In himel op ierde

Kerst en Sjoukje Haitsma hawwe ien dochter, Jel, dy’t alhiel ûnder ‘e tsjoen is fan Arjen. Arjen is in man fan frijheid, frije leafde, frij libje en bestean fan wat de natuer leveret. Har âlden nimme dat, ta Jel har fernuvering, hiel kalm op.
As Arjen by harren oan hûs komt, fertelle se de jongelju dat se al jierren sabeare-boartsje en beide stikem in relaasje bûten it houlik hawwe. Jel is ferbjustere en efkes letter stjoert se Arjen fuort.
As har âlden Jel fertelle dat se allinne hjoed mar sabeareboarte ha út goederbêst, dan docht bliken dat Jel út de sânde himel wer mei beide skonken op ‘e grûn stiet.

Op slach fan seizen

De widdo Treede wurdt troch har trije dochters ûnderholden. It noasket dizze froulju min, dat harren mem der in húshâldster op nei hâldt dy’t tige bretaal is. As se dan te witten komme, dat it hâlden en dragen fan harren mem de lêste tiid net troch de mesken kin, stelle se prikken yn ’t wurk om de âlde frou yn in tehûs opnimme te litten. Dan komt foar harren de grutte ôfdijer!
Mem fertelt dat se harsels wol rêde kin. Se hat in djoer skilderij ferkocht en is de dochters net mear brek. Boppedat hat se by testamint harren folslein ûnterfd. Se koe dat dwaan, om’t de froulju har iegen bern net binne.
Wa’t dan al harren mem is? Wol, de bretale húshâldster, dy’t yn ’t ferline acht jier finzenisstraf útsitten hat.
Moraal: dy’t heech sjocht, stjit de teannen.

In wrâld sûnder manlju

Carla is sjoernaliste en wurdt troch de krante nei de gelearde Madame Pavel stjoerd, om’t dy wichtich nijs foar de wrâld hat. Carla is wurch, se hat de hiele nacht yn’t spier west en kin de eagen kwalik iepen hâlde. Madame kundiget oan, dat se mei ien druk op in knop alle manlju op’e wrâld ferneatigje sil. Sûnder manlju sil de wrâld der frijwat better útsjen, neffens har. In tal froulju dy’t it mei har iens binne, sille dit bjusterbaarlik barren meibelibje.
Nei de druk op’e knop docht bliken, dat der troch in ûnbekende faktor X noch ien manspersoan oerbleaun is. De froulju wurde ûnrêstich en de iene nei de oare spilet fan ruten om dat seldsume eksimplaar te sykjen. Se kinne der sa’t liket dochs net sûnder….

Russyske aaien

Jane, de frou fan George, is net sa tefreden mei har libben; materieel ûntbrekt it har oan neat en George is wiis genôch mei har, mar dochs…. Jane fynt it libben mar wat in sleur, der bart noaitris wat spannends. En dan dochs: op in jûn komt der in man oan ‘e doar dy’t stofsûgers ferkeapet – seit er -. Letter seit er dat er in Russyske prins is en Jane rekket alhiel ûnder de betsjoening fan syn moaie ferhalen: de sensaasje stiet libbensliif by har yn ‘e keamer. Mar fansels hat ek dizze medalje twa kanten, want de prins blykt lid fan in ynbrekkersbinde te wêzen en as dan ek noch syn kompanen Olga, ‘it reade gefaar’ en Snitz, ‘de ferskriklike’ troch de doar komme, wurde Jane en George deabenaud. Mar dan…. wurdt George wekker, it wie in boaze dream en as Jane dan wer seit: “Hjir bart noait wat”, seit George út ‘e grûn fan syn hert: “Gelokkich net!”
Dream en wurklikheid binne yn dizze ienakter keunstich trochinoar flochten.