Ite en dûnsje

Minnie is moai, eins fierstente moai, fynt har freon Vogel. Hy kin net oer strjitte mei har, elkenien sjocht. Hy wol eins leaver in lilke freondinne en hy makket it út. Robert krijt in nije sekretaresse, dy’t sa moai is dat by him de midlifekrisis utbrekt. Jo riede it al: Se hjit Minnie. Minnie hat fertriet oer it ein fan har relaasje mei Vogel en Robert treastget har. De frou fan Robert, Mary, twifelt ûndertusken tusken flechtsje en treurje. Want wat dochst ast net lilk, mar wol folle âlder bist?

Gryp it libben

Kees sjout met in âld koffer oer de strjitte. As er Pyt, in âlde freon fan him, tsjinkomt fertelt er him dat er de wrâld yn wol om te sykjen nei passy yn syn libben. Pyt, net ien fan de snoadsten, tink dat de koffer fol jild sit. Hy besiket de koffer yn hannen te krijen en hy is net de iennichste. Uteinlik set Kees ôf sûnder koffer, mar mei syn frou. De bút sil ferparte wurde tusken trije gadingmakkers, mar wat der út de koffer komt is net nei ferwachting.

By ús op it streekje

Ast krekt ferhuze bist, is it moai as de nije buorlju ek in hân mei útstekke. Dat jout in bân foar jierren. Sa fielt Anette dat ek as se yn har nije hûs lûkt yn in keurich buertsje. Sa is der Audrey, de buorfrou, dy’t net inkeld meihelpt mar dy’t ek in protte ynformaasje oer oare buorlju hat. En Fred, dy’t ek noch net salang op it streekje wennet, mar dy’t mei faasje de tún fan de nije buorfrou oanpakt. En fansels is der Evert, dy t neist buorman ek plysje-ynspekteur is. Sa’n man yn de buert te hawwen is fansels altyd in pree. In fijn streekje huzen, der’t minsken noch foar elkoar opkomme. It liket skoan. Mar oft it Ritueel foar it wolkom no wier inkeld in formaliteit is?

Sa earlik as goud

“Jild makket net lokkich, mar it is noflik om te ha”, in bekende útspraak,
dy’t benammen jildt foar Bram Guldenmond. Bram, begûn as
glêzewasker, dy’t floitsjend en sjongend troch it libben sylde, is no
direkteur fan in “echt” skjinmakbedriuw: “De Gouden Spûns BV”.
Holpen troch syn fûleindige wyfke Brenda, syn wat sleauwe sweager
Sjaak en dy syn rabbelskûte Sjaan, krije se de iene nei de oare tsjinslach.
Oant se, samar, in dikke priis mei in bonus winne. Se binne út de niten!
Mar dat KIN net, want noch Bram noch Brenda hat oait in lot hân fan dy
lotterij.
It jild is der dan wol, mar foar hoelang? Wannear wurdt it werom frege?
Stipe troch Wendy, in relaasjebehearster fan Bram syn bank, en Hetty, in
PR-meiwurkster en finansjeel adviseuze fan de “Telebelshow”, groeit de
saak fan de iene op de oare dei as slaad. De swierrichheden rane fuort as
snie foar de sinne.
Mar binne se sterk genôch om de wielde oan te kinnen?? Brenda en ek
Sjaan sitte der oer yn. Is dat terjochte?
In moderne komeedzje, dy’t driget út te rinnen op in trageedzje en dy’t
úteinlik in kluchtige draai kriget en mei in ”Ein goed, alles goed” as
kostlik skouspul-mei-ynhâld, sûnder mis in grut tal opfierings belibje sil.
In lot út ’e lotterij.

Swerffûgels

Marjolein nimt de ympulsive stap om te swerven, se wol fuort út har rike bestean yn de Van Baerlestrjitte. Se komt in swerver tsjin en rekket mei him oan’ e praat. Hy leart har de knepen fan it fak, mar hy freget him wol ôf oft it libben op strjitte net te swier foar Marjolein wurdt. Wurdt se in echte swerffûgel of wurdt se in trekfûgel dy’t wer werom giet nei it âlde nêst?
Ien ding wit se wol: it ein is pas yn sicht ast gjin nij begjin mear meitsje kinst.

Sûker

Annabel Gispen is in pommerante by in ynternasjonaal bedriuw, dat sûker makket.
Se is troud mei Eelko: Eelko is de húsman en ferfeelt him. Harren soan hyt Jan en de dochter Mel. Op it stuit dat we yn de kunde komme mei de famylje wit Eelko fan ferfeling net mear wêr ’t er it sykje moat, hat Mel in “identiteitskrisis” en sit Jan op swart sied. Dan wurdt der oanskille. Mefrou Sis(sink), de húshâldster, dêr’t sa’n stik net sûnder kin, docht de doar iepen en Winnifred den Oudsten komt der yn stoarmjen. Se siket om in listlûker foar har nije politike partij; “Hup Holland”. In partij, dy’t him yn “Jip-en–Janneke-taal op de feiligens fan de boargers rjochtsje sil en op de swierrichheden mei de yntegraasje. Op it lêst nimt Eelko dit listlûkersskip op him en hy besaut him oer de frjemde hobby ’s fan syn nûmer twa.
Wilens is der ek in famyljelid fan mefrou Sis by “huze Gispen” oankommen: dochter Rafaëlla. Rafaëlla hat om dúdlike reden 2 jier út ’e rûlaasje west en nei alle gedachten is it dêrom dat mefrou Sis har namme net iens útsprekke wol. Rafaëlla wrot har yn de húshâlding fan de listlûker fan: “Hup Holland” en se kriget in bân mei syn beide bern.
Dan giet it hurd. Annabel nimt in “focking sabbatical” by de sûkerfabryk, om’t se troch har man syn politike ambysjes net wurkje kin. Ynienen binne de beide bern ûnder fertochte omstannichheden ferdwûn. Winnifred wurdt betrape op it manljus-húske (RTL-boulevard hat der bylden fan), Eelko ûnderfynt dat ek “Jip-en-Janneke-taal” net altyd like dúdlik is, Mel har identiteitskrisis fynt syn ein yn ’e earmen fan Donald Duck, Jan ruilet syn ferslaving om. “Hup Holland” giet nei gychem en Winnifred driget harsels tekoart te dwaan. Mar as by ’t einbeslút de reekwolken oplûke, liket der net in protte oars wurden te wêzen… Of dochs??

Brutsen iis

It spilet him ôf op it dek fan de ‘Maria Stuart’, in lúks cruiseskip mei foaral bejaarde minsken dy’t allinne binne. Elk hat sa syn eigen reden om ûnderdiel te wêzen fan it komfortabele driuwende bejaardehûs. Dochs wurdt der wol in protte lake en as it iis ien kear brutsen is, leit sels de romantyk op de loer. Der wurdt dronken, dûnse en songen, mar efter de fasade fan it ‘dolce far niente’ ferskûlet him ek de tiidgeast dy’t it âlder wurden net altyd like maklik ferrinne lit. ‘Brutsen iis’ is in echte komeedzje mei in protte humor en oandwaanlike mominten.