa’n rêstige jûn yn it stille plakje Breedvliet?

Fakânsje

Fakânsje is in koarte ienakter foar de jongerein, en spilet him ôf op in camping
Der komt in mem mei twa dochters op ‘e camping en it is dúdlik dat dizze
minsken hjir net thús hearre. De mem is in hystearysk minske dy’t noch nea
op in camping west hat en de bern hawwe wakker de gek mei har.

Beppes ûngemakje

Dit stik nimt ús mei werom nei 1960, nei in tiid doe’t de jongerein it net sa krekt naam, en frije seks gewoan wie.
Beppe Jitske belibbe dizze wylde tiid mei har freonen yn en om in park earne yn de grutte stêd.
Durk Slofstra, in jonge fan it plattelân, komt yn de stêd om foar dûmny te learen. Hy lit him, foar in
koarte tiid, ferliede ta it hippie wêzen sûnder yn de gaten te hawwen wat der fan komme kin.
As de beppesizzers jierren letter by tafal yn de kunde komme mei de wylde jierren fan harren beppe
komt it hiele ferhaal op it aljemint.